Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Hulp »   Hânlieding »   Yntroduksje 

Yntroduksje

Dit is de hânlieding foar Hattrick. Foar in snellere yntroduksje yn it spul giest nei de begjinnersgids.

Hattrick is in spul dêr'tst in firtuele fuotbalploech nei gloarje liede meist, yn in striid mei oare dielnimmers fan oer de hiele wrâld.

Hattrick is in ienfâldich spul, it is maklik om de basis te begripen. Do kinst sels Hattrick spylje ast dy mar ien of twa kear per wike oanmeldst (mar wy hoopje dy folle faker te sjen). De útdaging is net om it spul te ferslaan, de útdaging is de kompetysje mei oare dielnimmers. Under it striden wurde in protte dielnimmers freonen, en dat makket Hattrick ek in sosjaal spul.

Dyn taken

Do ferfollest de taken fan sawol manager as klupeigner. Do stippelest de taktiken en strategy út, bepaalst wat der treend wurdt en selektearrest de wedstriidseleksje. Do keapest en ferkeapest spilers, ynvestearrest yn ferbetteringen fan it stadion en folle mear. Om sukses te hawwen is in goed advys om in goeie lange-termyn-strategy te foarmjen, en in plan te meitsjen foar de lange termyn. Sukses en gloarje komme dy fansels net samar oanwaaien.

Dyn nije ploech

Ast de lieding oer dyn klup nimst, hat de klup krekt in leech plak krigen yn ien fan de twa leechste divyzjes yn it Hattrick-kompetysjesysteem. Om dyn klim omheech te begjinnen krijst in ploech mei spilers (dêr't guon talint fan ha, guon faaks wol net), in stadion en wat jild as hulp. No is it tiid datsto dyn magy toanst.

Meitsje dy net drok om twivel as it giet om it wizigjen fan de namme fan dyn ploech. Do kinst altyd tusken twa seizoenen yn de namme fan dyn ploech wizigje, it kostet dy allinnich wol 10 000 US$ oan wedstriidsklean en marketingmateriaal ensafh dy't feroare moatte wurde. Dêrneist silst ek 3% fan dyn die-hard fans ferlieze omdat se dy net ferjouwe kinne datst ôfstân dochst oan de âlde namme.

Regio en waar

Dyn ploech spilet yn in regio, wierskynlik in regio dêr'tst in bân mei hast. Wy ha regio's sadatst oare minsken moetsje kinst dy't út itselde gebiet as dy komme. In oare belangrike funksje is dat eltse regio syn eigen waar hat. Der binne gjin regio's mei better waar as oare regio's, alle regio's binne like goed. Do hoechst dy dus gjin soargen te meitsjen datst de ferkearde regio kiest.

It waar hat ynfloed op in oantal saken, it belangrykste is it oantal taskôgers (minder minsken komme nei dyn wedstriden as it reint) en de prestaasjes fan dyn spilers. Op de "Regio"-side kinst sjen hokker waar oft it hjoed is, en der stiet ek in waarberjocht foar moarn. As hjoed de sinne skynt, is de kâns (yn fergeliking mei oare waartypes) grutter dat de sinne moarn ek skynt, dus it type waar komt net folslein út de loft fallen.

Ast wolst kinst tusken seizoenen yn fan regio wikselje. It kostet dy wol 10 000 US$, en 3% fan dyn fans sille dyn fanklup ferlitte.

Us bêste advys

It bêste advys dat wy dy jaan kinne is om dizze hânlieding te lêzen. Do hoechst net alles yn ien kear te lêzen, it jout dy al in aardich idee hoe'tst dit spul spylje moatst, ast de earste pear haadstikken lêst. Fierder kinne wy dy allinnich mar advisearje om fragen dy'tst hast op ús foarums te stellen. Der is foar fragen sels in apart foarum ynrjochte.

Der is ien ding dat wy tige belangryk fine: Om dy en alle oaren de bêste Hattrick-erfaring te jaan binne der inkele tige ienfâldige gedrachsregels dy't neifolge wurde moatte. Do kinst se fine by ús Hûsregels.

Spilers: Feardigens

Eltse spiler hat 8 basisfeardigens, al binne der ek noch wat ekstra faktoaren dy't yn ferskate sitewaasjes ynfloed ha kinne op harren prestaasje. Lit ús earst ris nei de ferskate feardigens sjen:
Kondysje: Bepaalt hoefolle fan syn feardigens in spiler ferliest yn ferrin fan de wedstriid.
Posysjespul: De feardigens om de bal te behearskjen en yn skoaringskânsen om te setten.
Skoaren: De bal moat fansels tsjin de touwen.
Wjukspul: De feardigens om skoaringskânsen ôf te rûnjen troch oer de wjukken oan te fallen.
Doelferdigenjen: De bal moat fansels net tsjin de eigen touwen.
Oerspyljen: Spilers dy't witte hoe't sy de beslissende bal oerspylje moatte, helpe de oanfal fan in ploech in protte.
Ferdigenjen: De feardigens om oanfallen fan de tsjinstanner tsjin te hâlden.
Dea spul: It resultaat fan dyn frije trapen en strafskoppen hinget ôf fan de feardigens fan dyn dea-spulnimmer.

Hoe goed is dyn spiler?

Yn it echte libben seist faaks dat in fuotbalspiler in "prima wjukspiler" is, of in "echte superferdigener", ast him spyljen sjochst. Binnen Hattrick beskriuwe wy op deselde wize hoe goed oft spilers binne. Wy brûke gradaasjes (en net allinnich foar spilers), en foar de feardigens fan spilers rint de skaal fan net-besteand oant godlik. Do kinst de folsleine gradaasjeskaal besjen yn ús taheakke.

Ferskillende spilers ha ferskillende feardigens nedich

Net alle spilers hoege goed te wêzen yn alle feardigens, mar kondysje is belangryk foar eltsenien.   Soms is it goed genôch as in spiler (neist kondysje) mar yn ien feardigens goed is, mar do hellest it measte út dyn spilers as se op ferskate feardigens goed binne.  It hinget fan de posysje fan de spiler ôf, hokker feardigens (neist kondysje) belangryk foar him binne:

Doelferdigeners:

Wy hoege net út te lizzen dat doelferdigenjen belangryk is foar doelferdigeners. It helpt harren ek as se goed ferdigenje kinne, en feardigens yn dea spul helpt om de ploech te ferdigenjen tsjin frije trapen en strafskoppen.

Sintrale ferdigeners:

Ferdigeners moatte fansels in protte feardigens yn ferdigenjen ha. Posysjespul is ek handich, en ast tsjinoanfallen spilest kin harren feardigens om de bal oer te spyljen echt it ferskil meitsje.

Wjukferdigeners:

It belangrykste is dat se ferdigenje kinne, mar se ha ek foardiel by goeie feardigens yn wjukspul. Sy drage fan harren posysjespul ek wat by, en harren oerspyljen helpt ast tsjinoanfallen spilest.

Sintrale middenfjilders:

Foar de measte suksesfolle ploegen is it belangryk dat harren sintrale middenfjilders feardich binne yn posysjespul. Sy brûke ek harren feardigens yn oerspyljen en ferdigenjen in protte, lykas skoaren

Wjukspilers:

Sy ha fansels in protte foardiel as sy prima wjukspul ha, mar posysjespul is foar harren ek belangryk. Sy brûke ek sawol harren feardigens yn oerspyljen as yn ferdigenjen.

Oanfallers:

Harren belangrykste taak is om de doelpunten te meitsjen. Dêrom is skoaren harren belangrykste feardigens. Oerspyljen is ek belangryk foar harren, en wjukspul en posysjespul ek.

Feroarjende feardigens

Feardigens feroarje stadichoan. Alle feardigens kinne salang't de spiler libbet ferbettere wurde troch te trenen, mar wannear't spilers âlder wurde, begjinne sy ek in bytsje fan harren feardigens te ferliezen. Lês it haadstik "Trening" foar mear ynfo oer feroarjende feardigens.

Spilers: Oare eigenskippen

Leeftyd

Do kinst de krekte leeftyd fan in spiler fine op de spilersside. Ien Hattrick-jier duorret 112 dagen, dat hâldt yn dat de leeftyd fan alle spilers bestiet út in oantal jier en 0-111 dagen.

Persoanlikens

Alle spilers ha in persoanlikens. Sy kinne aardich of ferfelend wêze, lieders of ienlingen, temperamintfol of kalm. Op it stuit hat persoanlikens net safolle ynfloed op it spul, mar it kin bygelyks ferstannich wêze om in oanfierder te kiezen mei goeie liederskapsfeardigens. Lês it haadstik "Psychology" foar mear ynfo oer hoe't persoanlikens it spul beynfloedet.

Underfining

Spilers dy't in protte en wichtige wedstriden spile hawwe, wurde mear erfarne, en dizze ûnderfining sil harren op ferskate manieren helpe yn takomstige wedstriden. Harren ûnderfining kin ynfloed hawwe op Spesjale Foarfallen (SE's) om doelpunten te skoaren of tsjin te krijgen, en helpt de ploech bygelyks ek om betizing foar te wêzen. Wy folgje ûnderfining as in aparte wearde, ien dy't net relatearre is oan 'e feardigens fan in spiler. Elke wedstryd dy't spile wurdt, en ek elk type wedstryd spile, hat in oare ynfloed op hoe fluch in spiler ûnderfining sammele hat. Yn totaal hat in spiler sawat 100 ûnderfiningspunten nedich om in nij nivo fan ûnderfining te berikken. De punten fertsjinne foar elk wedstriidtype wurde presintearre yn 'e folgjende tabel.

Soart wedstriid Ûnderfiningspunten
Kompetysjewedstriid 3.5
Kwalifikaasjewedstriid 7
Nasjonale Bekerwedstriid 7
Werkânsingsbekerwedstriid 1.75
Oefenwedstriid 0.35
Ynternasjonale oefenwedstriid 0.7
Hattrick Masterswedstriid 17.5
Jongerein kompetysjewedstriid 3.5
Jongerein oefenwedstriid 0.35
(Âlde) Wrâldbeker wedstriid 35
(Âlde) Wrâldbekerfinale wedstriid 70
(Âlde) Nasjonale Ploech oefenwedstriid 7
Wrâldbekerwedstriid 28
Wrâldbeker (Heale finale en Finale) 56
Wrâldbeker (Wildcards) 14
Kontinintale Kampioenskippen 14
Kontinintale Kampioenskippen (Kwartfinale, Heale finale en Finale) 21
Nations Cup 7
Nations Cup (Knockout) 14
Nasjonale ploech oefenwedstriid 3.5

Kluptrou

Spilers mei in protte kluptrou prestearje better op it fjild. Kluptrou rint op as in spiler langer by in klup ferbliuwt.

Der binne twa soarten kluptrou:

Kluptrou-bonus

Foar eltse opfolgjende dei dat in spiler by dyn ploech heart, rekket er wat mear hechte en trou oan dyn ploech. Hoe hechter en trouwer oft er wurdt, hoe better oft er spylje sil.

Kluptrou wurdt yn it begjin sneller opboud, en dan hieltyd stadiger mei de tiid. De maksimale kluptrou wurdt nei trije seizoenen behelle, mar in spiler is healwei nei 12 wiken.

Maksimale bonus: +1 feardigensnivo op alle feardigens (útsein kondysje)

Foarbyld: Tommy Wright is in bêst posysjespiler mei aardich ferdigenjen en hy hat de maksimale (godlik) kluptrou. Hy sil dan prestearje as wie er in poerbêst posysjespiler mei bêst ferdigenjen (en dit wurdt ek toand yn syn stjerrenwurdearring).

As in spiler godlik kluptrou hellet, krijt hy de folledige bonus. Dyn jeugdspilers begjinne mei godlik kluptrou.

Tink deroan, in spiler ferliest syn kluptrou atst him ferkeapest oan in oare klup. Dus atst him letter weromkeapest, moatst syn kluptrou wer fan it nulpunt ôf opbouwe.

Memmeklup-bonus

Spilers dy't foar harren memmeklup spylje, lykas dyn jeugdspilers, en dy't dat harren hiele karriêre dien ha, jouwe altyd wat ekstra op it fjild, want sy ha in spesjaal plak foar de klup yn harren hert.

Bonus: +0,5 feardigensnivo op alle feardigens (útsein kondysje).

Spilers dy't harren hiele karriêre foar harren memmeklup spile ha, wurde oanjûn mei in hert-ikoan op harren spilersside. Let op, jeugdspilers dy'tst ferkocht en weromkocht hast krije dizze bonus net.

Beide bonussen krije

It is prima mooglik dat in spiler beide bonussen krijt. Dus atst in jeugdspiler promovearrest (wêrby it fansels net útmakket hokker jeugdsysteem atst brûkst) nei dyn senioaren, krijt hy 1,5 feardigensnivo bonus op alle feardigens (útsein kondysje) oant it stuit datst him ferkeapest.

Totale feardigens-yndeks (TSI)

De totale feardigens-yndeks mjit hoefolle feardigens oft in spiler hat. TSI nimt ta troch trening, en kin ek ta- en ôfnimme troch foarmwizigings. TSI is de ôfkoarting fan it Ingelske Total Skill Index.

Foarm

Hoe better oft in spiler yn foarm is, hoe better oft er prestearje sil. It giet dêrby net oer de fysike saken, it hat neat te meitsjen mei hoe goed oft in spiler treend is. Foarm yn Hattrick hâldt rekkening mei in kombinaasje fan faktoaren, dy't it mooglik makket - of foarkomt - dat in spiler syn folsleine potinsjeel hellet - lykas syn privésitewaasje yn it libben.

Op de spilersside kinst de "aktuele foarm" fan in spiler sjen. Dat is de wearde dy't foar wedstriden brûkt wurdt. In "poerbêste" spiler yn "neat wurdich" foarm docht it yn it algemien bygelyks minder as in "aardige" spiler yn "bêst" foarm.  De aktuele foarm wurdt negatyf beynfloede troch de kondysjetrenings fan de ploech; hoe mear't der op kondysje treend wurdt (kwa persintaazje), hoe grutter it negative effekt.

Dêrneist is der in ferburgen "eftergrûnfoarm", dy't brûkt wurdt om te berekkenjen oft in spiler yn, of krekt út foarm rekket. Eltse wike sil de foarm fan in spiler bywurke wurde, yn de rjochting fan de eftergrûnfoarm.  De aktuele foarm wurdt net daliks bywurke nei de wearde fan de eftergrûnfoarm. Ynstee dêrfan beweecht de foarm yn stappen, oer in skoft fan meardere wiken, al sille de stappen grutter wêze as de foarm fierder ôfstiet fan de eftergrûnfoarm.

Neidat de aktuele foarm tidens de trening bywurke is, hat eltse spiler in kâns dat syn eftergrûnfoarm ek bywurke wurdt. Eltse spiler hat los fan de oaren deselde kâns op in eftergrûnfoarm-wiziging, en der is neat datst dwaan kinst om dy kâns te fergrutsjen of te ferlytsen.  As de kâns oanjout dat de eftergrûnfoarm fan in spiler bywurke wurdt, binne der ferskate faktoaren dy't ynfloed ha sille op de nije eftergrûnfoarm:

  • Oft de spiler de ôfrûne wike yn in wedstriid spile hat. Dit is tige wichtich!
  • Treningsyntinsiteit - hoe hurder de spilers trene, hoe better de foarm
  • Dyn coach - hoe better syn feardigens, hoe heger de foarm
  • Foarmcoach - in foarmcoach is spesjalisearre yn it ferbetterjen fan foarm.
  • Assistinttreners - Assistinten helpe ek om foarm te ferbetterjen

Spesjaliteit

Sawat de helte fan de spilers hat in karakterskaaimerk dat wy in "spesjaliteit" neame, dy't ynfloed hat op wedstriden. Elke spiler mei in spesjaliteit krijt in salarisbonus fan 10%.

Der binne 5 ferskillende haadspesjaliteiten foar spilers: "Technysk", "Fluch", "Koppe", "Krêftich" en "Unfoarspelber". Lês it haadstik "Wedstriid: Dea Spul en Spesjale Foarfallen" foar mear ynfo oer de foar- en neidielen fan eltse haadspesjaliteit. Lês it haadstik "Wedstriid: Taktiken" foar mear ynfo oer de ynfloed fan spesjaliteiten op bepaalde types taktiken.

Der bestiet ek in twatal seldsume spesjaliteiten: Fearkrêftich en Stypjend. Spilers mei de spesjaliteit Fearkrêftich sille merke dat harren blessueres wat flugger genêze as dy fan oare spilers, somtiden ek by in lichte blessure yn in wedstriid. Spilers mei de spesjaliteit Stypjend besykje om harren ploechmaats te helpen dy't tichtby binne op it fjild. As dit slagget prestearje dizze ploechmaats better, mar as it net slagget kin it der ek foar soargje dat it organisaasjenivo fan dyn ploech sakket en dyn spilers betize reitsje sille.

Blessueres

Soms reitsje spilers blessearre. As dat bart, dan sil de blessuere harren in pear wedstriden op de dokterstafel bringe, útsein as de blessuere tige licht is. It risiko op blessueres nimt ta as der yntinsiver treend wurdt, mar ek troch it totaal oantal nivo's fan dyn Assistinttreners.

Aldere spilers genêzen net sa fluch. Do kinst in dokter oannimme om spilers flugger genêze te litten. In dokters wurket ek previntyf. Spilers fan tsjin de fjirtich sille lestich herstelle. Tink der ek oan dat blessueretiden dy't toand wurde skattingen yn wiken binne - as dyn stjeroanfaller der in wike út is mei in blessuere, dan sil it ek in wike duorje om him wer fit te krijen.

Giele en reade kaarten

Spilers kinne tidens wedstriden kaarten krije, tige agressive spilers (foaral de ûnearlike en ûnerfaren spilers) faker as oaren. As in spiler yn in wedstriid twa kaarten krijt, wurdt er automatysk fan it fjild stjoerd. As in spiler fan it fjild stjoerd wurdt, is er útsluten fan de folgjende kompetitive wedstriid. In spiler wurdt ek foar ien wedstriid útsluten neidat er tidens in seizoen yn kompetitive wedstriden trije kaarten helle hat. Kaarten út kompetysje-, beker- en kwalifikaasjewedstriden telle dêryn lyk mei. As in spiler yn in seizoen al yn twa kompetysjewedstriden in kaart krigen hat, en noch in kaart krijt yn in folgjende bekerwedstriid, sil hy de folgjende kompetitive wedstriid útsluten wêze, it makket net út of it dan giet om in kompetysje-, beker- of kwalifikaasjewedstriid.

Do kinst yn dyn list mei spilers neisjen hoefolle kaarten dyn spilers foar in wedstriid ûntfongen ha. In spiler dy't 3 kaarten krigen hat, of dy't yn syn lêste wedstriid fan it fjild stjoerd is, hat op de list in readekaart-symboal, dat toant syn útsluting.  De kaartelaai fan de útsletten spilers wurdt skjinwist as der in kompetitive wedstriid spile is. Oan de ein fan it seizoen krije alle spilers in skjinne laai. Oerstappen hawwe gjin ynfloed op de kaartelaai. In spiler kin troch in oefenwedstriid net útsletten wurde (of in skjinne laai krije).

Opstelling: De basis

As manager fan dyn ploech bepaalsto hoe't dyn ploech spylje sil, en hokker formaasje oft der brûkt wurdt. Foar eltse wedstriid joust dyn beslissing - dyn wedstriidoarders - troch, op it oarderformulier datst yn de wedstriidlist fine kinst. Dyn wedstriidoarders moatte minstens 20 minuten foar it begjin fan de wedstriid trochjûn wêze. Tink derom dat it horloazje fan de skiedsrjochter faaks net lykrint mei dat fan dy, dus besykje te fermijen datst op it lêste momint oarders trochjoust. Do kinst in wedstriidoarder ek ynstelle as "standertopstelling" (en wy riede dy oan om dat út foarsoarch te dwaan). Dat betsjut dat Hattrick dy opstelling oannimt foar kommende wedstriden, mar do kinst dyn opstelling foar kommende wedstriden altyd oanpasse oan de omstannichheden.

Begjinopstelling en wikselspilers

Foar eltse wedstriid selektearrest dyn alve spilers dy't op it fjild begjinne, dyn wikselspilers, dyn deaspulnimmer en dyn oanfierder. Yn it oarderformulier kinst kieze hokker spiler oft wêr spilet troch te slepen en te smiten.

As ien fan dyn spilers blessearre rekket sil de wikselspiler foar dy posysje it fjild ynkomme. Ast oan dy posysje gjin wikselspiler tawiisd hast, of de wikselspiler ek blessearre is, wurdt automatysk ien fan de oare wikselspilers selektearre om te spyljen. Ast gjin wikselspilers hast, moatst de wedstriid útspylje mei 10 spilers. Ast troch dyn wiksels hinne bist en dyn doelferdigener rekket blessearre (of ast gjin wikselspilers mei hast) nimt in fjildspiler syn plak yn. Do kinst ek wiksels op betingsten ynstelle. Lês it haadstik "Wiksels" foar mear ynfo.

Fersaakjen

Tink deroan datst dyn kompetysje- of bekerwedstriden mei minstens 9 spilers begjinne moatst.

As dyn opstelling minder dan 9 spilers befettet, mar do hast spilers beskikber yn dyn seleksje, sille oare klupfunksjonarissen yngripe en in ploech gearstalle foar dy spesifieke wedstriid. Yn sokke wedstriden sil dyn ploech legere ploechsfear, foarm, fertrouwen en formaasjeûnderfining ha yn ferliking mei as do de opstelling sels yntsjinne hiedest. Dit effekt duorret mar ien wedstriid, en oan de pluskant sille spilers noch altiid trening krije foar de wedstriid.

As der net genôch spilers yn 'e ploech binne foar in jildige opstelling, sil dyn ploech in fersakingswinst fuortjaan. Ek dit bestraft de ploech op 'e manier dy't hjirboppe beskreaun is, mar yn dit gefal sille de negative effekten ek oergean nei takomstige wedstriden. Yn it gefal fan it fuortjaan fan in fersakingswinst giet it treningseffekt ek ferlern.

Atst net minstens 9 spilers opstelst yn jeugd- of net-offisjele wedstriden, sil de jongerein út de buert dyn ploech ferfange. Dit sil gjin negative ynfloed ha op de trening fan spilers dy't dy wike yn in offisjele wedstriid spile ha, yn tsjinstelling ta fersaakjen yn offisjele wedstriden.

In ploech-formaasje kieze

Do kinst yn eltse formaasje spylje dy't op it formulier ynfolle wurde kin, dyn treningsside toant ek de folsleine list mei formaasjes.

It is goed om te witten dat as der mear as ien spiler op in sintrale posysje (ferdigener, middenfjilder of oanfaller) spilet, dy spilers net by steat binne om nei harren folsleine mooglikheden by te dragen oan de ploechwurdearrings. Dit ferlies oan bydrage is ek grutter foar trije spilers as foar twa. De logika hjirefter is dat sagau't mear as ien spiler op itselde gebiet spilet, sy fan inoar ôfhinklik wurde en dêrom net mei harren folsleine mooglikheden bydrage kinne.

