Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Nasjonale ploegen

Yn Hattrick, krekt as yn 'e echte wrâld, binne d'r nasjonale ploegen dy't tsjin elkoar konkurrearje. Mar by Hattrick wurdt de coach fan de nasjonale ploech fan dyn lân troch dy keazen! Elk Hattrick-lân hat in Nasjonale Ploech, lykas ek in U21-team mei spilers fan 21 jier of jonger. Dit betsjut dat elk lân twa nasjonale coaches hat, beide keazen troch de mienskip. De Wrâldbekerformat feroare yn Seizoen 77 (17 Jannewaris 2021).

Nasjonale Ploech kompetysjes

De Nasjonale ploegen stride tsjin inoar yn trije ferbûne toernoaien. De Kontinintale Kampioenskippen, de Nations Cup en de eigentlike Wrâldbeker. De kompetysjesyklus oerspant twa seizoenen. It begjint mei de Kontinentale Kampioenskippen foar lannen út Europa, de Amerika's, Afrika en Aazje-Oseaanje en einiget mei de Wrâldbeker.

De Nations Cup is in werkânsingstoernoai foar ploegen dy't de Wrâldbeker net berikke ha en wurdt parallel spile mei de Wrâldbeker.

Kontinintale Kampioenskippen

Elke Nasjonale Ploech yn Hattrick wurdt in plak yn harren Kontinintaal Kampioenskip garandearre. Dizze Kontinintale Kampioenskippen wurde spile yn groepen fan 6 ploegen. Groepen wurde foarme op basis fan de Nasjonale Ploech Ranglist (sjoch hjirûnder).

De Kontinintale Kampioenskippen hawwe in Round-Robin-format (dûbele wedstriden - thús en út) en duorret 10 wiken mei de kwartfinales, heale finales en finales yn 'e lêste wike.

De bêste 8 ploegen fan elts kontinint, basearre op har posysje, punten, doelferskil en doelpunten skoart sille kwart, heale finales en finales spylje, wylst de rest fan 'e Nasjonale Coaches op freeds harren oefenwedstriden planne kin. De winner wurdt beneamd as Kontinentale Kampioen, en wurdt in gouden trofee útrikt. Sulveren en brûnzen trofeeën wurde útrikt oan de ploegen dy't 2e, respektivelik 3e en 4e einigje.

Wrâldbeker

De Wrâldbeker begjint yn wike 13 fan it earste seizoen en duorret foar de rest fan seizoen 1 en it hiele seizoen 2. It is ferdield yn 5 rûndes, folge troch heale finales en finale.

96 teams dogge mei oan Rûnde 1 yn 16 groepen fan 6 ploegen yn in Round-Robin-format. De earste 4 fan elke groep sil trochgean nei Rûnde 2, wylst de rest útskeakele is.

Rûnde 2 sil 16 groepen hawwe fan 4 ploegen yn in Round-Robin-format en de earste 2 fan elke groep sille trochgean nei Rûnde 3.

Yn Rûnde 3 hawwe wy 8 groepen mei 4 ploegen wêr't se yn in neutraal stadion ien wedstriid spielje tsjin elke tsjinstanner en de top 2 fan elke groep giet troch nei Rûnde 4.

Rûnde 4 en rûnde 5 sille respektivelik 4 en 2 groepen hawwe mei 4 ploegen. Eltse ploech sil ien kear tsjin de oaren spylje yn in neutraal stadion en de top 2 fan eltse groep giet troch nei de folgjende fase.

Sawol de heale finales as de finale wurde spile yn neutrale stadions. De winner fan 'e finale wurdt Wrâldkampioen neamd, en wurdt in gouden trofee útrikt. Sulver- en brûnzen trofeeën wurde útrikt oan 'e runner-ups.

