Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Begjinnersgids

Dit is de snelle gids foar Hattrick. Foar ynformaasje yn mear detail ferwize wy dy nei de hânlieding.

Dyn rol

Do bist de manager, en bist de baas oer alles oangeande de klup. Do planst taktiken en bepaalst de strategy, nimst besluten oer trening en selektearrest hokker spilers spylje. Do keapest en ferkeapest spilers, ynvestearrest yn ferbetteringen fan dyn stadion, en noch folle mear.


Jild

Jild is belangryk, dus tink goed nei oer wêr'st it oan útjouwst. In goed startadvys is om gjin jild út te jaan oant datst witst wat belangryk is, en wêr'tst it jild brûke kinst om it bêste effekt te beheljen.

Do fertsjinnest jild troch wedstriden, sponsers, fans en de ferkeap fan spilers, en do brûkst jild foar útjeften oan spilerssalarissen, personiel, stadionûnderhâld - mar ek oan ynvestearingen yn nije spilers en stadionferbetteringen.


Spilers

Nim de tiid om dyn spilers en harren feardigens kennen te learen. Klik op de feardigenskoppelings om te sjen wêr't se har befine op de skaal. Dyn trener hat ek dyn belangrykste spilers (nei syn miening) foar dy keazen om dy op wei te helpen.

De measte spilers brûke úteinlik meardere feardigens, mar tidens de start fan dyn karriêre is it makliker om dy te rjochtsjen op de haadfeardigens:


Posysje Haadfeardigens
Doelferdigener Doelferdigenjen
Ferdigeners Ferdigenjen
Sintrale middenfjilders Posysjespul
Wjukspilers Wjukspul
Oanfallers Skoaren

Wedstriden

In Hattrick-seizoen duorret 16 wiken: 14 kompetysjerûndes, in wike mei kwalifikaasjewedstriden en in wike sûnder kompetysjewedstriden. Do spilest kompetysjewedstriden yn it wykein; beker- en oefenwedstriden wurde midwyks spile. As der ien ding belangryk is foar dy as manager, is it om wedstriidoarders te jaan foar dyn wedstriden.

Soargje der ek foar datst eltse wike in oefenwedstriid regelst, atst net yn de beker spilest. Dat kinst ienfâldich dwaan fia de oefenpot. It spyljen fan oefenwedstriden soarget derfoar datst mear spilers per wike trene kinst, en om foarút te kommen is it tige belangryk om dyn trening te maksimalisearjen.


Wedstriidbasis

Ienfâldich foarsteld wurdt de wedstriidsimulaasje yn trije stappen dien. Yn eltse helte wurdt in oantal oanfallen útfierd:

  • Dyn middenfjild nimt it op tsjin dat fan dyn tsjinstanner om oanfallen te krijen, de sterkste fan de twa hat mear kâns om de oanfal te krijen. It posysjespul op dyn middenfjilders is it belangrykste foar dyn middenfjild.
  • As dyn middenfjild in oanfal "wûn" hat, wurdt bepaald wat foar type oanfal it is (oer links, rjochts, troch it midden of in frije traap).
  • Dyn oanfal foar dat gebiet wurdt dan fergelike mei de ferdigening fan dyn tsjinstanner yn dat gebiet. It skoaren op dyn oanfallers is it belangrykste, foaral foar sintrumoanfallen, wylst it wjukspul op dyn wjukspilers dyn wjukoanfallen flink helpt.

Trening

Trening is dyn belangrykste middel om dyn ploech te ferbetterjen, en it is in goeie manier om jild te fertsjinjen (dêroer hjirûnder mear).

Foar dyn nije ploech riede wy dy oan om ien "haad"-feardigens, lykas doelferdigenjen, ferdigenjen, posysjespul of skoaren, te kiezen, en dy in skoft te trenen foardatst feroarest nei wat oars.

De effekten fan de trening wurde ien kear per wike tapast. Om in spiler folledich trene te litten, moat hy yn dy wike 90 minuten op in bypassende posysje spile ha. Mear as 90 minuten spylje sil him gjin ekstra treningseffekt jaan. Dus om folledige posysjespultrening te krijen, moat in spiler as sintrale middenfjilder spylje, om skoaren te trenen moat hy as oanfaller trene, ensfh.


Oerstappen

Do keapest nije spilers op de oerstapmerk, dat is ek wêr'st dyn eigen spilers ferkeapje kinst. In goed advys is om weardes op it "oerstapfergelyk" te besjen, om in idee te krijen fan hoefolle in bepaalde spiler oer it algemien kostet.


Personiel

It oannimmen fan personielsleden kin helpe om dyn klup op ferskate wizen te ûntwikkeljen. Assistinttreners fersnelle bygelyks de trening, en kinne in prima earste kar wêze foar in nije ploech. Hoe feardiger in personielslid is, hoe heger syn salaris wêze sil. Tige feardige personielsleden kinne frij djoer wêze, dus bliuw by harren wei oant dat'st der wis fan bist dat'st harren nedich hast. Do kinst mear ynformaasje oer personiel fine yn de hânlieding.


Stadion

Der sil in tiid komme wêrop'st dyn stadion útwreidzje wolst, mar in goeie tip is om dat pas te dwaan neidatst regelmjittich dit stadion útferkeapest. It is sûnde fan it jild om dat earder te dwaan.


Jongerein

It sykjen fan dyn eigen jongerein is in leuke manier om nije spilers by dyn ploech te heljen, mar omdat der wat kosten oan ferbûn binne, advysearje wy dy om te wachtsjen oant datst in better begrip fan it spul hast, sadatst net samar jild fuortgoaist.


Strategy foar ploechopbou

Foar in nije ploech is in goeie strategy om te bouwen foar de takomst, ynstee fan dy te rjochtsjen op de koarte termyn. De takomst fan dyn ploech is fan de jongere spilers, dus in goed advys is om dyn ploech om harren hinne te bouwen. Soms kin it sels ferstannich wêze om dyn bêste spiler te ferkeapjen, om jild binnen te heljen om jongere talinten oan te lûken.

Rjochtsje dy op trening, en bouw ien diel fan dyn ploech tagelyk. Lit dyn bêste spilers yn de kompetysjewedstriid spylje, en keapje in pear "trainees" (jonge spilers, aardich-bêst yn de feardigens dy'tst treenst), puur om yn oefenwedstriden te spyljen, om harren feardigens omheech te trenen. Yn it begjin fan dyn karriêre is it gjin min beslút om ek yn dyn kompetysjewedstriid (oare) trainees op te stellen, atst dy dat tastean kinst. Dizze trainees kinne letter (wannear't harren feardigens in pear nivo's stiigd binne) ferkocht wurde foar (hooplik) in heger bedrach as wêrfoar'tst se kocht hast - wat dy mear jild jout om dyn ploech fierder te fersterkjen.

Brûk (yn elts gefal yn oefenwedstriden) wedstriidformaasjes om dyn trening te maksimalisearjen. Atst bygelyks skoaren treenst, is it wiis om minstens ienris per wike in formaasje te spyljen mei 3 oanfallers - dan krije mear spilers de folledige trening. En atst ferdigenjen treenst, spylje dan yn in formaasje mei 5 ferdigeners.


 
Server 070