Yn it koart draacht in inkele spiler op in sintrale posysje 100% by. It ynsetten fan twa spilers yn in sintrale posysje betsjut in bydrageferlies (dat ynfloed hat op beide spilers), trije sintrale spilers betsjut in grutter ferlies (dat op alle trije ynfloed hat). Dit ferlies beynfloedet alle feardigens fan de spiler.

Hoefolle bydrage oft de spilers ferlieze is ek grutter foar sintrale middenfjilders as foar oanfallers, en grutter foar oanfallers as foar ferdigeners. Om krekter te wêzen is it ferlies foar sintrale middenfjilders likernôch it dûbele fan ferdigeners, oanfallers sitte dêr rûchwei tuskenyn.

Taktiken en ploechhâlding

Yn it oarderformulier kinst ek de taktyk (ast dy brûke wolst) en hâlding fan dyn ploech foar dy wedstriid ynstelle. Lês it haadstik "Wedstriid: Taktiken" foar mear ynfo oer de ferskate types taktiken, en it haadstik "Psychology" foar mear ynfo oer de ploechhâlding.

Mandekking oarder

Mei mandekking ynstruearst ien fan dyn spilers om in belangryke spiler fan dyn tsjinstanner te folgjen en neutralisearjen. Mandekking is nea sûnder risiko's, dat gebrûk it mei soarch - mar mei de goeie spiler en op it goeie momint, kin it in effisjinte manier wêze om dyn kânsen yn in wedstriid te ferbetterjen.

It prinsipe is dat ien fan dyn spilers opdracht kriget om in spesifike spiler fan dyn tsjinstanner te folgjen en foar de fuotten te rinnen. As de doelwit spiler op it fjild is, wurdt de mandekking oarder nei 5 minuten aktivearre en dyn eigen spiler sil dernei in stik lytsere bydrage oan dyn ploech leverje dan as hy normaal dwaan soe. Mear spesifyk is de bydrage fan dyn spiler 50% minder as de tsjinstanner tichtby is en 65% minder as hy fierder fuort is. It foardiel foar dy is dat, hooplik, de bydrage fan de doelwit spiler ek ôfnimt. Dit hinget ôf fan hoe effektyf dyn spiler as mandekker is. De keunst is, fansels, om de situaasjes te finen wêr't mandekking him útbetellet en de situaasjes te foarkommen wêr't it net mooglik is.

In spiler mei de opdracht mandekking kin gjin oare ynstruksje krije: dit betsjut dat it jaan fan in mandekking oarder eltse oare yndividuele ynstruksje ôfbrekt oer offinsyf, definsyf, nei de wjuk of nei it midden spyljen.

Do kinst eltse wedstriid mar ien mandekking oarder jaan oan ien fan dyn eigen ferdigeners, wjukferdigeners en sintrale middenfjilders, en allinich mei in oanfaller, wjukspiler of sintrale middenfjilder fan dyn tsjinstanner as doel. As de doelwit spiler net op it fjild stiet, of as hy spilet yn in net markearbere posysje, wurdt de opdracht útskeakele, mar dyn mandekker sil noch 10% fan syn bydrage ferlieze. Dochs kin in mandekking oarder dy't yn it begjin fan de wedstryd útskeakele is, eventueel aktyf wurde as de doelwit spiler troch in wiksel yn it fjild komt of as de doelwit spiler troch in yndividuele oarder op in markearbere posysje komt te spyljen.

Wylst in mandekking-oarder aktyf is, sil de mandekker mei syn feardigens gjin bydrage leverje oan taktykfeardigens (lykas Druk sette of Tsjinoanfallen). Hy sil lykwols bydrage oan de taktykfeardigens as de mandekking-oarder útskeakele is, mar allinich neidat de 10% straf dy't hjirboppe neamd wurdt tapast is.

De ferdigenjenfeardigens is it belangrykste foar dyn Mandekker. It wurdt fergelike mei de heechste feardigens op de doelwit spiler. Dizze fergeliking beslút hoe grut de straf op de bydrage fan de doelwit spiler oan de ploechwurdearrings wêze sil. As dyn mandekker Krêftich is kriget hy tidens it berekkenjen fan it mandekking-effekt 10% bonus op syn ferdigeningsfeardigens, as dyn mandekker gjin spesjaliteit hat is de bonus 5%. Dêr tsjinoer, as de doelwit spiler Technysk is, sil hy 8% fan syn heechste feardigens tidens de berekkening ferlieze, mar as hy Unfoarspelber is, sil hy 8% dêrfan winne. Foarm, kondysje, underfining, kluptrou, memmeklup-bonus en sûnens binne derneist wichtich foar dyn mandekker, mar ek foar de doelwit spiler. Tink derom dat alle bonussen en straffen troch spesjaliteiten allinne meitelle by it berekkenjen fan it mandekking-effekt, do sjochst se net rjochtstreeks werom yn de ploechwurdearrings.

Eltse straf foar de mandekker hat ynfloed op al syn feardigens, útsein Doelferdigenjen en Dea spul. De straf foar de doelwit spiler slut ek Ferdigenjen út.

Yndividuele oarders

Do kinst al dyn fjildspilers yndividuele oarders op it fjild jaan. Do kinst bygelyks dyn sintrale middenfjilder de opdracht jaan om "ferdigenjend" te spyljen. Dat betsjut dat hy noch altyd in sintrale middenfjilder is, mar dat er him mear op ferdigenjen rjochtet as normaal, en minder op oanfallen. Der binne fjouwer yndividuele oarders, besjoch dizze tabel foar alle details oer wat se ynhâlde foar eltse posysje. Do kinst ek in spiler freegje om mandekking út te fieren op in stjerspiler fan dyn tsjinstanner. Mear hjir oer is ferklearre yn it part oer Mandekking.
Posysje Oarder Effekt
Wjukferdigener Offinsyf Wat mear wjukspul, wat mear posysjespul, minder ferdigenjen
Definsyf Wat mear ferdigenjen, minder wjukspul, wat minder posysjespul
Nei it midden Folle mear ferdigenjen nei it midden, minder ferdigenjen nei de sydkant, folle minder wjukspul, wat mear posysjespul
Sintrale ferdigener Offinsyf Mear posysjespul, folle minder ferdigenjen
Nei de wjuk Folle mear ferdigenjen nei de sydkant, folle minder ferdigenjen nei it midden, aardich wat wjukspul, wat minder posysjespul
Wjukspiler Offinsyf Mear wjukspul, wat mear oerspyljen, minder ferdigenjen, minder posysjespul
Definsyf Folle mear ferdigenjen, minder wjukspul, minder posysjespul en wat minder oerspyljen
Nei it midden Wat mear posysjespul, minder wjukspul, wat mear ferdigenjen yn it midden, wat minder ferdigenjen nei de sydkant, wat mear oerspyljen yn it midden, minder oerspyljen nei de sydkant
Sintrale middenfjilder Offinsyf Mear oerspyljen, folle minder ferdigenjen, wat minder posysjespul, wat mear skoaren
Definsyf Mear ferdigenjen, minder oerspyljen, wat minder posysjespul en wat minder skoaren
Nei de wjuk Aardich wat wjukspul, wat minder posysjespul, wat mear oerspyljen en ferdigenjen nei de sydkant, wat minder oerspyljen en ferdigenjen yn it midden, gjin skoaren
Oanfaller Definsyf Wat mear posysjespul, mear oerspyljen (en sels noch mear oerspyljen nei de sydkant foar technyske oanfallers), folle minder skoaren en wat minder wjukspul
Nei de wjuk Mear wjukspul, folle mear skoaren en wat mear oerspyljen nei de sydkant, folle minder skoaren en wat minder oerspyljen yn it midden, wat minder skoaren, wjukspul en oerspyljen nei de oare sydkant, wat minder posysjespul

Wedstriid: De basis

It útfûgeljen fan de bêste opstelling is ien fan dyn grutste útdagings binnen Hattrick. Hjir en yn de oare wedstriidhaadstikken sille wy ús rjochtsje op hoe't spilers yn in wedstriid harren feardigens brûke. Dit haadstik sil dy de basis útlizze - de belangrykste saken dy'tst witte moatst.

De basis fan de wedstriidsimulaasje

Eltse helte wurdt in oantal kearen oanfallen, it middenfjild bepaalt oanfal troch hokker ploech útfierd wurdt. De ploech mei it sterkste middenfjild (dus mei it measte balbesit) hat de grutste kâns om it grutste oantal oanfallen te krijen.   As in ploech in oanfal útfiert, wurdt earst bepaald wat foar soart oanfal it is. Basisoanfallen bestean út trije oanfalstypes (rjochterwjuk, linkerwjuk, sintraal), en dan ha wy ek noch dea spul (frije trapen en strafskoppen). De sektoroanfal fan de oanfallende ploech sil dan besykje om troch de sektorferdigening fan de ferdigenjende ploech te brekken.

De basisoanfallen

Yn eltse wedstriid wurdt in oantal basisoanfallen (lykas hjirboppen útlein) útfierd. Sommige fan dizze oanfallen binne iepen oanfallen, en kinne troch beide ploegen útfierd wurde, oaren binne eksklusyf foar ien ploech.

Foar iepen oanfallen bepaalt it middenfjild hokker ploech hokker oanfal krijt. Eksklusive oanfallen wurkje hast itselde: As dyn middenfjild by ien fan de oanfallen fan dyn tsjinstanner "wint" kinst de oanfal tsjinhâlde - mar net sels oernimme. Do kinst de eksklusive oanfallen fan dyn tsjinstanner net krije, en dyn tsjinstanner dy fan dy net.

De measte basisoanfallen wurde yn it wedstriidferslach melde, mar oanfallen dy't net yn de buert fan it doel komme sille net melde wurde.  Do kinst ek ekstra oanfallen krije troch "Spesjale Foarfallen" (SE's) en tsjinoanfallen. Dizze ekstra oanfallen wurde yn de oare twa wedstriidhaadstikken útlein.

Thúsfoardiel

De thúsploech wurdt troch harren fans stipe. Yn it algemien hast by thúswedstriden mear balbesit as by útwedstriden.   As beide ploegen dy't in wedstriid spylje út deselde regio komme, wurdt de wedstriid as in derby beskôge. Yn dat gefal hat de thúsploech noch altyd foardiel fan thúsfoardiel, mar ek de útploech ûntfangt likernôch de helte fan it foardiel dat de thúsploech hellet. Wedstriden op neutraal terrein jouwe gjin thúsfoardiel, sels as in ploech út deselde regio komt as wêr't de wedstriid spile wurdt.

Psychology en de ynstelling fan de coach

Ploechsfear, selsbetrouwen en ploechhâlding bepale hoe't dyn ploech prestearret. Lês it haadstik "Psychology" foar mear ynfo oer hoe't Hattrick dat alles simulearret.
De ynstelling fan de coach (oanfallend, definsyf of neutraal) bepaalt ek in diel. Lês it haadstik "De coach" foar mear ynfo oer syn ynfloed.

Rjochtsje dy op de ploechwurdearring

Neidat in wedstriid spile is, krigest in sektorwurdearring foar elts diel fan de ploech. Dizze wurdearrings fertelle dy hoe goed de ferskate dielen fan dyn ploech tidens de wedstriid prestearren, en dizze wurdearrings binne wat derta docht by it berekkenjen fan de wedstriid.

De sektorwurdearrings (de skaal rint fan net-besteand oant godlik) binne ek spesifisearre yn fjouwer sublevels: tige leech, leech, heech en tige heech. Op dy wize is it makliker om te witten hoe heech oftst sitst binnen in bepaalde stap. Bygelyks is in wurdearring fan "bêst (tige heech)" mar krekt minder as "poerbêst (tige leech)", mar folle better as "aardich (tige leech)".

Stjerrenwurdearring

Nei in wedstriid ûntfange dyn spilers in stjerrenwurdearring foar harren prestaasje yn de wedstriid. Hoe mear stjerren se ûntfange, hoe better harren prestaasje wie.

Tink deroan dat de stjerrenwurdearring allinnich de yndividuele spilerprestaasje op syn posysje wurdearret, en brûkber is om ferskate spilers op deselde posysje te fergelykjen. It is gjin handige wize om de krêft fan in ploech te mjitten. Om der efter te kommen hoe't dyn hiele ploech prestearre (en dyn ploech te fergelykjen mei oare ploegen) sjochst nei de ploechwurdearrings.

Tink der ek oan dat ploechynfloeden (lykas it ferlies oan bydrage foar mear as ien spiler op in sintrale posysje) net yn de stjerrenwurdearring toand wurde. Lês it haadstik "Opstelling: De basis" foar mear ynfo oer bydrageferlies foar mear as ien spiler op in sintrale posysje.

In normaal gefal

Yn it koart bepaalt de steat fan dyn middenfjild hoefolle kânsen oft dyn ploech tidens in wedstriid krije sil. De oare dielen fan de ploech bepale de kâns dat oanfallen liede ta doelpunten.

De folgjende tabel sil dy wat op gong helpe by it selektearjen fan dyn ploech. Let op, it is allinnich in rûzing.  Guon feardigensnivo's dy't inoar opfolgje hoege mar in lyts ferskil yn prestaasje te jaan, foar oare nivoferskillen kinne de prestaasjeferskillen grutter wêze. Dêrneist binne yndividuele oarders of bydrageferlies op in sintrale posysje net meirekkene. Lês it haadstik "Opstelling: De basis" foar mear ynfo oer yndividuele oarders en bydrageferlies.

Diel fan ploech Faktoaren (belangrykste earst)
Middenfjild Posysjespul sintrale middenfjilders
Posysjespul wjukspilers
Posysjespul sintrale ferdigeners
Posysjespul oanfallers
Posysjespul wjukferdigeners
Linker wjukoanfal Wjukspul linker wjukspiler
Wjukspul linker wjukferdigener
Skoaren oanfallers
Oerspyljen linker sintrale middenfjilder
Oerspyljen linker wjukspiler
Wjukspul oanfallers
Oerspyljen oanfallers
Oerspyljen sintrale middenfjilders
Linker wjukferdigening Ferdigenjen linker wjukferdigener
Doelferdigenjen doelferdigener
Ferdigenjen linker sintrale ferdigener
Ferdigenjen linker wjukferdigener
Ferdigenjend sintrum sintrale ferdigener
Ferdigenjen doelferdigener
Ferdigenjen linker sintrale middenfjilder
Ferdigende sintrale middenfjilder
Sintrale oanfal Skoaren oanfallers
Oerspyljen oanfallers
Oerspyljen sintrale middenfjilders
Skoarende sintrale middenfjilders
Oerspyljen wjukspilers
Sintrale ferdigening Ferdigenjen sintrale ferdigeners
Doelferdigenjen doelferdigener
Ferdigenjen sintrale middenfjilders
Ferdigenjen wjukferdigeners
Ferdigenjen doelferdigener
Ferdigenjen wjukspilers
Rjochter wjukoanfal Wjukspul rjochter wjukspiler
Wjukspul rjochter wjukferdigener
Skoaren oanfallers
Oerspyljen rjochter sintrale middenfjilder
Oerspyljen rjochter wjukspiler
Wjukspul oanfallers
Oerspyljen oanfallers
Oerspyljen sintrale middenfjilders
Rjochter wjukferdigening Ferdigenjen rjochter wjukferdigener
Doelferdigenjen doelferdigener
Ferdigenjen rjochter sintrale ferdigener
Ferdigenjen rjochter wjukspiler
Ferdigenjend sintrum sintrale ferdigener
Ferdigenjen doelferdigener
Ferdigenjen rjochter sintrale middenfjilder
Ferdigende sintrale middenfjilder

Trening

Eltse wike kinst kieze op hokker type trening oft dyn spilers harren tidens de treningssesjes konsintrearje moatte. De effekten fan de wyklikse trening wurde altyd sichtber tidens de treningsbywurking op tongersdei of freed, dat hinget fan it lân ôf. It type trening dat selektearre is op it stuit dat de bywurking begjint is wat der dy wike treend wurde sil. Feroarings yn de foarm en eftergrûnfoarm fan dyn spilers wurde ek op dit stuit sichtber.

Spilerleeftiid en feardigensnivo

Jongere spilers leare yn it algemien flugger as âldere spilers, mar hoefolle oft dyn spiler op de trening byleare sil, hinget ek ôf fan hoe feardich oft er al is - hoe leger it feardigensnivo, hoe flugger de trening.   Tige lege feardigensnivo's trene folle flugger as feardigensnivo's yn it midden fan de skaal, en hege nivo's trene wer stadiger as dy yn it midden fan de skaal.

Neist de leeftyd en it feardigensnivo binne der fjouwer faktoaren dy't it effekt fan de trening bepale: de treningsyntinsiteit, it treningstype, hoefolle kondysje atst treenst, en it treningspersoniel (coach en assistinten).

Treningsyntinsiteit

Hoe hurder oftst treenst, hoe better de foarm fan de ploech yn it algemien wurdt, en de effekten fan de trening nimme ta. Do kinst de treningsyntinsiteit ynstelle troch in nûmer op te jaan tusken 0 en 100.   It neidiel fan in hege treningsyntinsiteit is dat it risiko op blessueres tanimt. Do moatst sels beslute hokker yntinsiteitsnivo by dy past - freegje oare managers mar ris om rie op de foarums.

It kin ienmalich dyn ploechsfear oppeppe ast de yntinsiteit flink omleech bringst. Sagau't dyn spilers wer yntinsiver trene moatte sil by dat nijs de sfear yn de ploech fansels sakje. Ast de treningsyntinsiteit feroarje wolst, moatst deroan tinke dat de nije wearde opjûn wêze moat by de lêste bywurking foar de treningsbywurking.

Type trening

Der binne 11 types trening dêr'tst tusken kieze kinst. Alle types trening meitsje dyn spilers earne better yn. De ferskate types trening steane yn de tabel hjirûnder.

Treningspersoniel

Ast in goeie coach hast, sil de trening effektiver wêze as wannear'st in minnenien hast. Assistinttreners ferbetterje ek it treningseffekt.

Kondysjetrening

Do moatst alle wiken kondysje trene, it is in persintaazje fan de totale trening fan de ploech. De effisjinsje sakket by hegere yntinsiteitsnivo's - it is better om eltse wike in lyts diel kondysjetrening te dwaan as om út en troch in protte.  Aldere spilers ha alle wiken mear trening nedich om in bepaald kondysjenivo te ûnderhâlden, dat betsjut dat managers it passende diel kondysjetrening foar harren ploech en ambysjes fine moatte.  Spilers dy't de ôfrûne wike minstens 90 minuten foar dyn ploech spile ha ûntfange 100% fan it effekt fan de kondysjetrening fan dyn ploech. Spilers dy't minder as 90 minuten spile ha (bygelyks wikselspilers) ûntfange 75% fan dat effekt, plus in diel foar eltse minút dy't se spile ha. Oare ploechleden dy't tidens de wike net foar dyn ploech spile ha, mar dy't sûn genôch binne om te trenen (ynklusyf oansleine spilers) ûntfange it heale effekt. Blessearre spilers krije gjin kondysjetrening.

Kondysjetrening hat in algehiel negative ynfloed op de algemiene foarm fan dyn ploech; hoe grutter it diel kondysjetrening is, hoe grutter it negative effekt.  Let op, kondysjetrening hat allinnich ynfloed op de aktuele foarm, net op de eftergrûnfoarm.

Basisprinsipes

It hinget ôf fan hoefolle minuten oft in spiler tidens de wike op in treenbere posysje spile hat yn in kompetitive of in oefenwedstriid, hoefolle oft dyselde spiler treend wurdt. Wedstriden dy't foar oare ploegen spile waarden, telle allinnich mei foar de foarmbywurkings, se jouwe gjin trening. As in spiler de hiele wike net yn aksje kommen is, of minder as in minuut spile hat, sil er ek net trene. In spiler kin per wike 90 minuten trening krije. It levert him net mear trening op as hy mear as 90 minuten op in treenber plak spilet. As hy minder spilet, bygelyks 50 minuten, sil dat him minder trening jaan - yn dit gefal 50 fan de 90 minuten.

Spilers mei yndividuele oarders krije harren wedstriidtrening út harren normale posysjes wei. As in spiler tidens de wike op twa ferskate posysjes spile hat, krijt hy trening neffens de posysje(s) dy't him it bêste effekt jouwe.

Spilers op in wjukposysje sille mar heale trening krije mei Posysjespul as trening. Itselde jildt foar wjukferdigeners mei Wjukspul as trening.

It makket net út of in spiler in trenings-, beker- of kompetysjewedstriid spilet, it treningseffekt is itselde. Ast oan it begjin fan de wedstriid net genôch spilers it fjild opstjoerst, joust in fersakingswinst fuort, mar ferliest allinnich de trening foar dy spesifieke wedstriid. Net alle trening fan dy wike is ferlern.

Oan de oare kant winst troch fersaking as dyn tsjinstanner net opdaagjen komt foar in kompetitive wedstriid, mar do wol. Dyn basis-11 ûntfangt dan trening lykas by in normale wedstriid, mar it leveret fansels gjin ûnderfining op foar yndividuele spilers.

Heakjes jouwe in lytser effekt oan. Dûbele heakjes jouwe in noch lytser effekt oan.

Type trening Ferbetteret ...foar...
Dea spul Dea spul Alle spilers dy't de wedstriid spylje, 25% bonus foar de dea-spul-nimmer en doelferdigener
Ferdigenjen Ferdigenjen Ferdigeners ((Alle spilers dy't in wedstriid spylje))
Skoaren Skoaren Oanfallers ((Alle spilers dy't in wedstriid spylje))
Wjukspul Wjukspul Wjukspilers (Wjukferdigeners) ((Alle spilers dy't in wedstriid spylje))
Skoaren & Dea Spul (Skoaren) (Alle spilers dy't in wedstriid spylje)
(Dea spul) ((Alle spilers dy't in wedstriid spylje))
Oerspyljen Oerspyljen Sintrale middenfjilders, wjukspilers en oanfallers ((Alle spilers dy't in wedstriid spylje))
Posysjespul Posysjespul Sintrale middenfjilders (Wjukspilers) ((Alle spilers dy't in wedstriid spylje))
Doelferdigenjen Doelferdigenjen Doelferdigeners
Oerspyljen (Ferdigeners, Middenfjilders en Wjukspilers) Oerspyljen Ferdigeners, sintrale middenfjilders en wjukspilers ((Alle spilers dy't in wedstriid spylje))
Ferdigenjen (Doelferdigeners, Ferdigeners, Middenfjilders en Wjukspilers) Ferdigenjen (Doelferdigeners, ferdigeners, sintrale middenfjilders en wjukspilers) ((Alle spilers dy't in wedstriid spylje))
Wjukspul (Wjukspilers en Oanfallers ) Wjukspul Oanfallers en wjukspilers ((Alle spilers dy't in wedstriid spylje))
Yndividueel (allinnich foar jeugdakademy) Weardefolle feardigens foar de yn de wedstriid spile posysje (Alle spilers dy't in wedstriid spylje)

Foarbyld

De ploech treent dizze wike "Wjukspul". Let op, dyn aktuele wedstriiddei kin in oare dei wêze - snein ferwiist nei de kompetysjewedstriid yn it wykein, woansdei ferwiist nei de midwykse trenings-/bekerwedstriid.