Foar eltse rûnde sille de ploechsfear en it fertrouwen folslein of foar in part weromsetten wurde nei de standertwearden. As de hjoeddeistige ploechsfear bygelyks op nivo 9 is en de standertwearde is 5 mei de weromset fan 80%, dan sil yn ploechsfear ôfnimme mei (9 - 5) * 0,8 = 3.2 nivo's. Weromset en middelpuntwearden foar de deistige updates, foar sawol Ploechsfear as Fertrouwen binne 5.0.

Nations Cup

Ploegen dy't tidens de Kontinentale Kampioenskippen net slagje harren te kwalifisearjen foar de Wrâldbeker, sille spylje yn' e Nations Cup, dy't neist de Wrâldbeker plakfynt. Dit toernoai wurdt spile yn it Switserske toernoai format (lykas de Supporterwike-beker).

Dit is net allinich in treasttoernoai, mar kin wichtich wêze foar lytsere ploegen, om't de finale ranglist yn 'e Nations Cup brûkt wurdt foar de lotting fan it folgjende Kontinentale Kampioenskip. Oan it ein fan' e Nations Cup, tidens de heale finales en finale fan 'e Wrâldbeker, sille de top 8 ploegen in knockout-toernoai hawwe en de winner kriget in priis.

Tidens de Nations Cup kinne spilers net blesseare reitsje, mar kaarten wurkje lykas yn elk toernoai. De formaasjeûnderfining yn opstellingen wurdt oarnommen út de Kontinentale Kampioenskippen en kriget krekt as oars updates nei eltse Nations Cup wedstriid.

De winner wurdt de Nations Cup trofee útrikt.

Wrâldbeker kwalifikaasje

96 ploegen gean troch fanút de Kontinintale Kampioenskippen nei de Wrâldbeker

Elk kontinint hat harren eigen Wrâldbeker-plakken, dy't wurde takend oan de bêst pleatste ploegen yn elke groep fan 'e Kontinintale Kampioenskippen-groepsfase. Sa't wy sjen kinne yn 'e tabel hjirûnder, hat Europa 32 plakken, Aazje-Oseaanje 21 plakken en Afrika en de Amerika's 12 en 20.


Kontinint Totaal oantal ploegen Wrâldbeker plakken
Europa 48 32 (4 promoasjes / groep)
Aazje-Oseaanje 42 21 (3 promoasjes / groep)
Afrika 24 12 (3 promoasjes / groep)
Amerika 30 20 (4 promoasjes / groep)

In oantal Wildcards sil útrikt wurde oan ploegen dy't harren net direkt fia de groepsfase fan 'e Kontinintale Kampioenskippen kwalifiseare. Mei 11 beskikbere Wildcards, sille de bêste 22 ploegen dy't net yn oanmerking komme foar de Wrâldbeker, basearre op harren punten, doelferskil en doelpunten skoart yn 'e groepsfase, selekteart wurde foar in Wildcard Playoff.

Yn 'e Wildcard Playoff sil de ploech mei de heechste rang (in ranglist basearre ek op eardere Wrâldbeker-resultaten) spylje tsjin de ploech mei de leechste rang, en de ploech mei de twadde heechste rang tsjin de ploech fan' e twadde leechste rang, ensafierder. De Playoff wurdt thús en út spile, mei in folsleine weromset fan Ploechsfear en Fertrouwen foar de earste wedstriid. Yn gefal fan in lykspul sil de twadde wedstriid ekstra tiid en strafskoppen hawwe.

Nasjonale Ploech Ranglist

Elke nasjonale ploech hat in eigen rang dy't brûkt wurdt foar de lotting fan 'e groepen fan' e Kontinintale Kampioenskippen. De lêste 5 seizoenen hawwe ynfloed op dizze ranglist, mar it effekt ferfalt yn 'e rin fan' e tiid, wat betsjut dat de âldste optredens minder effekt hawwe op 'e ranglist.