  • Ate Atsma spile snein 90 min op de wjuk, mar hy miste de wedstriid fan woansdei. Hy ûntfangt 90 min folledige wjukspultrening.
  • Bruno Bruinsma spile snein 90 min op de wjuk, en woansdei 90 min as oanfaller. Hy ûntfangt ek de 90 min folledige wjukspultrening.
  • Teake Teakema spile snein 50 min as wjukspiler, en woansdei 90 minuten as wjukferdigener. Hy ûntfangt 50 min folledige wjukspultrening, en 40 min wjukspultrening mei lytser effekt.
  • Doede Duursma spile snein 40 min as wjukspiler, en woansdei 90 min as oanfaller. Hy ûntfangt 40 min folledige wjukspultrening, en 50 min wjukspultrening mei in tige lyts ("osmose"-)effekt.
  • Freark Folkertsma spilet sawol snein as woansdei 90 minuten as wjukferdigener. Hy ûntfangt dochs mar 90 minuten wjukspultrening mei in lyts effekt.
  • Goitzen Gratema hat snein of woansdei net spile. Hy ferbetteret syn feardigens hielendal net.

Ofnimmende feardigens

As in spiler tichter by de leeftyd fan 30 jier komt, ferliest hy eltse wike wat fan syn feardigens. It hinget fan de leeftyd en aktuele feardigens fan de spiler ôf hoefolle syn feardigens ôfnimme. Hoe heger it feardigensnivo fan de spiler is, hoe grutter de ôfname. Aldere spilers lije ek ûnder in grutter ferlies as jongere spilers.

De coach

Dyn coach is in belangryk persoan, hy is ferantwurdlik foar it trenen en ynspirearjen fan dyn spilers.

Coach-eigenskippen

Feardigens: In feardige coach wit de goeie metoaden dy't spilers troch trening better meitsje. Hoe mear talint dyn coach hat, hoe effektiver de trening wêze sil. In coach kin nea better as nivo 5 (poerbêst) wêze. Alle nije ploegen krije om te begjinnen in nivo 3 (aardich) coach.

Liederskip: Neist it útsetten fan treningsaktiviteiten is dyn coach ek in boarne fan ynspiraasje foar dyn spilers. Dyn ploechsfear sil oer it gehiel heger wêze as dyn coach in goed lieder is.

Ynstelling: Dyn coach kin oanfallend, definsyf of neutraal ynsteld wêze, dat hat (allinnich) ynfloed op de prestaasjes fan dyn ploech tidens de trening. In oanfallende coach ferbetteret dyn oanfalsspul ten koste fan dyn ferdigening, en in definsive coach ferbetteret dyn ferdigening ten koste fan dyn oanfal. In definsive coach ferbetteret de ferdigening wat mear as dat in oanfallende coach de oanfal fersterkt, tsjin deselde fermindering. In neutrale coach is net oanfallend en net definsyf, dat hâldt yn dat hy gjin diel fan de ploech ekstra fersterkt of ferswakt.

Ofname feardigens

Neidat dyn coach in seizoen by dyn klup yn tsjinst west hat, sil syn liederskip stadichoan begjinne ôf te nimmen. Sagau't dyn coach noch mar jammerdearlik liederskip hat begjint syn trenersfeardigens ôf te nimmen.

In oare coach nimme

Ast net tefreden bist mei dyn trener, kinst in nije eksterne trener oanlûke fan bûten de klup, of ien fan dyn spilers dyn nije trener meitsje. In spiler moat op syn minst 16 wiken yn dyn ploech west ha foardat hy trener wurde kin. Do kinst in oare trener oannimme fan de "Personiel"-side ôf, yn it menu "Myn Klup".

Tink deroan, alle nije treners mei in bepaalde feardigens ha itselde nivo. Atst in coach mei nivo 3 (aardich) trenersfeardigens oanskafst, sil hy altyd "middele" nivo 3 wêze (behalve in nivo 5 (poerbêst) coach, dy is altyd mar in heale stap better as in nivo 4 (bêst) coach).

Ast in nije coach oannimst, bliuwt dyn âlde coach as spiler yn dyn ploech, mar hy kin nea wer trener wurde, en do kinst him ek net mear ferkeapje. Ast him net hâlde wolst, silst him dien jaan moatte.

In coach fan bûten oanlûke

Ast in nije coach oanlûkst bepaalst altyd earst wat foar ynstelling oft de coach ha moat, en dan bepaalst hoe feardich oft er wêze moat. Eltse kombinaasje fan liederskip en feardigens hat in fêste priis, hoe better de trener, hoe heger de priis.

Liederskip
Nivo min (3) swak (4) matich (5) aardich (6) bêst (7)
Nivo: 1 - swak (4)
10 000 US$ 10 000 US$ 10 000 US$ 10 000 US$ 10 000 US$
Nivo: 2 - matich (5)
10 000 US$ 22 800 US$ 41 200 US$ 65 100 US$ 94 600 US$
Nivo: 3 - aardich (6)
79 600 US$ 182 800 US$ 329 700 US$ 521 000 US$ 757 100 US$
Nivo: 4 - bêst (7)
268 700 US$ 617 100 US$ 1 112 900 US$ 1 758 500 US$ 2 555 500 US$
Nivo: 5 - poerbêst (8)
4 000 000 US$ 4 388 400 US$ 7 914 600 US$ 12 505 200 US$ 18 172 500 US$

In spiler as coach oanstelle

Ast in spiler as coach oanstelle wolst, hâldt hy syn aktuele liederskip. Syn ûnderfining bepaalt hoe feardich oft er wurde kin, en ek hoefolle syn trenerskursus om in feardigensnivo te heljen kostje sil. Dus ast in spiler hast mei mei tige bêst ûnderfining en in protte liederskip, dan kin dat echt foardelich wêze. De spiler kin lykwols gjin trenersfeardigens berikke dy't heger is as syn ûnderfining. Dêrneist moat de spiler al wol in seizoen (16 wiken) lang yn dyn ploech wêze foardatst him coach meitsje kinst.

Finânsjes

As manager fan de klup bisto ek ferantwurdlik foar de finânsjes fan dyn ploech. Do betellest by de wyklikse bywurkings de útjeften en dan hellest ek de ynkomsten op. Do kinst de eksakte tiid dat it yn dyn lân bart sjen op it Lokale Skema. Ast bygelyks in spiler oanlûkst foar 10 000 US$ is de spiler daliks beskikber, en dyn "Spileroankeapen"-kategory ferhege wurdt mei 10 000 US$.

Ynkomsten en útjeften

Op de finânsjes-side kinst dyn budzjet foar dizze wike sjen, en it finansjele ferslach fan ferline wike. Dit is wat de kategoryen ynhâlde:

Ynkomsten

Kaartferkeap: Dyn ynkomsten út thúswedstriden yn de kompetysje en midwykse wedstriden. Lês it haadstik "It Stadion" foar mear ynfo oer taskôgersynkomsten.

Sponsers: Eltse wike krijst in bedrach fan dyn sponsers. Lês it haadstik "Fans en sponsers" foar mear ynfo.

Ferkeapen: Ast in spiler ferkeapest komme de ynkomsten hjir te stean. Lês it haadstik "Oerstappen" foar mear ynfo.

Kommisje: Ast jild ûntfangst omdatst by in spilerferkeap de foarige klup of memmeklup wiest, wurdt it hjir toand. Lês it haadstik "Oerstappen" foar mear ynfo.

Oars: De oare ynkomsten wurde hjir opteld, tink oan lidmaatskip fan dyn fans en prizenjild.

Utjeften

Lean: Eltse wike betellest it lean fan dyn spilers. Foar eltse spiler betellest 250 US$ plus in bedrach basearre op syn feardigens en leeftyd. Do betellest 20% ekstra foar spilers út it bûtenlân.

Stadionûnderhâld: De wyklikse kosten foar it draaien en ûnderhâld oan dyn stadion. Lês it haadstik "It Stadion" foar mear ynfo.

Stadionferbouwing: Bou- of sloopkosten atst dyn stadion ferboust.

Personiel: Elts personielslid kostet dy tusken 1 020 US$ en 33 840 US$ per wike, ôfhinklik fan it nivo fan it personielslid (1 oant 5) en de lingte fan it kontrakt (1 oant 16 wiken).

Skouting: De wyklikse kosten foar dyn jeugdakademy, of dyn wyklikse ynvestearring yn dyn skoutnetwurk.

Oanwinsten: Dyn kosten foar it keapjen fan nije spilers fan de oerstaplist komme hjir telâne. Lês it haadstik "Oerstappen" foar mear ynfo.

Oars: De oare kosten wurde hjir opteld, tink oan it ûntslaan fan personiel en it promovearjen fan spilers nei dyn senioaren.

Rinte: Ast skulden hast, moatst rinte betelje.

Kapitaal en Bestjoerspot

It bestjoer limitearret hoefolle kapitaal kontant beskikber is foar de manager, om út te jaan oan salaris, oerstapkosten of stadionferbouwings. Alle middelen foarby dit wurkkapitaal wurde troch it bestjoer reservearre om de takomstige stabiliteit fan de klup waar te boargjen. As dat nedich is, sil it bestjoer jild út de reserves frijjaan yn it wurkkapitaal, mar dat bart neffens in foarôf bepaalde snelheid.

De Finansjeel Direkteur, dy'tst as personiel ynhiere kinst, kin sawol it wurkkapitaal as de weromjeftesnelheid út reserves ferheegje.

Skulden en bankrot

Neat hâldt dy tsjin om jild út te jaan, sels as dyn bank-balâns op nul stiet. Do kinst in lytse skuld ha en noch jild útjaan oan bygelyks it keapjen fan spilers of it ynhieren fan in coach. As do ienris 200 000 US$ yn 'e skuld stiest, binne dyn opsjes om te besteegjen beheind. Do kinst in kredyt fan 500 000 US$ by de bank krije, mar do silst flink wat rinte oer dat liende jild betelje moatte. As dyn skulden oprinne oant 500 000 US$ silst in bankrot-warskôging krije. Ast dyn balâns net binnen twa wiken nei dyn warskôging boppen de skuldenlimyt fan 500 000 US$ bringst, wurdst twongen om it Hattrick-kompetysjesysteem fallyt te ferlitten! It is wol sa dat as in ploech spilers te keap stean hat en der genôch op bean is om de "feilige zône" te berikken, de ploech net bankrot ferklearre wurde sil. In ploech dy't genôch jild yn de bestjoerspot hat, sil net bankrot ferklearre wurde (mar sil noch rinte betelje fan har gewoane rekken).

Fans en sponsers

Sawol dyn sponsers as dyn fans foarmje belangrike ynkomstenbronnen. Wy riede dy dêrom tige oan om in goeie relaasje mei harren te hawwen en harren sin goed te hâlden - dat sil him úteinlik útbetelje.

Stimming fans

De leden fan dyn fanklup bepale in protte oangeande de finânsjes fan dyn ploech. Lidmaatskipskosten (30 US$ / lid) wurde ienris per seizoen betelle, mar harren stimming is belangriker as it giet om dyn ynkomsten út kaartferkeap foar dyn stadion.

De ienfâldichste wize om harren stimming goed te hâlden, en mear fans oan te lûken, is om oan harren ferwachtings te foldwaan (of sels mear as dat). De aktuele stimming fan dyn fans kinst op de 'Fans'-side sjen.

Seizoensferwachtings

Oan it begjin fan it seizoen sille dyn fans dy fertelle wat sy ferwachtsje fan de ploech. Harren ferwachtings hingje foaral gear mei wat der ôfrûne seizoen bard is, wat de fans doe ferwachtten en wat it resultaat doe wie.

Mei't dyn ploech opklimt (of sakket) yn it divyzjesysteem wenne dyn fans stadichoan oan de nije sitewaasje. Atst krekt promovearre bist, sille fans net safolle fan dy ferwachtsje. Mar atst jier nei jier yn deselde divyzje hingjen bliuwst, sille fans oanstriid ha om op krekt wat mear te hoopjen.

Wedstriidferwachtings

De seizoensferwachtings ha wer ynfloed op de ferwachtings foar eltse wedstriid. Op de 'Fans'-side kinst sjen wat de fans fan eltse wedstriid ferwachtsje. Yn it algemien ferwachtsje dyn fans mear ast thús spilest.

As de útslach fan de wedstriid oerienkomt mei wat se ferwachten, sille se dy wurdearje ast winst (en net al te teloarsteld wêze as se in ferlies al ferwachte hienen). As de útslach better wie as wat se ferwachten sil harren stimming better wurde. As de útslach minder is as wat se ferwachten sil it in negative ynfloed op harren stimming ha. Foar de earste kompetysjerûndes fan it seizoen sil de reaksje fan dyn fans op de útslagen wat matige wêze.

Oan it begjin fan it seizoen binne wedstriidferwachtings basearre op de seizoensferwachtings fan de fans fan beide ploegen. Mei't it seizoen langer duorret sille it plak yn de stân en it oantal punten fan beide ploegen belangriker wurde. By bekerwedstriden basearje de fans harren wedstriidferwachtings allinnich op de seizoensferwachtings (ynklusyf divyzjenivo) fan beide ploegen.

Ynfloed fan ploechhâlding en kapitaal op fans

Ast dyn spilers de opdracht "Spylje rêstich" of "Wedstriid fan it seizoen" meijoust hat dat ynfloed op de reaksje fan de fans op de útslach fan de wedstriid. As de útslach foldocht oan de ferwachtingen (of better is) sil it positive effekt wat minder wêze as der rêstich spile waard, en it positive effekt sil wat grutter wêze by de wedstriid fan it seizoen.

As de útslach minder is as ferwachte sil it negative effekt grutter útfalle as der rêstich spile waard, en it negative effekt falt wat lytser út as it gie om de wedstriid fan it seizoen.

Ast in protte kapitaal efter de hân hâldst is it lestiger om dyn fans tefreden te stellen, omdat sy it gefoel ha datst dat jild ynvestearje moatst om súkses te beheljen. Fans fan rike ploegen reagearje sterker op ferlies en swakker op winst as fans fan earmere ploegen. Hoe mear kapitaal dyn ploech efter de hân hâldt, hoe sterker dy gefoelens wêze sille.

Sponsers

Sponsors binne in wichtige bron fan ynkomsten foar dyn klup. Lykas by fans betsjut dit dat suksesfolle ploegen ek mear betelle wurde. Mar sponsors konkurrearje ek mei elkoar en hawwe ferskillende strategyen foar hoe't se dyn ploech beleanje wolle, en dit is iets dat in tûke manager yn har foardiel kin brûke.

Yn wike 16, de wike foardat it nije seizoen begjint, wurdt de manager in oantal sponsoroanbiedingen foar it kommende seizoen presintearre.

Alle ploegen yn in kompetysje hawwe deselde kâns om in bepaald oanbod te ûntfangen, mar bedraggen kinne ferskille, om't sponsors har oanbiedingen basearje op fanklupnivo's en ek op divyzje. Dit betsjut dat alle ploegen in unike miks fan oanbiedingen presintearre wurde sille, wêrby't de manager fereasket om goed nei te tinken oer wat it bêste wurket foar syn of har ploech.

Alle kontrakten befette in fêst ynkommen eltse wike. Oanfoljend hawwe se ek ien as mear bonussen en dizze binne oars foar elts oanbean kontrakt. Guon fan dizze bin hiel maklik te foltôgjen foar in fêste beleanning, wylst oaren riskanter binne, mar ek mei in grutter potinsjele bonus komme. Kontrakten ferrinne oan it ein fan elk seizoen en do krigest dan nije kontrakten om út te kiezen.

As do gjin oanbod selektearst, sil it Bestjoer it foar dy dwaan. Se sille altyd it kontrakt selektearje mei it minste risiko, en dus potinsjeel legere beleanning.

It stadion

Dyn klup sil begjinne mei in lyts stadion, do hast tidens dyn Hattrick-karriêre genôch kâns om it te ferbetterjen. Op de stadionside kinst alle gegevens fan dyn stadion sjen en beheare.

Ynkomsten en útjeften

Dyn stadion kin fjouwer ferskillende types plakken ha, dy't alle fjouwer ferskillende ynkomsten en wyklikse ûnderhâldskosten mei har meibringe.

  Ynkomsten Wyklikse kosten
Steanplakken 7 US$ 0.5 US$
Sitplakken 10 US$ 0.7 US$
Sitplakken mei dak 19 US$ 1 US$
VIP-plakken 35 US$ 2.5 US$

Op it wedstriidferslach fan in thúswedstriid kinst sjen hoefolle ferskate types plakken der dy wedstriid ferkocht wienen. De ynkomsten fan wedstriden wurde ferskillend tusken de klups ferdield, dat hinget ôf fan it type wedstriid:

Kompetysjewedstriden: De thúsploech hâldt alle ynkomsten.

Bekerwedstriden: De thúsploech nimt 67% fan de ynkomsten, de útploech krijt 33%, útsein de lêste seis rûnden dy't spile wurde op neutraal terrein, it ynkommen wurdt dan gelyk ferdield.

Trenings- en kwalifikaasjewedstriden: De ynkomsten wurde lyk ferdield.

Opkomst fan dyn taskôgers

It hinget gruttendiels fan dyn fans ôf hoefolle taskôgers der nei dyn stadion ta komme. De stimming fan dyn fans en de grutte fan dyn fanklup binne de belangrykste taskôgersfaktoaren. Dyn aktuele posysje yn dyn kompetysje en it ferskil tusken dyn plak yn de stân en dat fan dyn tsjinstanner binne ek fan belang (foar kompetysjewedstriden).

Ta bepaalde hichte meitsje de fans fan dyn tsjinstanner (stimming en grutte fan de fanklup) ferskil, guon fan harren wolle faaks ek komme. It is goed om te witten dat minsken it nijsgjirriger fine om nei dyn stadion te kommen mei't it seizoen langer duorret. Yn it algemien krijst mear taskôgers oan de ein fan it seizoen as oan it begjin fan it seizoen.

Dan makket fansels it waar ek nog ferskil. Yn min waar sille der minder taskôgers nei dyn stadion komme, mar dejingen dy't komme binne yn it algemien mear ynteressearre yn de djoerdere kaarten foar oerdekte sitplakken. Dêrtroch is it mooglik dat dyn ynkomsten foar ferskate waartypes likernôch like heech binne, as der genôch gaadlike stean-/sitplakken binne.

It stadion ferbetterje

Om dyn stadion te ferbetterjen joust in boubedriuw opdracht om dyn stadion te ferbouwen. Der giet wat tiid oerhinne, ôfhinklik fan de grutte fan de ferbouwing kin dat in wike of mear duorje. Alle besteande plakken bliuwe tidens de ferbouwing beskikber. Do betellest in fêste priis fan 10 000 US$ per ferbouwing, dêr boppenop noch de kosten per plak datst tafoegje of ferwiderje wolst:
  Boukosten Sloopkosten
Steanplakken 45 US$ 6 US$
Sitplakken 75 US$ 6 US$
Sitplakken mei dak 90 US$ 6 US$
VIP-plakken 300 US$ 6 US$

It is in goed idee om in mingsel fan ferskate types plakken oan dyn fans oan te bieden. De measte minsken wolle in steanplak ha, dêrom moat dat it grutste oantal fan dyn plakken wêze. Guon minsken geane allinnich nei wedstriden as sy komfortabel sitte kinne (en sommige wolle sels in dak boppe de holle ha), dus dêr moatst ek aardich wat fan ha. Dan is der ek noch de "garnalencocktail"-groep, dy't allinnich op fraaie VIP-plakken sitte wol, dêr binne net safolle fan, mar do wolst harren net ferjitte. Sitplakken mei dak en VIP-plakken wurde net sa beynfloede troch min waar as de oare types.

Personiel

It hieren fan goed personiel is fan essinsjeel belang foar dyn ploech en foar de úntwikkeling fan dyn klup. Dyn personiel mei dan wol net oan de kant stean tidens de wedstriid, mar se wurkje wol mei dyn spilers of folbringe oare kaaitaken foar de klup. Se folje dyn trener oan en foar dy as manager is it essinsjeel om te soargjen datst de goede minsken om dy hinne hast.

Personielseffekt en feardigensnivo

Eltse bydrage dy'tst krijst troch it oannimmen fan in personielslid is oanbrocht as statyske bonus boppe op dyn besteande ploechstatistiken. Dy bonus sil altyd sichtber foar dy wêze. Lykwols, om't dyn statistiken dynamysk binne en beynfloede wurde troch ferskillende faktoaren, is it úteinlike effekt fan in personielslid lestich om krekt yn te skatten. Wêr'st wis fan wêze kinst, is datst de nulle de goede kant op wiist. Personielsleden mei hegere feardigensnivo's drage ek mear by oan it bonuseffekt. Dy bonussen binne rjochtlinich - wat betsjut dat alle ekstra feardigens likefolle bydraacht as de feardigens dêrfoar. Ast ferskillende personielsleden hast fan itselde soart, dan wurde dyn bonussen kombinearre en yn ien kear oanbrocht. Sa is ien assistinttrener fan nivo 4 likefolle wurdich as twa fan nivo 2. Om it makliker te meitsjen, silst op de personielsside altyd de bonus sjen kinne dy't dyn personiel jout, ek fan personiel datst fan doel bist oan te nimmen. In tabel mei alle soarten personiel en bonussen kinst hjir oan de ein fine.

Grutte fan dyn efterkeamerploech

Do kinst yn totaal fjouwer personielsleden oannimme. Meist oant twa asistinttreners tagelyk oannimme. Foar al it oare personiel stiet dyn bestjoer mar ien wurknimmer tagelyk ta.

Oannimme en dien jaan

Ast personiel ynhierst dan stelst in kontrakt op foar in bepaalde tiid, fan 1 oant 16 wiken. Hoe langer it kontrakt duorret, hoe leger de salariskosten yn de wike wêze sille. It is mooglik om kontrakten earder te ferbrekken, mar dan moatst in oprotpreemje betelje dat it dûbele kostet fan it bedrach datst besparre hast troch him in kontrakt foar langere tiid oan te bieden. It kin aardich djoer wêze om dy te betinken. In personielslid kin nea dien jûn wurde yn de earste en de lêste wike fan syn kontrakt. Dêrbúten binne gjin beheinings yn it feroarjen fan dyn personielsgearstalling.

Ferbrekken fan in kontrakt

It is mooglik om kontrakten earder te ferbrekken, mar dan moatst in oprotpreemje betelje dat it dûbele kostet fan it bedrach datst besparre hast troch him in kontrakt foar langere tiid oan te bieden. Ast bygelyks een kontrakt fan in personielslid fan nivo 3 fan 13 wiken hast en ast fan plan bist dit kontrakt yn de achste wike te brekken, dan hast no 8 wiken lang 4 800 US$ yn de wike of 38 400 US$ yn totaal betelle. Asto in kontrakt foar 8 wiken hân hiedest, dan soedest 8 wiken lang 6 000 US$ yn de wike of 48 000 US$ yn totaal betelle ha. De besparring is 9 600 US$ en de oprotpreemje sil 19 200 US$ wêze.