D'r binne 3 faktoaren dy't de ranglist beynfloedzje: it resultaat fan elke wedstriid (M), it belang fan 'e wedstriid (I) en hoe sterk de tsjinstanner wie (T). Spesifyk is de formule dy't brûkt wurdt om de ranglist te berekkenjen as folgjend: P = M x I x T


Wedstriidresultaat (M) Punten Wedstriidbelang (I) Punten
Oerwinning 3 Wrâldbeker Heale finale/Finale 4
Lykspul 1 WK eardere rûnden 2.5
Ferlies 0 Kontinintale Finales 3
Oerwinning Strafskoppen 2 Kontinintale eardere rûnden 2
Ferlies Strafskoppen 1 Nations Cup 1
Oefenwedstriden 0

Foar de fariabele T, lûke wy de posysje op de ranglist fan de tsjinstanner ôf fan it getal 250.

Dêrnei is de definitive ranglist it gemiddelde oantal punten (P) fan 'e lêste 5 seizoenen, mei in weging fan 100%, 70%, 50%, 30% en 20%, it hjoeddeistige seizoen telt foar 100% en 4 seizoenen lyn as 20%. De Ranglist wurdt nei elke wedstriid bywurke.

Kontinintaal Kampioenskip lotting

Wy brûke de Nasjonale Ploech Ranglist foar it gearstallen fan de potten foar de lotting fan it Kontinentale Kampioenskip. De earste posysje fan eltse groep wurdt altyd reservearre troch de topploegen, wêr't groep 1 de top 1-ploech kriget, groep 2 de twadde ploech ensfh. Derneist hawwe wy 5 potten, ien foar eltse posysje yn 'e groep fol mei de rest fan' e ploegen sorteare op basis fan harren posysje op de Ranglist. Bygelyks yn 't Amerikaansk Kampioenskip hawwe wy 5 groepen fan 6 ploegen. De earste posysjes fan eltse groep wurde ynfold troch de top 5 ploegen op basis fan harren posysje op de Ranglist. Dan kin de twadde posysje ynfold wurde troch ploegen 6 oant 10, de tredde posysje troch ploegen 11 oant 15 ensfh. By ús live lotting wurkje wy sa troch alle groepen, oant alle potten leeg binne en alle groepen befolke.

Wrâldbeker lotting

De einposysje fan in ploech yn 'e groepsfase fan' it Kontinintaal Kampioenskip sil it plak fan dizze ploech bepale yn 'e Wrâldbeker Lotting. D'r binne 16 groepen yn 'e earste ronde fan' e Wrâldbeker, en de earste ploech foar eltse groep wurdt automatysk keazen. De bêste Europeeske ploech út 'e Kontinintale Kampioenskippen (EUR#1 yn' e tabel hjirûnder) sil altyd de earste ploech wêze die keazen wurdt foar Groep 1, en de ploech die op 8 einige is yn 'e Amearikas sil altyd de earste ploech wêze die keazen wurdt yn Groep 16.

As ienris ien ploech oan eltse groep tawiisd is, wurde alle oare ploegen selektearre mei in live lotting. De ranglist út it Kontinintaal Kampioenskip is noch tige wichtich, mar ynstee fan direkt oan in groep te wurden tawiisd, wurde ploegen yn potten set. As wy trochgean nei de tabel hjirûnder, yn 'e kolom foar "Ploech 2", sille fjouwer ploegen yn' e earste pot pleatst wurde. Dit binne de ploegen dy't yn 'e ranglist stean op 8 yn Afrika, 7 yn Afrika, 6 yn Afrika en 5 yn Afrika. Fanút dizze pot wurde se as twadde team tawiisd oan respektivelik Groepen 1, 2, 3 en 4. 4 nije ploegen wurde yn 'e twadde pot opnommen en lotte foar groepen 5, 6, 7 en 8. Dit proses giet troch oant alle 6 ploegen keazen binne foar alle 16 groepen.