Kosten/wike

Lingte fan it kontrakt Nivo 1 Nivo 2 Nivo 3 Nivo 4 Nivo 5
1 wike 2 115 US$ 4 230 US$ 8 460 US$ 16 920 US$ 33 840 US$
2 wiken 2 055 US$ 4 110 US$ 8 220 US$ 16 440 US$ 32 880 US$
3 wiken 1 890 US$ 3 780 US$ 7 560 US$ 15 120 US$ 30 240 US$
4 wiken 1 770 US$ 3 540 US$ 7 080 US$ 14 160 US$ 28 320 US$
5 wiken 1 710 US$ 3 420 US$ 6 840 US$ 13 680 US$ 27 360 US$
6 wiken 1 650 US$ 3 300 US$ 6 600 US$ 13 200 US$ 26 400 US$
7 wiken 1 575 US$ 3 150 US$ 6 300 US$ 12 600 US$ 25 200 US$
8 wiken 1 500 US$ 3 000 US$ 6 000 US$ 12 000 US$ 24 000 US$
9 wiken 1 440 US$ 2 880 US$ 5 760 US$ 11 520 US$ 23 040 US$
10 wiken 1 380 US$ 2 760 US$ 5 520 US$ 11 040 US$ 22 080 US$
11 wiken 1 320 US$ 2 640 US$ 5 280 US$ 10 560 US$ 21 120 US$
12 wiken 1 260 US$ 2 520 US$ 5 040 US$ 10 080 US$ 20 160 US$
13 wiken 1 200 US$ 2 400 US$ 4 800 US$ 9 600 US$ 19 200 US$
14 wiken 1 140 US$ 2 280 US$ 4 560 US$ 9 120 US$ 18 240 US$
15 wiken 1 080 US$ 2 160 US$ 4 320 US$ 8 640 US$ 17 280 US$
16 wiken 1 020 US$ 2 040 US$ 4 080 US$ 8 160 US$ 16 320 US$

Personielssoarten

De assistinttrener

De bonus op treningssnelheid dy't troch assistinttreners jûn wurdt, wurdt tafoege oan de besteande treningseffisjinsje fan dyn ploech. Soargje derfoar datst in goeie haadtrener hast foardatst in protte jild útjouwst oan assistinttreners. Mar ast in kompetinte haadtrener hast, kin it oannimmen fan feardige assistinttreners foar eltse ploech dy't him rjochtet op trening in goeie strategy wêze.

Nivo Treningssnelheid Blessuererisiko Foarm
Nivo: 0
Gjin bonus 40% Gjin bonus
Nivo: 1
+3,5% +2,5% +0,05
Nivo: 2
+7% +5% +0,1
Nivo: 3
+10,5% +7,5% +0,15
Nivo: 4
+14% +10% +0,2
Nivo: 5
+17,5% +12,5% +0,25

Utlis fan effekten

Dizze bonus wurdt as fermannichfâldigensfaktor tafoege oan de besteande treningseffisjinsje sa't dy bepaald is troch de trenersfeardigens fan dyn haadtrener, dyn ynstelde treningsyntensiteit en dyn keazen kondysjediel. Ast bygelyks in bêst trener hast, 100% treningsyntensiteit en in kondysjediel fan 10%, wurde de folgjende treningssnelheden helle foar in spiler fan 22 jier mei formidabel posysjespul:

Gjin assistinttrener: 8 wiken oant de folgjende ferbettering.
Trenernivo fan mei-inoar Nivo 5: 7 wiken oant ferbettering.
Trenernivo fan mei-inoar Nivo 10: 6 wiken oant ferbettering.
Trenernivo fan mei-inoar Nivo 10: 6 wiken oant ferbettering.

Do kinst oant twa assistinttreners tagelyk yn tsjinst ha. Ast ferskate assistinttreners hast, leverje harren kombinearre feardigensnivo's ien inkele bonus op. Dit betsjut dat in nivo-4 assistinttrener likefolle bijdraagt as twa nivo-2 assistinttreners.

Neist de effekten op trening, ha assistinttreners twa by-effekten. Foarm wurdt ferhege, mar it risiko op blessueres ek.

It risiko op blessueres wurdt berekkene it middele oantal blessueres per wedstriid, net per spiler mar per ploech. De basiswearde is 0,4 blessueres per wedstriid foar dyn ploech. Mei in nivo-5 dokter kin dit werom brocht wurde ta 0,025. Assistinttreners drage 0,025 blessueres per wedstriid per ynhierd nivo by oan in heger risiko op blessueres. Dit betsjut dat in nivo-5 assistinttrener dyn basisrisiko op blessueres ferheget ta 0,525 blessueres per wedstriid (0,15 mei in nivo-5 dokter), en twa nivo-5 assistinttreners jouwe dy in basisrisiko op blessueres fan 0,65 blessueres per wedstriid (0,275 mei in nivo-5 dokter).

Sa't al beneamd is, ha assistinttreners as positive kant ek ynfloed op de eftergrûnfoarm fan dyn spilers. Ast de folledige 10 nivo's assistinttreners ynhierst, wurdt de eftergrûnfoarm mei 0,5 nivo ferhege. Mei oare wurden, twa nivo-5 assistinttreners drage de helt fan de bydrage fan in nivo-5 foarmtrener by.

Werom nei Personielssoarten

Dokter

Dokters drage de ferantwurdlikens foar de algemiene fysike staat fan dyn spilers. Dit hâldt yn dat sy sawol proaktyf wurkje om blessueres te foarkommen, as dat sy it herstel fan blessearre spilers begeliede. It ynhieren fan in dokter foar dyn ploech ferlytst it risiko op blessueres, lykas de hersteltiid foar blessearre spilers.

Nivo Herstelsnelheid Blessuererisiko
Nivo: 0
Gjin bonus 40%
Nivo: 1
+20% -7,5%
Nivo: 2
+40% -15%
Nivo: 3
+60% -22,5%
Nivo: 4
+80% -30%
Nivo: 5
+100% -37,5%

Utlis fan effekten

By eltse wedstriid dy't dyn ploech spilet, is der foar dyn spilers in bepaald risiko op blessueres. Ast in dokter ynhierst, ferleget dat it basisrisiko op blessueres foar dyn ploech. In nivo-5 dokter ferleget it basisrisiko op blessueres fan 0,4 blessueres per wedstriid nei 0,025 blessueres per wedstriid. Wês dy derfan bewust dat oare faktoaren - lykas it ynhieren fan assistinttreners - it risiko ferheegje kinne.

As in spiler blessearre rekket, fersnelle dokters ek harren herstel. Yn Hattrick wurde blessueres toand mei in ynskatten hersteltiid yn wiken. By eltse deistige bywurking herstelt de spiler in bytsje op wei nei 90% sûnens (wannear't er wer spylje kin, mar noch oanslein is), en dan úteinlik troch nei 100% sûnens, as der gjin tekenen fan syn blessuere mear oer binne.

De grafyk toant hoefolle sneller in spiler fan deselde blessuere herstelle sil, tsjinoer de ynfloed fan wol of gjin dokter. Sûnder dokter hat in spiler fan 19 jier 3 wiken nedich om te herstellen. Mei in nivo-2 dokter hat hy dêr ûngefear 2 wiken foar nedich. In nivo-5 dokter fermindert dit nei ûngefear oardel wike.

In spiler fan 29 jier mei deselde blessuere soe sûnder dokter 6 wiken nedich ha om te herstellen. In nivo-1 dokter fermindert dit nei ûngefear 5 wiken, in nivo-5 dokter nei krekt ûnder 3 wiken.

Werom nei Personielssoarten

Sportpsycholooch

It mentale diel fan de wedstriid is hast like belangryk as it fysike. It ynhieren fan in sportpsycholooch kin dy echt helpe by it oanbringen fan in winnende atmosfear. Dit personielslid helpt dy by it behâlden fan it fertrouwen fan dyn ploech yn harren eigen spul, en by it opkweekjen fan de ploechsfear fan de hiele seleksje.

Nivo Ploechsfear Fertrouwen
Nivo: 0
Gjin bonus Gjin bonus
Nivo: 1
+0,1 +0,2
Nivo: 2
+0,2 +0,4
Nivo: 3
+0,3 +0,6
Nivo: 4
+0,4 +0,8
Nivo: 5
+0,5 +1

Utlis fan effekten

De ploechsfear wurdt oanstjoerd troch de hâlding fan dyn ploech dy'st ynsteld hast foar spile wedstriden. Daliks nei in wedstriid kin de ploechsfear heger of leger wurde, ôfhinklik fan de ploechynstelling. Mar by eltse deistige bywurking beweecht de ploechsfear nei it middele, dus as dyn ploech in hege sfear hat sil dy stadich sakje, en as dyn ploech in lege sfear hat, sil dy stadich herstelle. In sportpsycholooch kin dy helpe dit proses te ferbetterjen troch de basiswearde wêr't dyn ploechsfear him hinne beweecht te ferheegjen. In hegere basiswearde hâldt yn dat in goeie ploechsfear stadiger sakje, en in minne ploechsfear sneller stige sil. De ûntfongen bonus is in tsiende nivo per ynhierd feardigensnivo. Dit betsjut dat in nivo-5 sportpsycholooch de basiswearde fan dyn ploechsfear ferheegje sil mei in heal nivo ploechsfear.

It selsbetrouwen fan dyn ploech wurdt ek beynfloede troch de sportpsycholooch. Selsbetrouwen wurdt foaral oanstjoerd troch de resultaten fan dyn ploech en hoefolle doelpunten jim skoard ha. Mar de sportpsycholooch foeget oan it selsbetrouwen ek in bonus ta. Dizze bonus is gelyk oan in folledich nivo selsbetrouwen foar in nivo-5 sportpsycholooch, of 0,2 nivo selsbetrouwen per ynhierd feardigensnivo.

Werom nei Personielssoarten

Foarmtrener

De prestaasje fan dyn spilers hinget net allinnich ôf fan technyske feardigens en fysike kondysje. Spilers reitsje yn en út foarm, en in protte faktoaren kinne hjir ynfloed op ha, net yn it minst mentale faktoaren.

De foarmtrener rjochtet him derop dat er it measte hellet út it spilersmateriaal datst hast. Hy hâldt de seleksje wedstriidfit en motivearre. It ynhieren fan in foarmtrener is gjin snelle oplossing, it effekt is ek net bliuwend, mar foar sommige ploegen en sommige sitewaasjes kin it in goeie oplossing wêze.

Nivo Foarm
Nivo: 0
Gjin bonus
Nivo: 1
+0,2
Nivo: 2
+0,4
Nivo: 3
+0,6
Nivo: 4
+0,8
Nivo: 5
+1

Utlis fan effekten

De foarm fan in spiler jouwt oan hoe ticht syn prestaasjes tsjin syn bêst mooglike prestaasje oan sitte. It nivo dat stiet by de spiler is de aktuele foarm, dizze wurdt brûkt by de wedstriidsimulaasjes. De aktuele foarm is altyd yn beweging, en it nivo wêr't de foarm hinne beweegt hjit de eftergrûnfoarm. Troch in foarmtrener yn te setten ûntfangst in bonus by de bywurkings fan dyn eftergrûnfoarm. Wannear't de eftergrûnfoarm opnij berekkene wurdt (dit bart middele om de wike) sil elts feardigensnivo fan de foarmtrener de eftergrûnfoarm ferheegje mei 0,2 nivo. Dit hâldt yn dat in nivo-5 foarmtrener by de bywurking in hiel nivo oan de eftergrûnfoarm fan dyn spiler tafoeget. Tink derom, de eftergrûnfoarm kin noch altyd sakje, mar it middele, rekkene oer langere tiid, sil heger wêze.

Werom nei Personielssoarten

Finansjeel Direkteur

De Finansjeel Direkteur fermearderet de ekonomyske fleksibiliteit fan managers. Dit is ALLINNICH bysûnder handich is foar managers fan rike klups.

(Ast in nije dielnimmer bist, hoechst net te oerweegjen om in Finansjeel Direkteur oan te nimmen.)

Gewoanlik beheint it Bestjoer it beskikbere jild foar de manager foar útjeften as lean, oerstapopbringsten of stadionprojekten. Alle jildstreamen boppe it limyt wurde bewarre troch it Bestjoer om wis te wêzen fan takomstige stabiliteit fan de klup. As it nedich is sil it Bestjoer it jild frijjaan út de reserves, mar allinnich yn berekkene mjitte. Ekstra wurkkapitaal sil yn reserves weromstoarten wurde mei 2% fan it totaalkapitaal per wike.

Troch it ynhieren fan in Finansjeel Direkteur sil it Bestjoer in grutter wurkkapitaal tastean en in fluggere weromjefte dwaan fan it opsleine jild. Dat soarget derfoar dat de manager aggresiver ynfestearje kin as dat it Bestjoer gewoanwei tastean soe. It hawwen fan in Finansjeel Direkteur kin nedich wêze foar ploegen dy't in pear seizoenen lang sparre ha om no in djoere sprint te meitsjen om de Beker of de kompetysjetitel.

Nivo Maksimale ynvestearrings Weromjefte/wike
Nivo: 0
15 000 000 US$ 50 000 US$
Nivo: 1
17 000 000 US$ 100 000 US$
Nivo: 2
19 000 000 US$ 200 000 US$
Nivo: 3
21 000 000 US$ 300 000 US$
Nivo: 4
23 000 000 US$ 400 000 US$
Nivo: 5
25 000 000 US$ 500 000 US$

Foarbyld: Team Tycoon hat in totaalkapitaal fan 40 000 000 US$ sammele. Sûnder finansjeel direkteur sil it bestjoer de manager mar tagong jaan ta 15 000 000 US$ per kear. As de manager 2 000 000 US$ útjout, en it nije wurkkapitaal 13 000 000 US$ is, sil it bestjoer wer ynvestearingskapitaal beskikber stelle foar de manager, mar mei it lege bedrach fan 50 000 US$ per wike.

No nimt Team Tycoon in nivo-3 finansjeel direkteur oan. It bestjoer fertrouwt der mear op dat it wurkkapitaal ferantwurdlik besteed wurdt. It tastiene wurkkapitaal wurdt ferhege nei 21 000 000 US$, en de wyklikse oanfulling wurdt ferhege nei 300 000 US$. Salang't it wurkkapitaal fan de klup leger is as 21 000 000 US$, wurdt troch it bestjoer automatysk 300 000 US$ per wike fan de reserves nei it wurkkapitaal oermakke. As it wurkkapitaal grutter wurdt as 21 000 000 US$, bygelyks troch spilerferkeapen, streamt it jild de reserves wer yn, mei 2% fan it totale kapitaal per wike.

Werom nei Personielssoarten

Taktysk assistint

It oannimmen fan in taktysk assistint sil de fleksibiliteit fan dyn ploech fergrutsje mei mear strategyske setten en avansearre opstellings. It effekt fan it hawwen fan in taktysk assistint is benammen sterk op koarte termyn om't er allinnich de kommende wedstriid beynfloedet. Soargje datst ien ynhierst wannear't dyn klup him nedich hat.

Nivo Ekstra wiksels / oarders Spylstyl fleksibiliteit
Nivo: 0
Gjin bonus Gjin bonus
Nivo: 1
+1 +20pp
Nivo: 2
+2 +40pp
Nivo: 3
+3 +60pp
Nivo: 4
+4 +80pp
Nivo: 5
+5 +100pp

Utlis fan effekten

Yn pleats fan de fiif maksimum spesifike oarders foar eltse wedstriid (dat brûkt wurde kin foar wiksels, oar spilersgedrach en posysjewiksels) krigest no ien ekstra oarder foar elts nivo fan dyn taktysk assistint, mei in maksimum fan tsien oarders mei in nivo fiif taktysk assistint. Ferjit net datst net mear dan trije wiksels foar eltse wedstriid dwaan kinst, dêr feroaret in taktysk assistint nea oan.

De spylstyl farieart tusken 100% ferdigenjend (wat standert is foar ferdigenjend ynstelde coaches) en 100% oanfallend (wat standert is foar coaches dy't fan de oanfal hâlde) mei neutraal as middelpunt. Do kinst de spylstyl by eltse wedstriid ynstelle by it wedstriidoarderskerm. Do kinst 20% ôfwike fan de spylstyl fan dyn coach foar elst nivo fan dyn taktysk assistint.

Asto bygelyks in ferdigenjende trener hast en ek in nivo fiif taktysk assistint, dan kinsto dyn spylstyl ynstelle op alle plakken tusken 100% definsyf en neutraal. Asto in neutrale trener hast mei in nivo fiif taktysk assistint dan kinsto dyn spylstyl ynstelle op alle plakken tusken 50% ferdigenjend en 50% oanfallend.

De taktyskt assistint moat op dyn leanlist stean op it momint datst de wedstriid spilest. Mochtest wedstriidoarders jûn ha op it momint datst in taktysk assistint hiedest en him dernei dien jûn hast of syn kontrakt net ferlingd hast, dan sil de wedstriid simuleare wurden sûnder de ekstra wiksel/oarders en mei de standert spylstyl fan dyn coach.

Opstelling: Underfining en ferwarring

Formaasje-ûnderfining

Dyn ploech kin eltse formaasje spylje dy'tst brûke wolst, mar dyn spilers kinne betize reitsje en dêrtroch ûnder harren normale kinnen spylje, ast in formaasje ynsetst dêr't se gjin ûnderfining mei ha. Om dy ûnderfining te ferheegjen en ferwarring te ûntrinnen hat dyn ploech gewoan wat oefening nedich. Alle kearen datst in formaasje brûkst, krijst der mear ûnderfining yn (trenings- en kompetitive wedstriden telle dêrfoar likefolle mei, toernoaien, ljedders, duels en Hattrick Masters telle net mei). De ûnderfining dy'tst opdochst foar eltse formaasje dy'tst brûkst is lykas trening minút-basearre (maks 90 minuten per wedstriid). Nettsjinsteande dochst ek by in fersakingswinst foar 90 minuten formaasjeûnderfining op atst sels in jildige opstelling mei minstens 9 spilers op it fjild stean hast. As do gjin jildige opstelling fan op syn minst 9 spilers yntsjinnest, twingt dit oare klupfunksjonarissen om de opstelling foar dy te meitsjen, en sille dyn spilers gjin formaasjeûnderfining krije.

Op hegere nivo's wurdt it lestiger om ûnderfining op te dwaan. Ast in bepaalde formaasje net brûkst, sil de ûnderfining dêryn mei de tiid sakje. Do rinst ek eltse kear datst in spiler ferkeapest it risiko datst in bytsje formaasjeûnderfining ferliest.

Betizing

As dyn spilers mei in formaasje net genôch ûnderfining ha, rinne sy op elts momint yn in wedstriid it risiko dat se betize reitsje en dat hat in negative ynfloed op harren prestaasje. In poerbêst nivo formaasje-ûnderfining (of better) is genôch om gjin risiko te rinnen. Hoe leger de formaasje-ûnderfining, hoe heger it risiko om betize te reitsjen. As de byinoar optelde yndividuele ûnderfining fan dyn spilers (sjoch hjirûnder) heech is, nimt it risiko ôf.

Yn gefal fan betizing bepaalt dyn formaasje-ûnderfining ek hoe slim oft dyn spilers betize reitsje; hoe leger dyn formaasje-ûnderfining is, hoe slimmer oft dyn spilers betize reitsje sille. As dyn spilers betize reitsje, dan sil yn it wedstriidferslach in tekst toand wurde mei it aktuele organisaasjenivo fan dyn ploech. In betizingsfoarfal dêr't de organisaasje fan dyn ploech yn sakket nei "neat wurdich" hâldt yn dat it tige slim wie, as it sakket nei "bêst" hat it mar in beheind effekt. As dyn spilers healwei (of foar de ferlinging) yn de war binne kin dyn coach de sitewaasje wat ferbetterje troch ekstra útlis te jaan.

Yndividuele ûnderfining fan spilers

Underfining hat in positive ynfloed op de aksjes fan in spiler op it fjild. De spiler docht syn ûnderfining op troch wedstriden te spyljen. Bekerwedstriden jouwe ûngefear twa kear safolle ûnderfining as kompetysjewedstriden.Challenger en Consolation Cup wedstriden jouwe spiler de helte fan de ûnderfining as in kompetysjewedstriden. In ynternasjonale oefenwedstriid jout likernôch in fyfde diel fan de ûnderfining dy't in kompetysjewedstriid jout, in oefenwedstriid tsjin in lângenoat jout dêr wer likernôch de helte fan. Ynterlânwedstriden jouwe de measte ûnderfining, dêrnei wedstriden om de Hattrick Masters.

De ûnderfining dy't in spiler by in wedstriid opdocht is minút-basearre, lykas de trening. In spiler kin net mear as 90 minuten oan ûnderfining opdwaan per wedstriid.

Oanfierder en totale ûnderfining

Do kinst foar eltse wedstriid in oanfierder oanwize. Underfining en liederskip binne belangrike eigenskippen foar de oanfierder, syn nivo's yn dy eigenskippen jouwe in bonus wannear't de totale ûnderfining fan dyn ploech berekkene wurdt - dat kin foarkomme dat dyn ploech yn ferwarring rekket, of dat dyn spilers yn belangrike en dramatyske wedstriden nerveus wurde. Yn sokke sitewaasjes hat allinnich de ploech mei de leechste ûnderfining op dat spesifike momint it risiko dat in negatyf nervositeitsbarren krije kin. It ferskil tusken de ûnderfiningnivo's fan beide ploegen bepaalt hoe nerveus oft de spilers reitsje sille. Ploegen sille dêr yn kompetysje- of oefenwedstriden nea lêst fan ha.

De oanfierder fan dyn ploech moat yn dyn begjinopstelling stean. Ast gjin oanfierder keazen hast, sille de spilers dy spiler as oanfierder kieze, fan wa't sy fine dat er gaadlik is.

Strafskopnimmers

Beker- en kwalifikaasjewedstriden kinne op in strafskoppensearje útrinne as de stân nei de ferlinging noch altyd lyk is. Eltse ploech sil minstens fiif strafskoppen nimme. Do kiest dyn strafskopnimmers troch in dielside op it oarderformulier. Betink by it bepalen fan de folchoarder dat der neat spannender is as in strafskoppensearje. By eltse strafskop(mar net by in strafskop tidens de wedstriid) wurdt de ûnderfining fan de sjitter test. Neist ûnderfining wurdt ek rekkening hâlden mei de skoar- en deaspulfeardigens fan de skutter (en ek mei de Technysk-spesjaliteit). Foar doelferdigeners binne de feardigens doelferdigenjen en de spesjaliteit "Fluch" it ienige dat telt.

Wedstriid: Dea Spul en Spesjale Foarfallen (SE's)

Yn dit wedstriidhaadstik gean wy wat djipper op de stof yn en rjochtsje wy ús op twa wichtige wedstriidûnderdielen: hoe'tst skoare kinst út dea-spul-mominten en wat'st út "spesjale foarfallen" (SE's) helje kinst (en ek út oare ekstra wedstriidfoarfallen).

Dea Spul

Inkele fan dyn basisoanfallen sil útrinne op in Dea-Spulkâns. Krekt as yn it echte fuotbal kinst in protte punten helje troch goed te wêzen yn dea spul. Der binne twa Dea Spul-types, direkt en yndirekt.

Direkt Dea Spul

Direkt Dea Spul bestiet út strafskoppen en rjochtstreekse frije trapen. Om te skoaren brûkt dyn oanwiisde dea-spul-nimmer syn dea-spulfeardigens om de doelferdigener fan de tsjinstanner te tûk ôf te wêzen. Dyn doelferdigener brûkt, neist syn feardigens yn doelferdigenjen, sels dea spul by it ferdigenjen tsjin dea spul, mar kin dyn frije trapen fansels net nimme.

Yndirekt Dea Spul

Likernôch in tredde fan dyn dea-spul-kânsen sil yndirekt wêze. Yndirekt Dea Spul bestiet út yndirekte frije trapen (dy't net rjochtstreeks op doel geane), en it resultaat hinget ôf fan de ynspanning fan de ploech. Om oan te fallen brûkst (yn folchoarder fan belang) de middele skoarfeardigens fan dyn fjildspilers, harren middele dea-spulfeardigens en de dea-spulfeardigens fan dyn dea-spul-nimmer. Om te ferdigenjen brûkst (yn folchoarder fan belang) it middele ferdigenjen fan dyn fjildspilers, harren middele dea-spulfeardigens, it doelferdigenjen fan dyn doelferdigener, en syn dea-spulfeardigens.

Spesjale foarfallen

Neist de basisoanfallen kin it ek wêze dat der in "spesjaal foarfal" plak fynt. Spesjale foarfallen binne wedstriidfoarfallen dy't ôfhingje fan eigenskippen fan dyn spilers, foaral harren spesjaliteiten, dêrtroch wurdt it in aparte strategy om in ploech op te bouwen dy't in goeie balâns fan spilersspesjaliteiten hat.

Der binne twa types spesjale foarfallen, team foarfallen en yndividuele foarfallen. Dyn kâns dat in team spesjaal foarfal bart hinget ôf fan dyn balbesit (dat betsjut dat 55% balbesit ek 55% kâns op in team spesjaal foarfal betsjut).

De kâns op in yndividueel spesjaal foarfal hinget ôf fan de spesjaliteiten fan de spilers op it fjild. In protte spilers mei spesjaliteiten kin in foardiel wêze, mar it is net genôch. Mar ûnthâld dit: do moatst ek de spilers mei de goeie spesjaliteit foar in foarfal op de goeie posysje stean ha om it te krijen. It is wichtich om in goeie balâns fan spesjaliteiten te finen yn dyn ploech.

By elts spesjaal foarfal dat yn in wedstriid bart nimt de kâns op in folgjend spesjaal foarfal ôf.

Waarsomstannichheden

Bepaalde spesjaliteiten binne geskikter foar bepaalde waarsomstannichheden. In waarfoarfal hat fanôf it begjin fan de wedstriid ynfloed op de prestaasjes fan dyn spilers.

Technyske spilers winne 5% op al harren feardigens by sinneskyn, mar sy ferlieze deselde 5% op al harren feardigens as it reint.

Krêftige spilers winne 5% as it reint, mar sy ferlieze deselde 5% by sinneskyn.

Flugge spilers ferlieze 5% as it reint en as de sinne skynt.

Wannear't it waar ynfloed hat op de spilers, silst der ynformaasje oer fine yn it wedstriidferslach, en de spilerswurdearring sil syn prestaasje toane.

Doelpunt-foarfallen

Spesjaliteiten (en oare spilerseigenskippen) kinne dy ekstra oanfallen jaan. Neist wat hjirûnder stiet hat de spiler dy't de kâns krijt (meastal, mar net altyd de spiler dy't de kâns kreëarret) ek skoarenfeardigens nedich om út de oanfal skoare te kinnen.

Unfoarspelbere doelferdigeners, wjukferdigeners as sintrale ferdigeners kinne harren oerspyljen-feardigens brûke om ûnferwachte lange ballen te jaan. Unfoarspelbare sintrale middenfjilders, wjukspilers en oanfallers kinne harren skoaren-feardigens brûke om de bal te ûnderskeppen. Ek harren ûnfoarspelberens sels kin fjildspilers ûnferwachte skoarkânsen jaan. As in ûnfoarspelbere ferdigener of sintrale middenfjilder net feardich genôch is yn ferdigenjen kin hy ek in domdryste flater meitsje dy't de tsjinstanner in skoarkâns jout. Derneist kin in ûnfoarspelbere wjukspiler as oanfaller mei leech oerspyljen-feardigens soargje foar gaos yn dyn ferdigening, somtiden mei as resultaat in ûngelokkig eigen doelpunt.

Flugge wjukspilers, sintrale middenfjilders en oanfallers kinne in kâns kreëarje troch der mei in feart fan troch te gean. Dit kin troch de tsjinstanner ferdigene wurde troch in flugge definsive tsjinspiler (sintrale ferdigener as wjukferdigener) del te setten. Do krigest ek in bonus op dyn tsjinoanfallen taktykfeardigens foar eltse flugge wjukspiler, sintrale middenfjilder en oanfaller yn dyn ploech. Dyn tsjinstanner kin dit effekt lykwols noch ferminderje troch syn flugge sintrale middenfjilders, wjukferdigeners as sintrale ferdigeners as doelferdigener (allinich de bonus kin fermindere wurde, net de oarspronklike taktykfeardigens).

Technyske wjukspilers, sintrale middenfjilders en oanfallers kinne kânsen kreëarje as de tsjinspiler (doelferdigener, ferdigener of sintrale middenfjilder) in kopspesjalist is (de kopspesjalist hoecht net krekt de tsjinspiler tsjinoer te wêzen). Boppedat, eltse technyske sintrale ferdigener as wjukferdigener jout in lytse kâns om in taktyk-ûnôfhinklike tsjinoanfal te kreërjen út in mislearre normale kâns fan dyn tsjinstanner. Hoe heger de oerspyljen-feardigens fan 'e ferdigener, de grutter de kâns.

Wjukspilers dy't feardich genôch binne yn wjukspul kinne kânsen kreëarje dy't troch in oare wjukspiler, middenfjilder of oanfaller ôfmakke wurde moatte. As de oare spiler feardich genôch is yn skoaren, hat hy mear kâns om it doelpunt te meitsjen; as de oare spiler in kopspesjalist is, hat hy sels noch mear kâns.

Hoekskop: Do kinst dyn kânsen om út in hoekskop te skoaren ferheegje troch in spiler mei hege dea spul feardigens efter de bal te setten. Dêrneist helpt it om offinsyf hegere yndirekte spulwurdearrings te hawwen as de definsive yndirekt spulfeardigens fan dyn tsjinstanner. Der binne twa types hoekskoppen. By de earste fariant, wurdt it oantal fjildspilers mei spesjaliteit "Koppe" fan dyn ploech (dyn dea spulnimmer telt net mei) tsjinoer de kopspesjalisten fan de tsjinstanner set. Hoe grutter dit ferskil posityf foar dy útpakt, hoe grutter de kâns is om út dizze fariant te skoaren. Asto gjin kopspesjalisten hast, dan wurdt it tige dreech om dy goed tsjin in hoekskop te ferdigenjen en silst do net faak út in hoekskop skoare. Yn de twadde fariant hinget de kâns op skoaren ôf fan de skoarfeardigens fan de spiler dy't de bal út de hoekskop krijt. Hoekskoppen kinne derfoar soargje dat de oanfallende ploech in giele kaart krijt, mar as dyn spiler al giel hat sil hy ekstra foarsichtich wêze sadat de kâns op in tweadde kaart leger is as normaal.

Underfining: Oanfallers mei genôch ûnderfining kinne troch dyselde ûnderfining skoare. Sintrale ferdigeners en wjukferdigeners dy't net genôch ûnderfining ha kinne harren tsjinstanners in ekstra kâns jaan.

Wurgens: Wurge sintrale definsive spilers kinne flaters meitsje. As de oanfaller fan de tsjinstanner net ek te wurch is, kin dit in kâns biede foar de tsjinstanner.

Oare ekstra wedstriidfoarfallen

Der binne ek inkele ekstra foarfallen dy'tst yn in wedstriid krije kinst. De kâns dat dy foarfalle hinget net gear mei de middenfjildsterkte, dus de kâns nimt net ta atst it middenfjild dominearrest.

Tsjinoanfallen: Sels atst de tsjinoanfallen-taktyk net brûkst is der in lytse kâns dat dyn ploech in tsjinoanfal útfiert. Dizze "taktyk-ûnôfhinklike" tsjinoanfallen fereaskje net dat dyn ploech op it middenfjild de mindere is (wat normaalwei wol nedich is foar tsjinoanfallen). Lês it haadstik "Wedstriid: Taktiken" foar mear ynfo oer tsjinoanfallen.

Ofstânsskoaten: Sels atst de ôfstânsskoaten-taktyk net brûkst is der in lytse kâns dat dyn ploech in kâns út in ôfstânsskot krijt. Lês it haadstik "Wedstriid: Taktiken" foar mear ynfo oer ôfstânsskoaten.

Krêftige sintrale middenfjilders, as sy "definsyf" spylje, kinne harren konsintreare om oanfallen ôf te brekken en de bal te feroverjen. As it druksetten slagget, mislearret de oanfal. De spiler fertroud op syn ferdigenjen feardigens en syn kondysje by de útfiering hjirfan.

Krêftige spitsen, as sy "normaal" spylje, kinne sy harren lichem op it goeie plak del sette en in ekstra sjitkâns forsearje as in gewoane kâns mist is. Sy hawwe genôch skoaren en posysjespulfeardigens nedich om dit dwaan te kinnen. Let wol op dat fysyk spul ta giele kaarten liede kin. As dyn spiler al earder giel krigen hat, sil hy lykwols better oppasse yn ditsoarte sitewaasjes.

Do silst lêst hawwe fan in drokte straf asto twa as trije spilers mei deselde kombinaasjes fan spesjaliteiten en posysjes hast fan de folgjende types : technyske "definsive" spitsen, krêftige "normale" spitsen en krêftige "definsive" sintrale middenfjilders. Asto twa spilers fan itselde type opstelst, krije sy beide in straf fan 4% op harren bydrage. Asto der trije opstelst sil de straf ferhege wurde nei 7,5% elk.

Wedstriid: Taktiken

Foar eltse wedstriid kinst dyn ploech opdracht jaan om in bepaalde taktyk te benutten. Eltse taktyk hat syn foardielen, mar ek neidielen, dus meitsje dyn keuze foarsichtich. Der binne seis types taktiken beskikber. Ast gjin taktyk kiest, spilest "normaal".

Taktykfeardigens

Hoe't dyn ploech omgean kin mei bepaalde taktiken hinget ôf fan de taktykfeardigens dy't sy ha mei dy bepaalde taktyk. Dizze feardigens wurdt berekkene fanút de feardigens fan de ferskate spilers, tegearre mei in ûnderfiningsbonus foar eltse spiler dy't meirekkene wurdt.

Hoe effektyf dyn taktyk is, hinget ek ôf fan hoe goed de spilers op it fjild binne. Hoe better de spilers op it fjild binne, hoe heger dyn taktykfeardigens wêze moat om itselde effekt te beheljen. Yn de praktyk betsjut dit datst in hegere taktykfeardigens nedich hast at do en dyn tsjinstanner sterke spilers ha.

Druk sette

Druk sette hâldt yn dat dyn spilers druk sette op dyn tsjinstanner, en harren der mear op rjochtsje om de oanfallen fan dyn tsjinstanner te ûnderbrekken as om eigen oanfallen op te setten. Druk sette kin in goeie opsje wêze ast it gefoel hast dat dyn ploech minder is, en ast dus de útslach binnen de perken hâlde wolst.

Foardiel: Do kinst it oantal mooglike kânsen (foar beide ploegen) yn in wedstriid ferlytse.

Neidiel: It sil de kondysje fan dyn spilers flugger opbrûke as normaal.

Nuttige feardigens: De optelsom fan de ferdigenjen-feardigens en kondysje fan al dyn spilers bepale dyn taktykfeardigens mei Druk sette. As in spiler de spesjaliteit "Krêftich" hat, telt syn ferdigenjen-feardigens dûbel mei. Hoe wurger dyn spilers reitsje, hoe minder goed sy druk sette kinne op de tsjinstanner.

Alle kearen dat in mooglike kâns ferlern giet trochdat in ploech taktysk druk set, wurdt it wjerjûn yn it wedstriidferslach. Do silst nea útfine hokker ploech foardiel hân ha soe út dy kâns. As beide ploegen druk sette, wurde de effekten yn it algemien ferdûbele. Dêrnjonken, at sy spylje tsjin in ploech dy't him rjochtet op ôfstânsskoaten, hat de druksettende ploech in grutte kâns om in ôfstânsskot te foarkommen.

Tsjinoanfallen

Tsjinoanfallen (Counter-Attacks, CA) hâlde yn datst bewust dyn tsjinstanner de bal kontrolearje litst, en datst sagau't ien fan harren oanfallen mislearret, besikest út te brekken mei in flugge tsjinoanfal. It ynsetten fan tsjinoanfallen kin in goeie opsje wêze atst in tige sterke ferdigening en oanfal hast (mar in min middenfjild), en foaral as dyn tsjinstanner in yneffektive oanfal hat.

Foardiel: Do kinst ekstra oanfallen krije (do krijst de kâns op in tsjinoanfal as dyn ferdigening in oanfal fan dyn tsjinstanner tsjinhâlden hat).

Neidiel: Do ferliest 7% fan dyn middenfjild-kapasiteit.

Nuttige feardigens: De optelsom fan de oerspyljen- en ferdigenjenfeardigens fan dyn ferdigeners bepaalt dyn taktykfeardigens yn CA. Oerspyljen is twa kear sa belangryk as ferdigenjen.

Allinnich de ploech dy't it middenfjild net dominearret as in oanfal mislearret kin it foardiel fan dizze taktyk ynsette (let op, do moatst it middenfjild ferlieze foardat de 7% taktykneidiel tapast wurdt). Atst it middenfjild dominearrest, hast allinnich lest fan it neidiel. Alle tsjinoanfallen wurde melde yn it wedstriidferslach. Eltse kear as dyn ploech in tsjinoanfal krijt, sil de kâns op in folgjende ôfnimme.

Sintrumoanfallen

Sintrumoanfallen (Attack In the Middle, AIM) betsjut dat dyn ploech him rjochtet op it oanfallen troch it midden fan it fjild, ten koste fan oanfallen oer de wjukken. Do setst dus wjukoanfallen om yn sintrale oanfallen. Eltse kear as dit bart, sil de kâns op in folgjende omsetting ôfnimme.

Foardiel: Ungefear 15-30% fan dyn wjukoanfallen wurdt omsetten nei sintrale oanfallen.

Neidiel: Dyn wjukferdigening (op beide wjukken) wurdt wat swakker.

Nuttige feardigens: De optelde oerspyljen-feardigens fan al dyn fjildspilers bepaalt dyn taktykfeardigens yn AIM.

As in oanfal fan de wjukken nei it sintrum omsetten wurdt, wurdt it melden yn it wedstriidferslach.

Wjukoanfallen

Wjukoanfallen (Attack On Wings, AOW) wurket op deselde wize as "Sintrumoanfallen", mar dan krekt oarsom; dus dyn sintrumoanfallen wurde omsetten yn wjukoanfallen. As der normaalwei minder sintrale oanfallen wêze soenen as wjukoanfallen, kinst kwa persintaazje krekt wat mear omsette. Ek hjir jild dat eltse kear as dit bart, de kâns op in folgjende omsetting ôfnimme sil.

Foardiel: Ungefear 20-40% fan dyn sintrale oanfallen wurde omsetten yn wjukoanfallen.

Neidiel: Dyn sintrale ferdigening wurdt wat minder.

Nuttige feardigens: De optelde oerspyljen-feardigens fan al dyn fjildspilers bepaalt dyn taktykfeardigens yn AOW.

As in oanfal fan it midden nei de wjuk ferpleatst wurdt, wurdt it toand yn it wedstriidferslach.

Kreatyf spul

Kreatyf spul (Play Creatively, PC) betsjut dat spilers mear besykje om harren spesjaliteiten en oare kenmerken te brûken.

Foardiel: Do fergruttest it maksimum oantal spesjale foarfallen (SE's) tidens de wedstriid - foar beide ploegen, mar dyn eigen ploech hat ek in bytsje mear kâns om in spesjaal foarfal te krijen (sawol posityf as negatyf)

Neidiel: De ferdigening fan dyn ploech wurdt wat minder.

Nuttige feardigens: Kreatief spul fereasket dat dyn fjildspilers hege oerspyljen-feardigens en ûnderfining ha (it earste meast wichtich). As in fjildspiler de spesjaliteit Unfoarspelber hat, telt syn bydrage oan de taktyk dûbel mei. Om it sa nuttich mooglik te meitsjen riede wy dy in SE-optimale ploech oan (dus in ploech mei in protte spilers mei spesjaliteit, en in goeie kombinaasje fan feardigens).

Ofstânsskoaten

Atst ôfstânsskoaten (Long Shots, LS) brûkst, krije dyn spilers de opdracht om fan fierôf te sjitten, ynstee de hiele oanfal út te spyljen. Oftewol, do wikselst wjuk- en sintrale oanfallen yn foar ôfstânsskoaten. In ôfstânsskot set dan de skutter tsjinoer de doelferdigener. Dit kin handich wêze atst lestich skoare kinst mei dyn wjuk-/sintrale oanfal, en wol goeie skutters hast.

Foardiel: De ôfstânsskoatentaktyk set oant ûngefear 30% fan dyn wjuk- en sintrale oanfallen om yn ôfstânsskoaten.

Neidiel: Dyn wjuk- en sintrale oanfal wurde, lykas dyn middenfjild, wat minder sterk.

Nuttige feardigens: It skoaren en dea spul fan dyn fjildspilers bepale de taktykfeardigens yn LS. Skoaren is trije kear sa belangryk as dea spul.

As in oanfal omsetten wurdt yn in ôfstânsskot hat eltse ferdigenjende ploech dy't de taktyk "Druk sette" brûkt in kâns om de skotkâns te ferdigenjen. As it skot net ferdigene wurdt nimt in fjildspiler (twa kear sa faak sintrale middenfjilders en wjukspilers) it skot. De kwaliteit fan it skot hinget ôf fan de skoaren- en deaspulfeardigens fan de skutter. De doelferdigener kin besykje it skot te rêden mei syn doelferdigenjen- en deaspulfeardigens. Foar sawol de skutter as de doelferdigener jildt dat beide feardigens nedich binne, en dat it better is om wat fan beide feardigens te ha as in protte fan ien fan beiden.

Alle ôfstânsskoaten wurde yn it wedstriidferslach rapportearre, ek alle mei sukses ferdigene mooglikheden.

Wiksels

Lykas wy al neamden yn it opstellingshaadstik; as ien fan dyn spilers blessearre rekket komt de ferfanger foar dy posysje automatysk it fjild yn. Do kinst ek wiksels op betingsten ynstelle.

Wiksels op betingsten

Do kinst fan tefoaren wiksels foar in wedstriid ynstelle, foar dy briljante taktyske wiziging of gewoan om in wurge spiler te ferfangen troch in farskenien. Do kinst bygelyks in oanfaller wikselje foar in ekstra ferdigener om dyn foarsprong yn in wedstriid feilich te stellen, of in ferdigener wikselje foar in oanfaller atst efter stiest. Do kinst der ek foar kieze om de yndividuele oarder foar in spiler te feroarjen.

In wiksel op betingsten tafoegje

Om in wiksel ta te foegjen giest nei de "Wiksels/Oarders"-tab yn it formulier foar wedstriidoarders. Kies de spiler dy't it fjild ferlitte moat, en de wikselspiler dy't it fjild yn komt. Dêrnei beslútst nei hokker betingsten de wiksel útfierd wurdt. Do kinst de wiksel sa ynstelle dat 'er nei in bepaalde minút bart, en/of ôfhinklik fan de wedstriid-tuskenstân troch de "avansearre opsjes" te toanen. By de avansearre opsjes kinst ek betingsten ynstelle foar as ien fan dyn spilers (of fan dyn tsjinstanner) in reade kaart krijt, en de posysje fan in spiler feroarje.

In gedrachsferoaring tafoegje

Op de "Wiksels/Oarders"-tab kinst ek gedrachsferoarings tafoegje. Lykas by it tafoegjen fan in wiksel kiest de spiler dy'tst yn gedachten hast, en foegest de betingsten ta wêrop de spiler syn gedrach feroarje moat.

Do kinst fiif spileroarders tafoegje.

Do meist oant fiif ferskate spileroarders (dus wiksels en gedrachsferoarings) tafoegje. Mar tink deroan, de skiedsrjochter lit dy net mear as trije wiksels per wedstriid útfiere.

Oarders wurde útfierd wannear't oan de betingsten foldien wurdt

Sagau't oan de betingsten dy'tst foar de wedstriid ynsteld hast, foldien is, wurde yn de wedstriid dyn spilersoarders útfierd. As der net foldien wurdt oan in betingst, wurdt de oarder net útfierd. Ast opdracht joust foar in wiksel yn de 65e minút, by eltse stân, wurdt de wiksel yn de 65e minút útfierd. Ast opdracht joust foar in wiksel yn de 70e minút, by foarsprong, wurdt de wiksel útfierd op it stuit nei de 70e minút wannear/as oan de betingst foldien wurdt. Dus ast yn de 80e minút op foarsprong komst, wurdt de wiksel dan pas útfierd.

Ast twa oarders ynstelst foar de 70e minút, ien foar ast foarstiest en ien foar ast mei mear as ien doelpunt foarstiest, en as it safier is stiest 3-0 foar - wurde beide oarders útfierd.

Let op: Ast twa oarders ynstelst mei deselde betingsten ( bygelyks wedstriidminuut en stân) dan wurde sy NET op itselde momint útfierd, mar yn de oarder dat se makke binne.

Nei de wedstriid kinsto (mar dyn tsjinstanner net) in list sjen mei al dyn spilersoarders, fia in koppeling op de side mei stjerrenwurdearrings, tegearre mei ynformaasje oer wannear't se útfierd waarden, of wêrom se net útfierd waarden.

Do kinst net reagearje op blessueres

It is net mooglik om wiksels yn te stellen foar blessueres. As ien fan dyn spilers tidens in wedstriid blessearre rekket wurdt it ôfhannele troch it automatyske systeem. Dit betsjut ek dat in blessuere dyn wikselplannen yn de war skoppe kin, lykas yn it echte fuotbal.

Psychology

It behearen fan in fuotbalploech giet net allinnich om trening en taktiken, it giet ek om psychology. Dyn ploech moat winne wolle, en dyn spilers moatte yn harsels fertrouwe. De psychology fan dyn ploech hat ynfloed op dyn wedstriidresultaten, en dyn wedstriidresultaten ha wer ynfloed op de psychology fan dyn ploech.