It systeem is yn grutte lijnen deterministysk, en soarget derfoar dat wy net alle bêste ploegen út 'e sterkste regio's yn deselde groep krije kinne. Mar tagelyk woene wy ek in willekeurich elemint hâlde, sadat managers net al tidens de Kontinintale Kampioenskippen bepale kinne hoe't de ferskate groepen yn 'e Wrâldbeker d'r útsjen sille, om't dit feroarsaakje kin dat guon ploegen wedstriden mei opset ferlieze om in bettere lotting te krijen yn de Wrâldbeker. It makket de live lotting ek folle leuker.


Groep Ploech 1 Ploech 2 Ploech 3 Ploech 4 Ploech 5 Ploech 6
1 EUR#1 AFR#8
POT#1
AME#9
POT#5
AZO#16
POT#9
EUR#17
POT#13
W#11
POT#17
2 EUR#2 AFR#7
POT#1
AME#10
POT#5
AZO#15
POT#9
EUR#18
POT#13
W#10
POT#17
3 EUR#3 AFR#6
POT#1
AME#11
POT#5
AZO#14
POT#9
EUR#19
POT#13
W#9
POT#17
4 EUR#4 AFR#5
POT#1
AME#12
POT#5
AZO#13
POT#9
EUR#20
POT#13
W#8
POT#17
5 EUR#5 AFR#4
POT#2
AME#13
POT#6
AZO#12
POT#10
EUR#21
POT#14
W#7
POT#18
6 EUR#6 AFR#3
POT#2
AME#14
POT#6
AZO#11
POT#10
EUR#22
POT#14
W#6
POT#18
7 EUR#7 AFR#2
POT#2
AME#15
POT#6
AZO#10
POT#10
EUR#23
POT#14
W#5
POT#18
8 EUR#8 AFR#1
POT#2
AME#16
POT#6
AZO#9
POT#10
EUR#24
POT#14
W#4
POT#18
9 AME#1 AZO#8
POT#3
AME#17
POT#7
EUR#16
POT#11
EUR#25
POT#15
W#3
POT#19
10 AME#2 AZO#7
POT#3
AME#18
POT#7
EUR#15
POT#11
EUR#26
POT#15
W#2
POT#19
11 AME#3 AZO#6
POT#3
AME#19
POT#7
EUR#14
POT#11
EUR#27
POT#15
W#1
POT#19
12 AME#4 AZO#5
POT#3
AME#20
POT#7
EUR#13
POT#11
EUR#28
POT#15
AZO#21
POT#19
13 AME#5 AZO#4
POT#4
AFR#9
POT#8
EUR#12
POT#12
EUR#29
POT#16
AZO#20
POT#20
14 AME#6 AZO#3
POT#4
AFR#10
POT#8
EUR#11
POT#12
EUR#30
POT#16
AZO#19
POT#20
15 AME#7 AZO#2
POT#4
AFR#11
POT#8
EUR#10
POT#12
EUR#31
POT#16
AZO#18
POT#20
16 AME#8 AZO#1
POT#4
AFR#12
POT#8
EUR#9
POT#12
EUR#32
POT#16
AZO#17
POT#20

EUR: Europa
AME: Amerika
AFR: Afrika
AZO: Aazje / Oseaanje
W: Wildcard plak

Ferkiezings

Ferkiezings wurde hâlden oan it begjin fan it seizoen, begjinnend de twa dagen nei de Wrâldbekerfinale. Elk twadde seizoen kiest de nasjonale coach en elk twadde seizoen kiest de U21 coach. Elke coach wurdt keazen foar 2 seizoenen, en einiget syn termyn sawat in wike nei de Wrâldbekerfinale. Tink derom dat do Hattrick spylje moast foar minstens 1 seizoen om stimme te kinnen by de ferkiezings foar 'e Nasjonale Ploech.

Stimkrêft

Do kinst mar ien kear yn in ferkiezing stimme. Dizze stim kin lykwols ekstra gewicht krije by it tellen fan 'e stimmen. Dit systeem fan stimkrêft beleanet ynset en aktiviteit, mar de wichtichste reden dêrfoar is om it dreger te meitsjen om ferkiezings te manipulearjen.

As do in lokale klup bist, krigest dyn earste stim nei 1 seizoen yn it spul. Do ûntfangst in twadde nei 5 seizoenen yn it spul, in tredde nei 10 seizoenen, en in fjirde nei 15 seizoenen. Lokale ploegen kinne op dizze manier yn totaal 4 stimmen krije.

As do in ekstra klup hast yn in oare kompetysje (útsein Hattrick International), krigest dyn earste stim nei twa seizoenen en in twadde en lêste senioriteitsstim nei 10 seizoenen.

Alle brûkers krije ek maksimaal twa aktiviteitsstimmen, ôfhinklik fan hoe aktyf har klupbehear west hat. Wy sille net krekt útlizze hoe't dizze wurkje, om it dreger te meitsjen om se te manipulearjen, mar se binne ûntwurpen om hiel maklik berikber te wêzen foar elts normaal behearde klup, mar hiel saai om te berikken as do in tal falske klups oanhâldst. Tink derom dat do as brûker net it krekte gewicht sjen silst dat dyn stim hat, wy sille allinich de prinsipes efter it systeem útlizze.

De nasjonale ploech seleksje

De nasjonale coach selekteart maksimaal 26 spilers (út ploegen mei echte eigners), frij út alle spilers mei de goeie nasjonaliteit. U21-spilers moatte lykwols op syn minst 19 jier âld wêze en spilers fan 'e Nasjonale Ploech op syn minst 22 jier âld. Ienkear selektearre, kin de coach deselde ynformaasje sjen foar de nasjonale ploech spilers as do sjochst foar dyn eigen ploech.

Elke nasjonale ploech hat syn eigen formaasjeûnderfining en foarôfgeande oan elts Kontinintaal Kampioenskip en Wrâldbeker hawwe nasjonale coaches sawat in wike om te besluten hokker 6 formaasjes formidabele ûnderfining hawwe sille, wylst de oare formaasjes begjinne sil op min. De seleksjeperioade begjint op de deis fan de ferkiezingsútslach oant de weromset fan Ploechsfear en Fertrouwen deis foar de earste wedstriid foar Kontinintale Kampioenskippen en yn wike 12 oant de dei fan de Ploechsfear en Fertrouwen weromset yn wike 13.

It hawwen fan in spiler yn 'e nasjonale ploech

As ien fan dyn spilers foar de nasjonale ploech útkomt, is syn mooglikheid om foar dyn ploech te spyljen ûnfermindere fan krêft. Ynterlâns en klupwedstriden wurde op ferskillende dagen spile, dus do kinst him altyd brûke. Wedstriden foar de nasjonale ploech jouwe dyn spiler gjin trening, hy rint lykwols it risiko dat hy blesseare rekket by it spyljen foar de nasjonale ploech.

As dyn spiler in wedstriid mei de nasjonale ploech spilet, binne d'r ferskate foardielen foar dyn klup:

- Do krigest in salarisreduksje fan 33% of 40% fan it salaris fan 'e spiler, ôfhinklik fan oft hy respektivelik yn in bûtenlânsk team of yn syn heitelân spilet.

- De spiler kriget in soad ûnderfining. De hoemannichte ûnderfining dy't se krije, ferskilt foar elk wedstrydtype en yn ôfnimmende folchoarder hawwe wy de heale finale en finale fan' e Wrâldbeker, de oare Wrâldbekerwedstriden en dan de Kontinintaal Kampioenskip Kwartfinale, Heale finale en Finales. Dernei de oare Kontinintaal Kampioenskipswedstriden, de Ynterkontinentale Beker en úteinlik de oefenwedstriden fan de nasjonale ploech.