Ploechsfear

De atmosfear by dyn klup hat in grutte ynfloed op de prestaasjes fan dyn ploech. Ploechsfear hat ynfloed op dyn middenfjildwurdearring, en hoe heger dyn ploechsfear is, hoe better dyn middenfjild prestearje sil. Dit bepaalt wer hoefolle balbesit ofst ha silst. De ploechsfear sels kin troch in protte saken beynfloede wurde, mar foaral troch it liederskip fan dyn coach, de ploechhâlding dy'tst foar eltse wedstriid ynstelst, oerstappen en psycholooch.

Selsbetrouwen

Dyn spilers moatte op harsels betrouwe om goed te prestearjen. In ploech mei in leech selsbetrouwen hat muoite om harren kânsen om te setten yn doelpunten. Heech selsbetrouwen is oer it algemien in goeie saak, mar as it te heech wurdt kinne spilers ploegen dy't minder goed binne ûnderskatte (sjoch hjirûnder foar mear ynfo). Selsbetrouwen wurdt toand yn de oanfalswurdearrings. Betrouwen hinget gruttendiels ôf fan de útkomst fan foarige wedstriden, mar it bart faak dat in psycholooch en in coach mei heech liederskip it omheech krije kin.

Ploechhâlding

Foar eltse kompetitive wedstriid fertelst dyn ploech hoe belangryk de wedstriid is. Dyn ploechhâlding-ynstelling hat ynfloed op it balbesit datst ha silst. Der binne trije mooglikheden:

Wedstriid fan it Seizoen: Dyn spilers sille alles op alles sette om dizze wedstriid te winnen. Mar daliks nei de wedstriid sakket de ploechsfear yn, dat soarget derfoar dat dyn spilers yn de folgjende wedstriden net harren bêste prestaasjes delsette.

Normaal: De spilers prestearje as gewoanlik.

Spylje rêstich: Dyn spilers krije de opdracht om it rêstichoan te dwaan, der binne letter belangrikere wedstriden om harren op te rjochtsjen. Daliks nei de wedstriid wurdt de ploechsfear better, en de spilers sille yn de folgjende wedstriden better prestearje.

Spilerspersoanlikheid

Alle spilers ha in persoanlikheid. Unearlike en agressive spilers ha de neiging om faker in kaart te krijen en fan it fjild stjoerd te wurden. Liederskip is belangryk foar dyn oanwiisde oanfierder en foar dyn coach.

Psychologyske wedstriidfoarfallen

Tidens in wedstriid kinne foarfallen de prestaasje fan dyn ploech beynfloedzje. Dy foarfallen kinne in grutte ynfloed ha op it ferrin fan de wedstriid, mar se ha gjin ynfloed op de ploechsfear of it selsbetrouwen foar kommende wedstriden. In ploech dy't yn in wedstriid in foarsprong útwreidet nei twa goals sil automatysk syn oanfallende oandrift ferlieze en mear op it ferdigenjen konsintreare. Dat effekt wurdt sterker as de foarsprong noch fierder útwreide wurdt. Eltse fergrutting fan it doelpuntferskil ferleget de oanfalswurdearings mei 9% en ferbeterret de ferdigening mei 7.5%. Eltse fermindering fan it doelpuntferskil draait it foarige effekt om. Der is in limyt fan it doelpuntferskil fan acht, dêrnei sille de wurdearrings net mear feroarje.

Der binne sitewaasjes wêr't ploegen imuun binne foar dat psychologyske effekt. As de ploech in "Wedstriid fan it Seizoen" ynstruksje krigen hat, sille sy har nea weromlûke, sels net mei in grutte foarsprong. Dit wurket ek sa yn de finale fan ien fan de nasjonale Bekers, de Hattrick Masters of yn de lêste rûnde fan it seizoen yn de kompetysje. Yn kompetysjes foar nasjonale ploegen sil de ploech net weromlûke fanôf 'e heale finales opnommen yn' e Wrâldbeker, wylst yn 'e Kontinintale Kampioenskippen en Nations Cup d'r gjin weromlûking sil wêze fanôf 'e kwartfinales.

In ploech dy't it yn de earste helte ûngewoan min spilet kin yn it skoft in tongerpreek fan de trener krije, om it dêrnei wer op te pakken.

Underskatting

Ast it opnimme moatst tsjin in ploech dy't der minder foar stiet as dy, en dyn selsbetrouwen is sterk of heger, kinne dyn spilers dyn tsjinstanner ûnderskatte en minder prestearje as normaal. It risiko op ûnderskatting hinget ôf fan it ferskil yn punten en plak yn de stân tusken beide ploegen, dyn selsbetrouwen, en dyn ploechhâlding yn de wedstriid. Hoe grutter it ferskil, hoe heger it selsbetrouwen ensfh. - hoe heger it risiko. De ienige wize om ûnderskatting út te sluten is om 'wedstriid fan it seizoen' te spyljen.

Ast dyn tsjinstanner ûnderskatst, bepale it ferskil yn punten, it selsbetrouwen, de ploechhâlding en it plak fan de wedstriid (út of thús) hoe grut oft de ûnderskatting is. Ofhinklik fan de tuskenstân kin dyn ploech him by de rêst herpakke: folslein ast efter stiest, 2/3 by in gelike stân, en 1/3 ast mar ien doelpunt foar stiest.

Underskatting komt allinnich foar yn kompetysjewedstriden, mar net yn de earste trije rûndes.

Oerstappen

De oerstaplist is it plak om nije spilers oan te lûken en om te besykjen dy spilers te ferkeapjen dy'tst net langer hâlde wolst. Do meist in maksimum fan 50 spilers yn tsjinst ha. De boadenside jout dy in oersjoch fan alle spilers dy'tst ferkeapest of wêrop'st in bod útbrocht hast. It toant ek alle oerstappen fan âld-spilers wêr'tst jild foar ûntfange silst.

In spiler ferkeapje

Om in spiler te ferkeapjen pleatst him op de oerstaplist, dat kinst dwaan fanôf de side fan dy spiler. Do kiest de fraachpriis, en dan wurdt hy op de oerstaplist pleatst. Om in idee te krijen fan de wearde fan de spiler, kinst de Oerstapfergelyk-funksje brûke, wy riede dy oan om altyd in realistyske priis te kiezen. In spiler moat wol minstens ien wedstriid foar dyn ploech spile ha, wolst him te keap sette kinne. Do kinst in spiler net faker te keap sette as it oantal wedstriden dat hy foar dyn ploech spile hat. Dizze restriksje jildt net foar spilers dy't út dyn jeugdploech komme of dy't al by dyn klup wienen doe'tsto manager waardst. De spiler sil trije dagen op de oerstaplist stean, en dan fertrekt hy nei de klup dy't it heechste bedrach bean hat, as der ien in bod útbrocht hat. Neidat de eintiid ferrûn is fertrekt in ferkochte spiler nei syn nije klup, behalve as ien fan de ploegen dy't by de oerstap belutsen binne op dat stuit in wedstriid spilet, yn dat gefal fertrekt de spiler sagau't de wedstriid ôfrûn is. As der gjin keaper fûn is, sil de spiler by dyn klup bliuwe. As do per fersin in spiler te keap setten hast, kinst de oerdracht annulearje. Dit is mooglik foar 10 minuten nei it op de oerstaplist pleatsen fan de spiler, sa lang as der gjin biedingen west hawwe. De kosten foar it op de oerstaplist pleatsen wurde net werombetelle. Bûten dit finster hast altyd de opsje om him sels wer te keapjen!

In spiler keapje

Om in spiler te keapjen giest nei de spilermerk, de oerstaplist, ûnder it Klup-menu, troch it Wrâld-menu of troch it Oerstap-sykikoan yn de rjochter boppenhoeke. Do sikest nei it type spiler datst oanlûke wolst, en om in bod út te bringen giest nei de side fan de spiler troch op syn namme te klikken. Do moatst it bod mei minimaal 1 000 US$ of 2% ferheegje, hokker fan dy twa it heechste bedrach is. As der op it stuit gjin bod op de spiler stiet, kinsto de fraachpriis biede, salang dy gelyk oan of grutter as 1 000 US$ is. Tink deroan dat de optelsom fan dyn boaden plus de leanen fan de spilers wêr'tst op oan it bieden bist (nei oankeap betellest altyd daliks it earste salaris fan dyn spiler) dy net mear as 200 000 US$ yn de skulden bringe kin.

Do meist oant it lêste stuit foar de eintiid fan in oerstap op in spiler biede. As ien binnen de lêste 3 minuten fan de eintiid in bod pleatst sil de eintiid mei trije minuten fanôf it stuit dat it bod pleatst waard ferlingd wurde.

In prima hulp by it keapjen fan spilers is de ynformaasje oangeande syn feardigens, persoanlikheid ensfh. Do kinst ek de 'Oerstapfergelyk' brûke, om te sjen foar hokker bedrach fergelykbere spilers resint ferkocht binne.

Autobieden

Autobieden wurket itselde as elts normaal bod dwaan soe. Ast in maksimumbod yn it systeem pleatst, dan biedst automatysk as dat nedich is. It bod ferheget altyd sa leech mooglik (2%, 1 000 US$ minimaal).

Kinst dyn maksimumbod ferheegje en ferleegje wannear'st wolst, mar kinst in aktueel bod fansels net fuorthelje. Dyn maksimumbod is allinnich sichtber foar dysels, oare managers sjogge gewoan dyn aktuele bod.

Kinst mar ien aktyf bod tagelyk ha. As dyn maksimumbod berikt is, jildt it net mear as autobod en dan kinst in nij maksimum ynstelle ast wolst.

Foar in pear spesjale gefallen (as twa ploegen itselde autobod ynstelle of as twa autobieders tsjin mekoar op biede) ha wy wat tûke logika ynboud. Hjir binne wat foarbylden om de logika út te lizzen.

De spilersmakelder, memmeklup en oerstapkosten

It kostet 1 000 US$ om in spiler te keap te setten. Neidat de ferkeap sletten is, sille de spilersmakelder, memmeklup en foarige klup fan de spiler allegear harren diel fan de ferkeappriis nimme. Op de spilersside kinst altyd sjen hoefolle atst oerhâldst atst in spiler ferkeapest. Hjir is de basis:

It bedrach dat de spilersmakelder nimt, hinget ôf fan de tiid dat in spiler by dyn ploech heard hat.

De memmeklup nimt altyd 2% fan de ferkeappriis. As de spiler út dyn klup komt ûntfangst eltse kear dat de spiler ferkocht wurdt 2%. Hâld asjebleaft yn gedachten dat do gjin memmeklupjild betellest of ûntfangst by it foar de earste kear ferkeapjen fan in eigen jeugdspiler.

It foarige klup-fûns nimt altyd 3% fan de ferkeap-priis. Atst de foarige klup fan in spiler bist, hinget it bedrach datst ûntfangst ôf fan it oantal wedstriden dat de spiler foar dyn klup spile hat.

Besjoch dizze tabellen foar mear ynfo.

Ast in jeugdspiler ferkeapest, wurdst net beskôge as foarige klup. Mar de folgjende kear dat hy ferkocht wurdt, is dyn klup syn foarige klup, as hy tenminste ien wedstriid foar dyn senioarenploech spile hat.

Opbringsten oerboeke nei bestjoersreserves

Foar guon spilersferkeapen kin it bestjoer beslute in part fan it jild foar de bestjoersreserves oer te meitsjen foar letter gebrûk troch de klup.

Dat bart allinnich foar spesifike spilers en foar de measte managers sil it in hiel seldsume barren wêze.

It bestjoer sil jo ûnder it oerdrachtsproses ynformearje oft dat barre sil en, sa ja, hokker persintaazje fan de opbringst nei de reserves giet.

It bestjoer kin dit dwaan as se tinke dat in spiler om spekulative redenen ferhannele wurdt of as in wize om wearde op te slaan. Se sille redenearje dat de ploech de spiler om kompetytive redenen net ferfange hoecht. ( Histoarysk sjoen waarden sokke spilers troch de mienskip " Gold Bars " neamd, fanwegen harren fermogen om yn de rin fan de tiid wearde te behâlden ).

Op dit stuit oerweaget de direksje allinnich jild yn te hâlden foar Doelferdigeners (op syn minst bêst doelferdigenjenfeardigens) of potinsjele takomstige treners (op syn minst bêst liederskip mei op syn minst matich ûnderfining ).

It persintaazje fan de ferkeap dat it boerd nei de reserven stjoert, hinget ôf fan it tal wedstriden dat de spiler koartlyn foar dyn ploech spile hat.

De algemiene regel is dat foar reguliere starters al it jild kontant bliuwt - gjin jild giet nei reserves. Geregeld spylje betsjut ien kear yn 'e wike op syn minst 60 minuten spylje.

Ofwêzigens fanwege blessueres wurdt negearre, mar as sûne spilers bûtenspul set wurde, wurdt der mear jild reservearre foar Bestjoer Reserves.

Foarbyld: In spiler dy 't foldocht oan de kritearia foar " Gouden staaf " is it hiele seizoen begûn mei kompetysjewedstriden. Wannear 't de manager oerwaget om de spiler te ferkeapjen, docht it bestjoer ôfstân. Alle opbringsten (nei ôftrek fan de makelderskosten) soene as kontant jild beskikber wêze foar de coach. De transfernotearring bart lykwols net en de spiler wurdt yn stee dêrfan op de bank set. Nei twa wiken wurdt no 12% fan de transferopbringst bestimd foar bestjoersreserves. Nei fjouwer wiken op de bank is it oantal oprûn ta 24%. De manager beslút om yn stee dêrfan de spiler op 'e nij te starten. Nei seis wiken werom yn it team, kompetysje - of bekerwedstriden spyljend, kin de spiler op 'e nij ferkocht wurde sûnder dat der jild yn de Bestjoer Reserves telâne komt.

As fûstregel duorret it trije wiken spyljen yn in kompetysje - of bekerwedstriid om alle twa wiken fan ynaktiviteit te werstellen. Ast allinnich freonskiplike wedstriden spilest, duorret it werstel twa kear sa lang. As in spiler yn dyn ploech opgroeid is, giet der gjin jild nei Bestjoersreserves, nettsjinsteande de feardigens en startstatus fan 'e spiler. Dit jildt ek foar spilers dy 't de ôfrûne twa wiken by de klup kaam binne en gjin tiid hân hawwe om basisspilerte wurden.

Oerstappen kinne ynfloed ha op de ploechsfear

Eltse kear datst in spiler keapest of ferkeapest rinst it risiko dat de sfear binnen dyn ploech sakket. It risiko wurdt grutter atst in aardige spiler ferkeapest of atst in ferfelende spiler keapest. Der is gjin risiko op ferfal fan ploechsfear atst in jeugdspiler ferkeapest binnen 6 dagen fan syn promoasje nei de senioaren.

Serverútfal

Eintiden fan oerstappen kinne útsteld wurde (op de earlikst mooglike wize) as ús servers útfalle. Hâld der ek rekkening mei dat de server útfalle kin op it stuit dat de eintiid tichtby komt. In oerstap wurdt pas foltôge as de nije spiler by syn nije klub oankaam is en kin oant dan noch ûnderwurpen wêze oan in ferlinging fan 'e eintiid as d'r ûnderbrekkingen plakfine.

Do nimst in risiko atst oant de lêste minút wachtest foardatst dyn bod útbringst. Wy riede dy oan om dyn spilers te keap te setten foar in priis dy'tst ferantwurde fynst, oars rinst it risiko dat dyn spiler ferkocht wurdt foar minder as dêr'tst op hope hiest, sa foarkomst teloarstelling fanwege ûnferwachte serverútfal.

Earlik spul op de Oerstapmerk

Goeie spilers en jild binne belangrike kanten fan Hattrick, dat makket it tige belangryk dat ploegen gjin foardiel behelje kinne troch abnormale aktiviteiten op de oerstapmerk. Dit betsjut dat it keapjen fan spilers foar mear as se wurdich binne ferbean is, en oare aktiviteiten dy't bedoeld binne om in ploech finansjeel foardiel te jaan ek. Allinich de aspekten fan de spiler lykas feardigens, leeftyd, unykens en NT/U21-potensjeel en dy't ynfloed hawwe op it spul, spylje in rol by it bepalen fan syn merkwearde.

De GameMasters ha folledige autoriteit om abnormale oerstapprizen werom te draaien of oan te passen, boetes oan ploegen út te dielen of sels belutsen dielnimmers te ferbannen. Atst foar ien fan dyn spilers in bod ûntfangst dat dúdlik te heech is, nim dan daliks kontakt op mei de GM's. Om dat te dwaan kinst nei ús kontaktside gean.

Jeugdspilers

Jeugdspilers

Do kinst nije spilers krije foar dyn senioareploech troch jeugdspilers te ronseljen. Dit kinst op twa manieren dwaan:

  • Ronselje in spiler fan bûten ôf, direkt nei dyn senioareploech ta troch it brûken fan it skoutingnetwurk.
  • Start in jeugdakademy, ronselje talinten en ûntwikkelje harren. Spylje wedstriden tsjin oare jeugdploegen yn private of iepenbiere kompetysjes en promovearje úteinlik dyn talinten nei dyn senioareploech.

In spiler fia it skoutingnetwurk fine en direkt oanlûke foar dyn senioarenploech is in ienfâldige en tiidseffektive manier om talint te krijen. It bestjoeren fan in jeugdakademy is mear útdaagjend, mar as do goed wurk dochst, kin it ek mear beleanjend wêze.

Do kinst mar ien systeem tagelyk brûke. Ast in aktive jeugdakademy hast, kinst gjin jeugdspilers út it skoutingnetwurk helje. Mar dyn akademykosten telle ek mei as ynvestearrings yn it skoutingnetwurk, dus ast dyn akademy slute en it skoutingnetwurk brûke wolst, makket dat it makliker foar dy.

Skoutingnetwurk

Do kinst eltse wike in nije spiler oanlûke troch dyn skouts it lân yn te stjoeren om in nije spiler foar dyn senioarenploech te finen. Hoe better oft dyn skoutingnetwurk is, hoe better de kâns is op sukses foar de skout. Do kinst net sykje op in bepaald type spiler, útsein fan de keuze tusken in doelferdigener of in fjildspiler. Rekkenje der net op datst alle wiken topspilers ûntfangst. De measte spilers dy't dyn skouts oanriede sille sels net goed genôch wêze foar dyn reserves. Ast ien of twa ûntfangst dy't yn dyn ploech meidraaie kinne, meist tevreden wêze - tink ris oan hoe't it yn it echt wurket!

De measte klups stekke in protte jild yn harren skoutingnetwurk, mar der binne ek ploegen dy't der minder of gjin jild oan útjouwe, mar ynstee dêrfan fersterkings fan de oerstaplist helje. Ast derfoar kiest om dyn skoutingynfrastruktuur op te bouwen, moatst der rekkening mei hâlde dat it tiid kostet foar't dyn ynvestearring him útbetellet mei reedlike spilers. Do silst derachter komme dat it net nuttich is om dyn skoutingnetwurk te brûken as de status bygelyks noch "min" is.

Do meist elste wike in grutte (20 000 US$), middele (10 000 US$) of lytse (5 000 US$) ynvestearring dwaan yn dyn skoutingnetwurk. It is effisjinter om in protte lytse ynvestearrings te dwaan as in pear grutte. Yn oare wurden, it is dus wiis om in langetermynplan op te stellen - ast in grut diel fan dyn takomstich ynkommen yn it opfieren fan dyn skoutaktiviteit stekke wolst, kin it dwaan fan grutte ynvestearrings in wize wêze om fluch resultaat te beheljen. Ast stadichoan in betroubere struktuur opbouwe wolst sûnder tefolle jild út te jaan, kinst eltse wike in lytse ynvestearring dwaan. Lykwols, atst net soargest foar regelmjittige ynvestearrings om dyn skoutingnetwurk yn stân te hâlden, sil de struktuer fluch ôfnimme. As it nivo fan dyn skoutingnetwurk daalt, sil it lang duorje om it wer omheech te krijen.

Do kinst mar ien jeugdspiler per wike promovearje. Ast de ynvestearring net feroarest, sil itselde bedrach as de foarige wike betelle wurde.

It kostet dyn klup 2 000 US$ om in spiler te promovearjen.

Ynfoarmaasje oer de aktiviteiten fan dyn skoutingnetwurk kinst fine yn it menu "Myn Klup", ûnder it kopke "Jeugdploech". Hjir kinst ek it bedrach datst per wike yn dyn skoutingnetwurk ynvestearje wolst oanpasse, en eltse wike in spiler fine.

Jeugdakademy

It hawwen fan in jeugdakademy hâldt yn datsto aktyf dyn jeugdploech bestjoere moatst. Do hierst skouts, dielst harren trening yn en nimst beslúten oar de opstellingen en taktiken. Dyn jeugdploech sil meidwaan yn in jeugdkompetysje dy'tsto útkiest; do kinst bygelyks meidwaan yn in kompetysje mei dyn freonen of kollega's. Ut en troch kin dyn jeugdploech ek oefenwedstriden spylje tsjin oare jeugdploegen op de wrâld.

It opstarten fan in jeugdakademy

Do aktivearrest dyn jeugdakademy yn it menu "Myn Klup" , ûnder "Jeugdploech, Oersjoch. Do krijst ien trener en ien skout tawiisd oan de ploech. Eltse oare ynvestearring yn dyn jeugd moat werombrocht wurde nei nul foardat dit mooglik is. Do krigest ek daliks in oantal jeugdspilers, dy't it foar dy mooglik meitsje om fuortendaliks westriden te spyljen. Dy spilers binne willekeurich kontraktearre spilers fan in lokale skoalle, en fier fan talintearre.

De jeugdkompetysje

Dyn jeugdploech kin tatrêdzje ta in jeugdkompetysje fan dyn keur, of do kinst dyn eigen jeugdkompetysje oanmeitsje. In jeugdkompetysje kin 4, 6, 8, 12 as 16 ploegen befetsje, en de kompetysje kin privaat (de oprjochter fan de kompetysje noeget minsken út foar de kompetysje) of iepenbier wêze (eltsenien kin meidwaan). De oprjochter fan de kompetysje kin ek kieze wannear't de wedstriden spile wurde moatte. Wannear in kompetysje fol mei ploegen sit, dan wurdt dy automatysk opstart.

De skouts

Wannearst do dyn jeugdakademy aktivearre hast, krijst daliks in jeugdskout oan dyn ploech tawiisd. Do kinst kieze yn hokker lân en regio oft hy nei talinten sykje moat, en do kinst him ek fertelle dat hy sykje moat nei in spesifyk soart spiler. Asto him fertelst dat hy speure moat nei in spesifyk soart spiler (bygelyks wjukspilers) sil hy dy ek meastentiids sa'n spiler oanbiede, mar de spilers sille oer it algemien minder wêze.

Do meist ek ekstra skouts hiere asto dat wolst, mar do kinst net mear as trije skouts ha (en net minder as ien). Ien kear yn de wike sil eltse skout besykje om dy in spiler oan te bieden wannearsto him skillest.

Asto mear as ien skout hast, kinsto ek in twadde (of sels in tredde, ast trije skouts hast) oanbieding krije asto de earste spiler ôfwiist. Mar ûnthâld, asto de earste oanbieding ôfwiist, dan kinsto der net op weromkomme. It beslút is ûnomkearber.