- As in spiler blesseare rekket en it fjild ferlitte moat yn in wedstriid foar syn nasjonale ploech, sil de klup in kompensaasje krije fan 100% fan syn basissalaris kear it skatte oantal wiken dat ferwachte wurdt dat de blessure duorje sil. De kompensaasje komt neist de reguliere salarisreduksje.

Sûnt oefenwedstriden van nasjonale ploegen net deselde yntensiteit hawwe, is it risiko op blessueres de helte fan dat yn normale wedstriden.

Tink derom dat fan dy ferwachte wurdt de nasjonale ploegen net te ûnderminen troch dyn spiler(s) fan de nasjonale ploeg te sabotearjen. De National Team Administrators, yn lêste ynstânsje, hawwe it rjocht om spilers op de oerstapmerk te pleatsen yn it gefal fan sabotaazje.

Ast deroer tinkst dy kandidaat te stellen foar de baan, of ast mear ynformaasje wolst, riede wy dy oan om de regels foar nasjonale ploegen te lêzen.

Wrâldbeker Programma - Seizoen 1

Wk Moa Tii Woa Ton Fre Sneon Snein
1 Ferkiezings Stimmen Ferkiezings Stimmen Ferkiezings Stimmen Ferkiezings Stimmen Ferkiezings Stimmen/Live Lotting
/Oefenwedstriden
Ferkiezings Stimmen Ferkiezings Stimmen
2 Ferkiezings
Resultaten
- - - Oefenwedstriden - -
3 - - PS/FT Weromset 100% weromset - KK Wedstriid 1 - -
4 KK Wedstriid 2 - - - KK Wedstriid 3 - -
5 KK Wedstriid 4 - - - KK Wedstriid 5 - -
6 - - - - KK Wedstriid 6 - -
7 - - - - KK Wedstriid 7 - -
8 - - - - KK Wedstriid 8 - -
9 - - - - KK Wedstriid 9 - -
10 - - - - KK Wedstriid 10 - -
11 - - - - KK Kwartfinales - PS/FT Weromset 100% weromset
(Allinnich Wildcards)
12 KK Heale FinalesW Wedstriid 1 - - - KK FinaleW Wedstriid 2 - Live Lotting
13 - - PS/FT Weromset 100% weromset - WB R1 Wedstriid 1 - -
14 WB R1 Wedstriid 2 - - - WB R1 Wedstriid 3 - -
15 - - - - WB R1 Wedstriid 4 - -
16 - - - - WB R1 Wedstriid 5 - -

Wrâldbeker Programma - Seizoen 2

Wk Moa Tii Woa Ton Fre Sneon Snein
1 - - - - WB R1 Wedstriid 6 - -
2 - - - - WB R1 Wedstriid 7 - -
3 - - - - WB R1 Wedstriid 8 - -
4 - - - - WB R1 Wedstriid 9 - -
5 - - - - WB R1 Wedstriid 10 - -
6 - - PS/FT Weromset 80% weromset - WB R2 Wedstriid 1 - -
7 WB R2 Wedstriid 2 - - - WB R2 Wedstriid 3 - -
8 WB R2 Wedstriid 4 - - - WB R2 Wedstriid 5 - -
9 - - - - WB R2 Wedstriid 6 - -
10 - - PS/FT Weromset60% weromset - WB R3 Wedstriid 1 - -
11 WB R3 Wedstriid 2 - - - WB R3 Wedstriid 3 - -
12 - - PS/FT Weromset 40% weromset - WB R4 Wedstriid 1 - -
13 WB R4 Wedstriid 2 - - WB R4 Wedstriid 3 - -
14 - - - - WB R5 Wedstriid 1 - -
15 WB R5 Wedstriid 2 - - - WB R5 Wedstriid 3 - -
16 WB Heale Finales - - WB Finale - -

KK: Kontinintaal Kampioenskip
WB: Wrâldbeker
W.: Wildcard
PS: Ploechsfear
FT: Fertrouwen
 
 
Server 081