De spilers

Dyn jeugdakademy kin maksimaal 18 spilers op itselde stuit herbergje. Spilers dy't tatrêdzje oant dyn jeugdakademy sille 15-16 jier âld wêze. De measte fan harren feardigens moatte noch ûntdutsen wurde, dus do kinst harren feardigens en karakters net allegear sjen sa as by de spilers yn dyn senioareploech. Om dyn spilers te ûntdekken moast se útbesykje op ferskate posysjes op it fjild, om te sjen wêr't se it bêste spylje kinne. Om dy te helpen binne der de wurdearringsstjerren, in oantal opmerkings fan dyn skout en it treningsrapport. Troch te trenen silsto mear te witten komme oer harren feardigens, mear fynst hjiroer yn de seksje trening. Dêrby jout it wedstriidferslach út en troch in hint.

Wedstriden

Ien kear per wike spilet dyn jeugdploech in kompetysjewedstriid en eltse tredde wike hast de mooglikheid om in oefenwedstriid te spyljen. Do pleatst dyn oarders fan tefoaren, en kiest de te spyljen taktyk lykas by dyn senioaren. Ast gjin oarders trochjûn hast, of as dyn opstelling net kompleet is, sille de jonges harsels opstelle. Sy wize sels in doelferdigener oan, fulle dan de beskikbere ferdigenersplakken op (maks 5), dan de middenfjild- en wjukplakken (maks 5) en úteinlik de plakken yn de oanfal (maks 3).

Trening

Jeugdspilers kinne har op twa types trening tagelyk rjochtsje, ien primêr en ien sekundêr. De primêre trening hat mear effekt as de sekundêre trening. Do kinst derfoar kieze om primêr en sekundêr itselde te trenen (bygelyks ferdigenje), mar it resultaat sil grutter wêze ast twa ferskillende soarten trening oanjouwst.

Jeugdspilers ûntfange trening troch te spyljen yn kompetysjewedstriden (folledich effekt) en oefenwedstriden (lytser effekt). Trening foar de jongerein wurdt eltse wedstryd wer berekkene, sadat se yn deselde wike twa kear trening krije kinne. Do moatst dyn treningsynstruksjes trochjaan minstens 10 minuten foardat de wedstriid begjint. Nei ôfrin fan de wedstriid wurde de effekten fan de trening sichtber. Drekst nei de wedstriid krijsto in treningsferslach fan dyn jeugdtrener, mei in oantal oanwizingen oer de foarútgong fan de spilers. It is ek mooglik datsto de kâns krijst om in oantal feardigens te ûnthuljen:

Fan ien fan de spilers dy’t mear as 44 minuten op in treningsposysje (in plak dat mear as in tige lyts effekt krijt) stiet, silsto it feardigensnivo foar de primêre trening te witten komme. Foar de sekûndêre trening silsto ynformearre wurde oer it potinsjeel fan in spiler yn dizze feardigens. In potensjeel fan in spiler sil net wurde toand as dy spiler yn deselde wike syn maksimum feardigensnivo berikket, yn sa'n gefal sil de coach melde dat de spiler net langer trochgean kin mei trening fan dy spesifieke feardigens.

Tink derom datst gjin rapport foar de sekundêre trening krijst as dyn primêre trening op deselde feardigens rjochte is. As fan alle spilers dy't op in treningsposysje spylje de feardigens al bekend binne, kin dyn trener dy hjir fansels neat oer rapportearje. Ast minder as 8 spilers op it fjild hast as de wedstriid einiget, krijst hielendal neat te sjen.

Oanfoljend sil dyn trener gewoanlik ek noch ien fan de trije spilers neame dy't it measte potinsjeel (dus it heechste maksimale feardigensnivo) yn in net-treende feardigens hat.

Promoasje nei de senioareploech

Alle wiken kinsto in jeugdspiler promovearje nei dyn senioareploech. In jeugdspiler moat minstens 17 jier âld wêze, en minstens in seizoen (112 dagen) lang diel útmakke ha fan dyn jeugdakademy, foardatst him promovearje kinst. Lykas gewoanlik kinst nea mear as 50 spilers by de senioaren ha. Sadree't in spiler 19 jier âld wurden is, kin hy net mear foar dyn jeugdploech spylje. Hy hoecht net út dyn jeugdakademy, mar hy mei net earder wer wedstriden spylje oant datsto him promovearrest nei de senioareploech.

De kosten

Ast in jeugdakademy iepenest, betellest ien kear de registraasjekosten (5 000 US$) út de tydlike kosten fan dyn Klup wei. Ast ien skout yn dyn Akademy hast, kostet dat dy 10 000 US$, en eltse ekstra skout kostet dy 5 000 US$. Do betellest in tekenbonus fan 5 000 US$ ast in nije skout oannimst. De wyklikse kosten fan de Akademy sille oanjûn wurde as "Utjeften Jongerein" yn dyn wyklikse finansjele oersjoch. De akademy hat gjin personiel, hja betrouwe op de goede soarch fan harren âlders foar it transport, de blessueres ensfh – dit dogge de âlders sûnder oanfoljende kosten. Tagelyk hat in jeugdakademy ek gjin ynkomsten, de ienige taskôgers binne meastentiids de âlders en freonen fan de jeugdspilers.

It promovearjen fan in spiler út dyn akademy nei dyn senioareploech kostet 2 000 US$.

De ienige ekstra oanfoljende kosten binne der asto in skout fertelst dat hy yn in oar lân/regio spilers sykje moat, dan kin it wêze datst syn reiskosten betelje moatst.

De akademy slúte

Asto dyn jeugdakademy slúte wolst, moast dat dwaan yn it tuskenseizoen of as dyn ploech gjin lid is fan in kompetysje. Do moast dyn jeugdploech wol minstens 6 wiken ha. Do kinst dyn jeugdploech ek ferfange, sels yn in seizoen, troch it gebrûk fan de "Begjin oppenij mei in jeugdploech" funksje op dyn Jongerein side. Lykwols, dizze aksje kinst net ûngedien meitsje en al dyn jeugdspilers en skouts sille wurde ûntslein. Dyn âlde jeugdploech sil aktyf bliuwe yn dyn âlde jeugdkompetysje en do silst in nije kompetysje fine moatte foar dyn nije jeugdploech. Dizze opsje kin mar ien kear yn 3 seizoenen (48 wiken) brûkt wurde.

Tink derom dat it fak 'Jeugdploech opnij starte' allinich sjen sil as de akademy yn 'e ôfrûne 3 wiken ynaktyf west hat (gjin skouts) of as jo dizze wike net jo skouts belle hawwe en minder dan 9 yn oanmerking komme (ûnder 19) spilers yn jo akademy.

It kompetysjesysteem

In Hattrick-seizoen is 16 wiken lang: 14 kompetysjerûndes (8 ploegen per kompetysje dy't twa kear tsjin inoar spylje), ien wike foar kwalifikaasjewedstriden en ien wike sûnder kompetysje-aktiviteiten.

De divyzjestruktuer

It oantal kompetysjenivo's kin yn ferskate lannen ferskillend wêze, mar de basisstruktuer is altyd itselde. It Italiaanske kompetysjesysteem sjocht der bygelyks sa út:

1 Divyzje I (Serie A)
4 Divyzje II (II.1, II.2, II.3, II.4)
16 Divyzje III (III.1, III.2, ensfh. oant III.16)
64 Divyzje IV (IV.1, IV.2, ensfh. oant IV.64)
256 Divyzje V (V.1, V.2, ensfh. oant V.256)
1024 Divyzje VI (VI.1, VI.2, ensfh. oant VI.1024)
1024 Divyzje VII (VII.1, VII.2, ensfh. oant VII.1024)
2048 Divyzje VIII (VIII.1, VIII.2, ensfh. oant VIII.2048)
2048 Divyzje IX (IX.1, IX.2, ensfh. oant IX.2048)
4096 Divyzje X (X.1, X.2, ensfh. oant X.4096)
4096 Divyzje XI (XI.1, XI.2, ensfh. oant XI.4096)

Let op, fanôf divyzjenivo VI ferdûbelt de kompetysjegrutte elts twadde nivo.

Promoasje, degradaasje en kwalifikaasje

Atst kampioen wurdst fan dyn kompetysje silst of rjochtstreeks promovearje nei in hegere kompetysje, of in kwalifikaasjewedstriid spylje foar promoasje. Yn de divyzjes II oant VI sille de kampioenen mei de measte punten rjochtstreeks promovearje, de oare kampioenen moatte harren kwalifisearje. Yn legere divyzjes promovearje alle kampioenen rjochtstreeks. Yn ûneven nûmere divyzjes (VII, IX, ensfh.) promovearret ek de nûmer 2 rjochtstreeks.

Kampioenen dy't in kwalifikaasjewedstriid spylje moatte nimme it op tsjin in ploech dy't yn de divyzje derboppen as 5e of 6e eindige is. Fan de kampioenen dy't in kwalifikaasjewedstriid spylje moatte sille de ploegen mei it bêste seizoensresultaat it opnimme tsjin de swakste ploegen dy't as 6e eindige binne, en de ploegen mei it swakste seizoensresultaat sille it opnimme tsjin de sterkste ploegen dy't as 5e eindige binne. De ploech út de hegere divyzje spilet thús. As de kampioen wint wikselje de twa spilers fan plak yn it kompetysjesysteem. As de ploech út de hegere divyzje wint, sille beide ploegen yn harren kompetysje bliuwe.

Ast yn de einstân 7e of 8e stiest, silst degradearje nei in divyzje leger (útsein ast yn de leechste divyzje spilest). By de Fiifde divyzje as heger sil de degradearre ploech mei it bêste seizoen (de bêste ploech fan de ploegen op plak 7) fan kompetysje wikselje mei de promovearre ploech dy't it bêste seizoen hân hat. De degradearre ploech mei it minste seizoen wikselt fan plak mei de swakste ploech dy't promovearje mei. By de Sechde Divyzje as leger sil de degradearre ploech mei it bêste seizoen fan kompetysje wikselje mei de promovearre ploech dy't de minste skoare fan alle promovendi hat.

Yn divyzes VII en en IX spylje ploegen dy't tredde en fjirde einigje in promoasjewedstriid. Yn divyzjes VIII en X spylje ploegen dy't twadde einigje in promoasjewedstriid.

Feroarje fan divyzje yn it wikselskerm

As dyn ploech yn ien fan de leechste trije divyzjes fan dyn lân spilet, dan is it mooglik om te feroarjen fan kompetysje binnen deselde divyzje. Der moat wol in frij plak yn de kompetysje wêze wêr'st nei ta ferhúzje wolst. Dit kinsto yn it kompetysjeskerm sjen tidens de seizoensoergong. Asto in twadde ploech hast, as underdiel fan dyn Supporter lidmaatskip, dan meie dyn teams nea tegearre yn deselde kompetysje spylje.

Degradaasje en promoasje fan bots

Oan de ein fan elts seizoen sille alle bots yn de divyzjes VI en leger degradearje nei de leechst mooglike divyzje. De ienige útsûndering dêrop is de top fan divyzje VI, dêr't alle botploegen dy't de kampioen wurde lykas normale ploegen promovearje of in kwalifikaasjewedstriid spylje. Botploegen yn divyzje V en heger wurde oangeande promoasje en degradaasje behannele as minsklik behearde ploegen.

Wannear't dy botploegen degradearje, wurde ekstra ploegen út de legere divyzjes promovearre om harren plak yn te nimmen. Dizze poegen wurde "Lucky Losers" neamt en it sille ploegen wêze dy't kwalifikaasjewedstriden ferlern hawwe of, yn sommige foarfallen, sels direkt degradearre binne. It is mooglik om dit soarte fan promoasje te wegerjen yn 'e Ploechfoarkeuren.

As der mear bots boppe de leechste divyzje spylje as dat der managers yn de leechste divyzje spylje dan slút it systeem automatysk de leechste divyzje en treft it maatregels dêrfoar.

Kompetysjestân en ranglist

De úteinlike kompetysjestân wurdt (yn folchoarder fan belang) bepaald troch it oantal punten, it doelsaldo en it oantal skoarde doelpunten. Dit bepaalt dan wer dyn plak op de ranglist, dy't brûkt wurdt om te bepalen wa't tsjin wa spylje moat foar kwalifikaasje- en bekerwedstriden. De ranglist wurdt basearre op (yn folchoarder fan belang): kompetysjenivo, plak yn de kompetysje, punten, doelsaldo en skoarde doelpunten. Foar sawol de ranglist as de stân yn de kompetysje jildt: as dizze saken allegearre lyk binne, bepaalt in opgoaide munt de stân.

Prizejild

Ast op it earste, twadde, tredde of fjirde plak einigst krijst prizejild. De hichte fan it prizejild hinget ôf fan dyn plak en it divyzjenivo:


Kompetysjenivo 1 2 3 4
Divyzje I 2 000 000 US$ 1 175 000 US$ 825 000 US$ 500 000 US$
Divyzje II 1 350 000 US$ 1 050 000 US$ 750 000 US$ 450 000 US$
Divyzje III 1 200 000 US$ 925 000 US$ 675 000 US$ 400 000 US$
Divyzje IV 900 000 US$ 700 000 US$ 500 000 US$ 300 000 US$
Divyzje V 600 000 US$ 475 000 US$ 325 000 US$ 200 000 US$
Divyzje VI 525 000 US$ 400 000 US$ 300 000 US$ 175 000 US$
Oare divyzjes 450 000 US$ 350 000 US$ 250 000 US$ 150 000 US$

Der wurdt ek in bonus fan 10 000 US$ útbetelle oan de klup dy't de topskoarder fan in kompetysje levert. It jild wurdt nei de lêste wedstriid fan it seizoen útbetelle. As twa spilers lyk stean foar dizze priis ûntfange beide aktuele eigners fan de spilers de priis, mar as twa fan dyn eigen spilers lyk stean, krijst de priis mar ien kear.

Promoasjebonus

Ast direkt promovearrest nei in hegere divyzje krijst boppenop it prizenjild in promoasjebonus. Dêr boppenop sil promoasje dyn fanklup ek in stimulâns jaan: do krijst 10% fans ekstra (fergelykber ferliest 10% fan dyn fans atst degradearrest). Ast "fergees" promovearrest, bûtenom de standaardpromoasjebetingsten, dan krijt allinnich dyn fanklup de stimulâns, do krijst gjin promoasjebonus. Foarbylden fan fergeze promoasjes binne botoprommings en ekstra promoasjeplakken beskikber yn de Hattrick International kompetysje.


Kompetysjenivo Rjochtstreeks promovearre Promovearre nei kwalifikaasjewedstriid
Divyzje I - -
Divyzje II 500 000 US$ 175 000 US$
Divyzje III 450 000 US$ 150 000 US$
Divyzje IV 400 000 US$ 125 000 US$
Divyzje V 300 000 US$ 100 000 US$
Divyzje VI 200 000 US$ 75 000 US$
Oare divyzjes 175 000 US$ 50 000 US$

It bekersysteem

Meidwaan oan de Hattrick bekerrûndes is in moaie útdaging foar eltse manager. Boppedat is it in wize om ûnderfining op te dwaan en ekstra jild te fertsjinjen. It Hatrick bekersysteem is ûntwurpen om in betsjuttingsfolle ûnderfining te bieden foar alle nivo's. Elkenien spilet op syn minst trije bekerwedstriden.

Alle ploegen yn de 6e divyzje en heger spylje yn de Nasjonale Beker. Ast der betiid út leist dan kinst noch meidwaan foar in beker fan legere rang. Der is ek in divysjebeker foar alle divyzjes leger as Divyzje 6. Ploegen yn dy divyzjes (Divyzje 7 en leger) sille om harren Divyzjebeker spylje yn stee fan yn de Nasjonale Beker.

As dyn ploech der betiid út leit dan krijst, lykas yn de Nasjonale Beker, in kâns om mei te dwaan yn in beker fan legere rang.

Bekerlotting

De beker wurdt altyd midwyks spile. De earste rûnde fan de Nasjonale Beker en de Divyzjebeker is altyd in pear dagen foar dyn earste kompetysjewedstryd fan it seizoen. De Werkânsingsbeker bestiet út ploegen dy't út de Nasjonale Beker of de Divyzjebeker lizze, en dêrom begjint de Werkânsingsbeker ien wike nei de Nasjonale beker. Der binne aparte Werkânsingsbekers foar ôffallers fan ferskillende bekerrûndes. Dyn earste bekertsjinstanner en de beker dêr't do yn spilest wurde ien wike foarôf bekend makke. Yn folgjende rûndes wurde dyn folgjende tsjinstanner en aktuele beker oankundige koart nei't alle wedstriden foar de aktuele bekerrûnde ôfrûn binne.

Bekerwedstriidlokaasjes

De haadregel is dat de sterkste ploech dy noch yn de beker aktyf is útspilet tsjin de swakste ploech noch yn de beker. Om dit te bepalen, brûke wy in bekerranglist, hjirnei fierder útlein.

Yn de lêste seis rûndes fan' e beker hat de ranglist gjin ynfloed mear op it foardiel fan thús of út, om't alle wedstriden op neutraal terrein spile wurde.

Bekerlotting

Hoe wurdt dyn tsjinstanner yn de beker fêststeld?

Yn de earste rûnde fan de beker spilet de heechste ploech op de ranglist altyd út tsjin de ploech mei de leechste bekerrang.

Foardat de earste rûnde begjint, wurdt de lotting foar de twadde rûnde makke. Foar dizze lotting wurdt der fan útgien dat nei de earste rûnde alle ploegen mei hege rangen trochgean.

As in ploech mei legere bekerrang yn de earste rûnde wint, sil it it plak fan syn tsjinstanner oernimme yn de twadde rûnde. Dit soe har in maklikere tsjinstanner jaan kinne as dy de ploech oars yn dy ronde krigen hie.
Dit foardiel duorret lykwols net lang. Foardat de twadde rûnde begjint, wurdt de lotting foar de tredde rûnde makke. Op 'e nij wurde alle oerbleaune heechste bekerrang ploegen setten tsjin de oerbleaune ploegen mei in lege bekerrang.

It foardiel fan dit systeem is dat foar elke bekerrûnde alle oerbleaune ploegen witte sille wat der bart as se trochgeane nei de folgjende rûnde. D'r is altyd in oare wedstriid, wêrfan de winner de folgjende rûnde tsjin de winner fan dyn wedstriid spylje sil.

Hjir is in foarbyld fan hoe't de Hattrick bekerlotting wurket:

1. Yn de earste rûnde hawwe wy de folgjende 16 ploegen en lotting:

Earste rûnde

Bekerrang16-Bekerrang1
Bekerrang15-Bekerrang2
Bekerrang14-Bekerrang3
Bekerrang13-Bekerrang4
Bekerrang12-Bekerrang5
Bekerrang11-Bekerrang6
Bekerrang10-Bekerrang7
Bekerrang9-Bekerrang8

De ferwachte Rûnde 2 lotting, lykas bekend makke foardat Rûnde 1 begjint, is dizze:

Bekerrang8-Bekerrang1
Bekerrang7-Bekerrang2
Bekerrang6-Bekerrang3
Bekerrang5-Bekerrang4

Twa wedstriden einigen lykwols yn ferrassende oerwinningen foar de underdogs - Ploech 16 en Ploech 14 prestearren better. Hjirtroch sil de eigentlike lotting yn Rûnde 2 wurde:

Bekerrang8-Bekerrang16
Bekerrang7-Bekerrang2
Bekerrang6-Bekerrang14
Bekerrang5-Bekerrang4.

No, as de lotting foar Rûnde 3 dien wurdt, nimt it systeem opnij oan dat de heechste bekerrang ploegen winne sille, en makket dêrom dizze lotting:

Bekerrang8-Bekerrang2
Bekerrang6-Bekerrang4

As Ploech 16 yn Rûnde 2 wer wint, nimt it yn Rûnde 3 de posysje fan Ploech 8 oer.
As Ploech 14 wer wint, krijt it it plak fan Ploech 6.

Bekerrang

De bekerranglist wurdt brûkt by it meitsjen fan de bekerlotting. It is in statyske ranglist dy't net feroaret as de beker begûn is. De earste faktor foar de ranglist is yn hokker divyzje de ploech yn it aktuele seizoen spilet. Ploegen wurde dan binnen dizze divyzjegroepen as folget ranglist:

1. Aktive degradearre ploegen
2. Aktive ploegen dy't net degradearren of promovearren
3. Ploegen dy't op eigen krêft promovearren
4. Ploegen dy't "fergees" promovearren (troch in degradearre bot te ferfangen)
5. Bots, as der noch plakken frij binne

Ploegen binnen eltse groep hjirboppen wurde sortearre nei de ranglist oan it ein fan ferline seizoen. Dizze ranglist bliuwt de hiele beker itselde.

Letter meidwaan oan in Herkânsingsbeker

Foar Herkânsings- en Treastbekers wurdt it momint fan yngong ek yn 'e lotting meirekkene. Ploegen dy't betiid ynstreame, wurde garandearre heger pleatst as dejingen dy't letter meidogge. De bekerranglist fan elke ploech is noch altyd fan belang, mar allinich om te beslúten yn hokker folchoarder ploegen dy't op deselde datum ynstreame pleatst wurde.

In foarbyld soe wêze dat it dyn ploech slagget om oant rûnde 5 of 6 yn de Nasjonale Beker te bliuwen foardat jim útskeakele wurde. Wylst dyn Bekeraventoer trochgiet yn in Herkânsingsbeker op leger nivo, silst do altyd leger pleatst wurde dan ploegen dy't foar dy meidienen. De ploech mei de heechste bekerrang fan dyjingen dy't yn de earste rûnde ynstreamt binne, sil spylje tsjin de ploech mei de leechste bekerrang fan dyjingen dy't it lêst ynstreame.

De ferskate Bekers en harren opset

De wichtichste beker yn eltse kompetysje is de Nasjonale Beker. Dy is iepen foar elkenien yn divyzje 6 en heger mei in minsklike manager. Allinnich de bêste ploegen hawwe in kâns om de Nasjonale Beker te winnen, mar alle ploegen dy't fierder komme yn dizze kompetysje sille goed beleand wurde.

Lykwols, as dyn ploech gau út de Nasjonale Beker leit dan krijst in twadde kâns. Ast derút leist yn ien fan de earste seis wedstriden fan de Nasjonale Beker dan dochst mei foar ien fan de trije nasjonale Herkânskingsbekers. Meidwaan yn de Herkânskingsbekers is noch hieltyd oantreklik foar dyn ploech, mar beleaningen binne in stik leger as yn de Nasjonale Beker. Ast it kinst dan leant it altyd om yn de Nasjonale beker te bliuwen.

De trije Herkânskingsbekers binne oarspronklik de Smaragd, Robyn en Saffier. De Smaragdbeker is foar alle ploegen dy't út de Nasjonale beker lizze yn rûnde 1 of 6. De ploegen dy't der yn rûnde 2 en 5 út fleane komme út by de Robynbeker. Ploegen dy't der yn rûnde 3 en 4 út lizze dy komme yn de Saffierbeker. De trije bekers rinne parallel oan mekoar en oan de Nasjonale Beker, en út alle bekers komt úteinlik in winnaar. Hâld wol yn de efterholle dat de Herkânsingsbekers yn guon kompetysjes oare nammen ha kinne as orzjineel.

Ploegen dy't derút lizze yn de earste rûnde fan de Smaragd Beker en rûnde ien fan de Robyn Beker krije in plak yn de Treastbeker. Dy beker jout gjin prizejild of oare foardielen, mar de winner krijt wol in beker.

Yn kompetysjes mei mear as seis divyzjes wurde Divyzjebekers organisearre foar divyzje 7 en leger. De Divyzjebekers folgje in gelyk patroan mei ien haadbeker, de trije Herkânsingsbekers Smaragd, Robyn en Saffier, en dêrûnder de Treastbeker. It iennige ferskil is dat it prizejild oer it gehiel leger is.

De grutte fan de bekers wurdt bepaald troch it oantal ploegen dat kwalifisearre is foar de beker en dat minsklike managers hat. Wurdst automatysk pleatst yn de beker mei de minste dielnimmers. As alle minsklike managers plak hawwe, wurdt de beker oanfolle mei bot-ploegen.

1. It oantal kwalifisearre ploegen mei minsklike managers wurdt teld
2. De lytste bekergrutte wurdt keazen der't alle minsklike managers yn passe
3. Dy beker wurdt dan earst opfolle mei behearde ploegen
4.Dan wurde de 'gewoane' bots brûkt
5. As dat net genôch is, wurde allinnich foar de beker ekstra botploegen oanmakke.


Wike Nasjonale beker Herkânsingsbeker
(Smaragd)
Herkânsingsbeker
(Robyn)
Herkânsingsbeker
(Saffier)
Treastbeker
Ploegen Ploegen Ploegen Ploegen Ploegen
1 16384
2 8192 8192
3 4096 4096 4096 4096
4 2048 2048 2048 2048 4096
5 1024 1024 1024 2048 2048
6 512 512 1024 1024 1024
7 256 512 512 512 512
8 128 256 256 256 256
9 64 128 128 128 128
10 32 64 64 64 64
11 16 32 32 32 32
12 8 16 16 16 16
13 4 8 8 8 8
14 2 4 4 4 4
15 - 2 2 2 2
16 - - - - -
  • Ferliezende ploegen yn de earste en seisde rûnde fan de nasjonale beker pleatse harren foar de Smaragd Herkânsingsbeker.
  • Ferliezende ploegen yn de twadde en fyfde rûnde fan de nasjonale beker pleatse harren foar de Robyn Herkânsingsbeker.
  • Ferliezende ploegen yn de tredde en fjirde rûnde fan de nasjonale beker pleatse harren foar de Saffier Herkânsingsbeker.
  • Ferliezende ploegen yn de earste rûnde fan de Smaragd Herkânsingsbeker en de earste rûnde fan de Robinen Herkânskingsbeker pleatse harren foar de Treastbeker.

Ploech-effekten

In wichtich punt fan de bekers is de taktyske opsje dy't derby sjen komt. Lang yn in beker bliuwe jout dy mear kompetitive wedstriden, wat ek betsjut datst mear fertrouwen en ploechsfear krijst yn tarieding op de kompetysje. Bekerwedstriden jouwe dyn spilers ek mear ûnderfining, wat tegearre mei hegere kaartferkeap in lange bekerkarriêre noch mear wearde jout. Lykwols, net alle bekers ha likefolle ynfloed op dyn ploech.

Kaarten en blessueres geane gewoan troch yn alle bekers. Ast in kaart yn in bekerwedstriid krijst dan kin dyn spiler de folgjende kompetysjewedstriid skrast wêze.

Ploechsfear, fertrouwen en stimming fan de fans: Allinnich wedstriden yn de Nasjonale Beker en de Divyzjebeker hawwe in effekt op dizze wearden. Wedstriden dy't spile wurde yn oare bekers gedrage harren as freonskiplike wedstriden as it om ploechsfear, fertrouwen en de stimming fan de fans giet.

Underfining: De Nasjonale Beker en de Divyzjebeker jout de spiler op it fjild it dûbele oan ûnderfining fergelike mei in kompetysjewedstriid. Herkânskingsbeker- en Treastbekerwedstriden jouwe dyn spilers de helte fan de ûnderfining dy't se yn in kompetysjewedstriid krije soenen.

Bekerynkomsten

Kaartferkeap is in belangryk foardiel fan in súksesfolle goai nei de Beker. Hoe langer oftst meidochst, hoe mear taskôgers der komme en hoe mear omset oftst draaist. De Nasjonale Beker en de Divyzjebeker binne oanmerklik oantrekliker as de Werkânsingsbeker en de Treastbeker. Wylst in Nasjonale Beker en de Divyzjebeker (alteast yn lettere rûndes) likefolle publyk lûkt as in kompetysjewedstriid, binne de oare bekers kwa opbringsten better fergelykber mei oefenwedstriden. De Nasjonale Werkânsingsbeker sil trije kear safolle taskôgers lûke as wat in ynternasjonale oefenwedstriid tusken de twa ploegen dwaan soe. De Nasjonale Treastbeker lûkt twa kear safolle taskôgers. De Divysjonele Werkânsingsbeker lûkt twa kear safolle taskôgers as in ynternasjonale oefenwedstriid tusken de twa ploegen. De Divisjonele Treastbeker lûkt 50% mear taskôgers.

De thúsploech krijt 67% fan de kaartferkeap en de útploech krijt 33%. Yn de lêste seis rûndes wurdt de opbringst 50/50 dield. Yn it algemien hawwe fans net sa'n belang by de earste rûndes, mar hoe mear ast fierder komst, hoe mear publyk oft der wêze sil. It is ek sa dat de fans fan in legere divyzje leaver nei in wedstryd tsjin in ploech út in hegere divyzje sjogge, mar oarsom is it fansels krekt oarsom. De bêste ploegen yn it bekertoernoai krije ek prizejild, sa't toand wurdt yn de tabel hjirûnder. Der is gjin topskoarderspriis foar it bekertoernoai.

Nasjonale beker

Posysje Nasjonale beker Herkânsingsbeker Treastbeker
Winnaar 1 500 000 US$ 300 000 US$ -
Ferliezend finalist 1 000 000 US$ 150 000 US$ -
Utskeakele yn heale finale 750 000 US$ 100 000 US$ -
Utskeakele yn kwartfinale 500 000 US$ 50 000 US$ -
Utskeakele by lêste 16 250 000 US$ 25 000 US$ -
Utskeakele by lêste 32 200 000 US$ - -
Utskeakele by lêste 64 180 000 US$ - -
Utskeakele by lêste 128 160 000 US$ - -
Utskeakele by lêste 256 140 000 US$ - -
Utskeakele by lêste 512 120 000 US$ - -
Posysje Divyzjebeker Herkânsingsbeker Treastbeker
Winnaar 300 000 US$ 150 000 US$ -
Ferliezend finalist 150 000 US$ 100 000 US$ -
Utskeakele yn heale finale 100 000 US$ 50 000 US$ -
Utskeakele yn kwartfinale 50 000 US$ 25 000 US$ -
Utskeakele by lêste 16 25 000 US$ - -

Oefenwedstriden

Om al dyn spilers op it goeie plak trening jaan te kinnen, binne - atst net yn de beker spilest - oefenwedstriden altyd in opsje. Faak wurde dizze wedstride brûkt om de reserves spylje en trene te litten, mar it kin ek in goeie wize wêze om nije formaasjes en oarders te testen en te trenen. Of wêrom soest der gjin earesaak fan meitsje, en dyn bêste freon útdaagje?

In oefenwedstriid regelje

De ienfâldichste wize om in oefenwedstriid te boeken is om dyn ploech op de útdagingenside ta te foegjen oan de Oefenpot. Kies it type wedstriid en tsjinstanner, dan koppelt de Oefenpot dyn ploech automatysk oan in oare ploech, en sil de oefenwedstriid boeke (sagau't dyn kriteria foldogge oan dy fan in oare ploech dy't oan dyn kriteria foldocht).

Ast net (mear) yn de beker spilest, en noch gjin oefenwedstriid regele hast, kinst eltse tsjinstanner dy't ek gjin wedstriid hat útdaagje. Sommige ploegen kinne ûnbeskikber wêze fanwege harren foarkeuren of de status fan harren Managerlisinsje.

Al dyn útdagings (ynklusyf ploegen dy't dy útdage ha) wurde op de "Utdagings"-side toand. Sagau't in oefenwedstriid regele is, ferskynt er op dyn "Wedstriden"-side, en dan kinst dyn opstelling op de normale wize meitsje.

Oefenwedstriden yn de seizoenspauze

Yn wiken 15 en 16 fan it seizoen kinst ek yn it wykein oefenwedstriden spylje, salang't dat gjin wriuwing bringt mei kwalifikaasjewedstriden.

Tidens dizze perioade wurket it útdaagjen fan in tsjinstanner foar in oefenwedstriid wat oars. Ast ien útdagest, komt der in útklapmenu by, wêryn'st kieze kinst of de útdaging foar in midwykse of foar in wykeinoefenwedstriid is.

De útdagingsperioade foar wykeinwedstriden, of se no nasjonaal of ynternasjonaal binne, rint fan moandeis 06:00 oant freeds 23:59.

Types oefenwedstriden

Der binne twa types oefenwedstriden: normaal of mei bekerregels. Mei bekerregels wurdt de wedstriid by in lykstân nei 90 minuten ferlingd, en as it nedich is mooglik wol troch strafskoppen.

Ynternasjonale oefenwedstriden

Do kinst derfoar kieze om yn it bûtenlân te spyljen, of in ploech út in oar lân útnoegje om yn dyn stadion te spyljen. Atst yn it bûtenlân spilest, wurdt de wedstriid spile op de lokale wedstriidtiid fan it stadion wêryn spile wurdt. Atst bygelyks yn Portugal spilest, sil de wedstriid op de normale Portugeeske wedstriidtiid (dus 21:45 CET) spile wurde.

Wêr de reis ek hinne giet, dyn ploech fertrekt tiisdeis om 18:00 (CET) en komt tongersdeis werom om 8:00 (CET). Ynternasjonale oefenwedstriden kinne op syn letst op tiisdei 18:00 (CET) boekt wurde, en do kinst gjin nije oefenwedstriid boeke oant dyn ploech tongersdeis wer thús is. As dyn ploech gjin ynternasjonale oefenwedstriid spile hat, kinst tongersdeis fanôf 6:00 oere begjinne in oefenwedstriid foar de folgjende wike te regeljen.

Eltse reis nei it bûtenlân kostet dy 6 000 US$, mar ynternasjonale oefenwedstriden lûke meastentiids ek wer mear taskôgers oan.

Oare saken

It taskôgersoantal is by in oefenwedstriid behoarlik minder grut as by in kompetitive wedstriid. Oefenwedstriden mei bekerregels lûke mear taskôgers oan as normale oefenwedstriden, en ynternasjonale oefenwedstriden noch mear.

Der is gjin ynfloed op selsbetrouwen en ploechsfear, en ek net op de fans of harren stimming. Belangriker is dat it blessuererisiko net lytser is by in oefenwedstriid.

Spylje op neutraal terrein

Ast in oefenwedstriid spylje wolst sûnder ien fan beide ploegen thúsfoardiel te jaan, kinst derfoar kieze om op neutraal terrein te spyljen. Ast yn in stadion yn dyn eigen regio spilest, silst noch altyd thúsfoardiel krije (sels ast te boek stiest as útploech). De eigner fan it stadion ûntfangt gjin jild foar dizze wedstriden.

It makket net út wêr'tst de wedstriid spilest, eltse wedstriid tsjin in bûtenlânske ploech wurdt beskôge as in ynternasjonale oefenwedstriid.

Hattrick Arena kompetysjes

Hattrick Arena is it alternative kompetysjesysteem foar Hattrick-ploegen. D'r binne in protte soarten Hattrick Arena-kompetysjes, fan losse Duels tsjin in oare manager oant offisjele ljedderwedstriden wêr't do besykje kinst de 'Kening fan de Heuvel' te wurden. D'r binne ek privee toernoaien dy't do sels oanmeitsje en útfiere kinst, mei de regels dy't do wolst.

Tink derom dat do noch elke wike dyn gewoane freonskiplike (oefen)wedstriid spylje kinst, ek as do yn in toernoai spilest.

It oanmeitsjen fan of meidwaan oan in toernoai

Hattrick Arena hat in fleksibel systeem foar it oanmeitsjen fan toernoaien. It is mooglik om mei te dwaan oan toernoaien makke troch oaren of in toernoai foar dysels en dyn freonen te iepenjen, en mei help fan oanpaste regels de kompetysje noch ynteressanter te meitsjen.

As de makker fan in toernoai, kinst beslute oer alle aspekten fan it toernoai. Namme, opset, grutte, wedstriidtiden en spesjale regels lykas it tastean fan mar in bepaalde kategory spilers (memmeklup, minimum of maksimum leeftiid) of it ynstellen fan in lean- of powerranglimyt foar dielnimmende ploegen.

Elkenien kin in toernoai opsette mei Hattrick Credits. Fergees toernoaien oanmeitsje of oan meidwaan is ek mooglik as do in Gold-, Platina- of Diamond Supporter bist.

Wedstriiddagen yn de Arena

Wedstriden yn Hattrick Arena wurde op neutraal terrein spile, en jouwe dy gjin taskôgersynkomsten of nije fanklup-leden.

Alle Hattrick Arena wedstriden brûke deselde wedstriidgegevens as gewoane wedstriden. Dus de aktuele foarm, feardigens, ûnderfining, blessuerestatus ensfh. fan dyn spilers op de wedstriiddei sil brûkt wurde. Der binne wol twa útsûnderings: ploechsfear (en fertrouwen) wurde ynsteld op in fêst nivo, en kaarten wurkje oars. Sjoch hjirûnder foar details.

Wedstriden hawwe ek gjin effekt op dyn ploech of dyn spilers nei de wedstriid. Spilers krije gjin trening of ûnderfining fan dizze wedstriden, en wedstriden hawwe ek gjin ynfloed op formaasjeûnderfining, ploechsfear, ensfh.

Divyzje Slach en Bekers

Do silst ek ferskate offisjele wedstriden fine yn Hattrick Arena. Dizze wurde makke troch Hattrick, en do kinst fergees meidwaan as do útnoege wurdst.

Yn Divyzje Slach konkurrearje do en de oare managers út dyn kompetysje tegearre tsjin de oare kompetysjes út dyn divyzje. Elke rûnde wurdt dyn kompetysje lotte tsjin in oare kompetysje, wêrby't elk fan 'e dielnimmende ploegen ien fan 'e ploegen fan 'e oare tsjinkomme sil. It doel is om oan it ein fan it seizoen eare te wurden as de bêste kompetysje fan dyn divyzje!

Hattrick organisearret ek twa Beker-toernoaien, beide spile yn it tuskenseizoen. De Generaasjebeker is in toernoai dêr't managers dy't begûn te spyljen Hattrick om deselde tiid, it tsjin elkoar opnimme.

De Supporterwike-beker is in útnoegingstoernoai foar alle hjoeddeiske Hattrick Supporters.

Hattrick Arena effekten yn detail

Alle details dy'tst witte moatst oer Hattrick Arena wedstriden stean hjir:

  • Ploechsfear: Ploechsfear is ynsteld op in fêst nivo (kontint) yn Hattrick Arena wedstriden.
  • Selsbetrouwen: Selsbetrouwen is ynsteld op in fêst nivo (bjusterbaarlik) yn Hattrick Arena wedstriden.
  • Blessueres: Yn Hattrick Arena wedstriden komme gjin blessueres foar, mar spilers dy't yn "normaal" Hattrick blessearre binne, kinne net spylje.
  • Kaarten (eigen toernoaien): Toernoaien ha harren eigen kaartenstatus, en ha in systeem fan reade / giele kaarten dat kompleet los stiet fan 'gewoan' Hattrick. Sa telt in yn in toernoaiwedstriid ûntfongen kaart allinnich mei foar de wedstriden dy't by dat toernoai hearre. En as in spiler yn 'gewoan' Hattrick útsluten is foar de folgjende wedstriid, sil hy altyd noch yn in toernoaiwedstriid spylje kinne.
  • Kaarten (Ljedders): Kaarten telle net mei yn Ljeddertoernoaien.
  • Trening: Spilers ûntfange gjin trening foar toernoaiwedstriden.
  • Underfining: Spilers krije gjin ûnderfining út spile toernoaiwedstriden.
  • Formaasjes: Dyn aktuele formaasjeûnderfining út it "normale" Hattrick wurdt ek foar dyn toernoaiwedstriden brûkt. Do krijst foar toernoaiwedstriden gjin nije formaasjeûnderfining.

Ljedderkompetysjes

Yn in ljedder is dyn doel om it heechste plak te beheljen, en Kening fan de Heuvel te wurden, en dat sa lang atst kinst te bliuwen. Om oan de top te kommen kinst oare ploegen dy't boppen dy steane útdaagje, om harren plak yn de ljedder oer te nimmen.

Utdaging-regels

Dyn aktuele plak yn de ljedder bepaalt hokker ploegen at'st útdaagje kinst.

  • Pos 2-5: Kin allinnich it team fuortendaliks boppe harren útdaagje yn de ljedder.
  • Pos 6-11: Kin ploechen útdaagje 1-2 plakken derboppe, mar net heger as posysje 5.
  • Pos 12-18: Kin ploechen útdaagje 1-3 plakken derboppe, mar net heger as posysje 10.
  • Pos 19-39: Kin ploechen útdaagje 1-5 plakken derboppe, mar net heger as posysje 16.
  • Pos 40-63: Kin ploechen útdaagje 1-7 plakken derboppe, mar net heger as posysje 35.
  • Pos 64-99: Kin ploechen útdaagje 1-10 plakken derboppe, mar net heger as posysje 57.
  • Pos 100-129: Kin ploechen útdaagje 1-15 plakken derboppe, mar net heger as posysje 90.
  • Pos 130-169: Kin ploechen útdaagje 1-25 plakken derboppe, mar net heger as posysje 115.
  • Pos 170-199: Kin ploechen útdaagje 1-35 plakken derboppe, mar net heger as posysje 145.
  • Pos 200-249: Kin ploechen útdaagje 1-50 plakken derboppe, mar net heger as posysje 165.
  • Pos 250-599: Kin ploechen útdaagje 1-75 plakken derboppe, mar net heger as posysje 200.
  • Pos 600-1099: Kin ploechen útdaagje 1-100 plakken derboppe, mar net heger as posysje 525.
  • Pos 1100-2499: Kin ploechen útdaagje 1-250 plakken derboppe, mar net heger as posysje 1000.
  • Pos 2500-5499: Kin ploechen útdaagje 1-500 plakken derboppe, mar net heger as posysje 2250.
  • Pos 5500+: Kin ploechen útdaagje 1-1000 plakken derboppe, mar net heger as posysje 5000.

De útdager betellet foar de wedstriid, en útdage ploegen nimme automatysk de útdaging oan. De wedstriid wurdt 24 oeren nei de útdaging spile. As de útdager wint, wurdt de Credit werombetelle.

Plakwiksels nei de wedstriid

Ast in ploech útdagest en winst, nimst it plak fan de troch dy útdage ploech oer. De útdage ploech sakket 1 plak (en dat jildt ek foar de oare ploegen dy't tusken de twa ploegen yn de ljedder steane).

Foarbyld: Ploech A stiet op plak 54 en daget B (de nûmer 47) út. As A wint, nimt A plak 47 oer fan B. B wurdt op plak 48 setten, de ploech dy't op plak 48 stie wurdt nei plak 49 setten, de ploech dy't op plak 49 stie surdt nei plak 50 setten, ensfh.

Ast in ploech útdagest en ferliest, bliuwe beide ploegen op harren eigen plak stean.

Rêstskoft útdagings

Nei in wedstriid dêr'tst yn útdage wiest, kinne oare ploegen dy 12 oeren lang net útdaagje (fan it begjin fan de wedstriid ôf). Dit jout dy in kâns om sels in ploech út te daagjen en de ljedder te beklimmen.

Nei in wedstriid dêr'tst sels de útdager yn wiest, kinst 12 oeren lang gjin oare ploech útdaagje (fan it begjin fan de wedstriid ôf). Dat jout oare ploegen de kâns om dy út te daagjen. It is ek om foar te kommen dat bygelyks #2 altyd daliks #1 útdaget, wat it ûnmooglik foar de #3 makket om #2 út te daagjen om syn plak oer te nimmen.

Nasjonale ploegen

Yn Hattrick, krekt as yn 'e echte wrâld, binne d'r nasjonale ploegen dy't tsjin elkoar konkurrearje. Mar by Hattrick wurdt de coach fan de nasjonale ploech fan dyn lân troch dy keazen! Elk Hattrick-lân hat in Nasjonale Ploech, lykas ek in U21-team mei spilers fan 21 jier of jonger. Dit betsjut dat elk lân twa nasjonale coaches hat, beide keazen troch de mienskip. De Wrâldbekerformat feroare yn Seizoen 77 (17 Jannewaris 2021).

Nasjonale Ploech kompetysjes

De Nasjonale ploegen stride tsjin inoar yn trije ferbûne toernoaien. De Kontinintale Kampioenskippen, de Nations Cup en de eigentlike Wrâldbeker. De kompetysjesyklus oerspant twa seizoenen. It begjint mei de Kontinentale Kampioenskippen foar lannen út Europa, de Amerika's, Afrika en Aazje-Oseaanje en einiget mei de Wrâldbeker.

De Nations Cup is in werkânsingstoernoai foar ploegen dy't de Wrâldbeker net berikke ha en wurdt parallel spile mei de Wrâldbeker.

Nasjonale teams folgje harren eigen kaartstatus, en hawwe in folslein skieden systeem fan reade/giele kaarten fan ' gewoane ' Hattrick.Elke kaart dy 't yn in NT/ U21 - wedstriid ûntfongen wurdt, telt dus allinnich mei foar de wedstriden dy 't diel útmeitsje fan dy NT/U21- kompetysje.Lyksa, as in spiler in reade kaart krijt yn normale Hattrick, kin er noch altyd spylje yn in NT/U21-wedstriid.Se wurde reset oan de ein fan elke kompetysje (of wannear 't it team út dy kompetysje fermindere wurdt ).

Kontinintale Kampioenskippen

Elke Nasjonale Ploech yn Hattrick wurdt in plak yn harren Kontinintaal Kampioenskip garandearre. Dizze Kontinintale Kampioenskippen wurde spile yn groepen fan 6 ploegen. Groepen wurde foarme op basis fan de Nasjonale Ploech Ranglist (sjoch hjirûnder).

De Kontinintale Kampioenskippen hawwe in Round-Robin-format (dûbele wedstriden - thús en út) en duorret 10 wiken mei de kwartfinales, heale finales en finales yn 'e lêste wike.

De bêste 8 ploegen fan elts kontinint, basearre op har posysje, punten, doelferskil en doelpunten skoart sille kwart, heale finales en finales spylje, wylst de rest fan 'e Nasjonale Coaches op freeds harren oefenwedstriden planne kin. Yn 'e kwartfinale stean de top 4 ploegen (basearre op posysje, punten, doelsaldo, skoare doelpunten, willekeurich as al it oare gelyk is) willekeurich tsjin de ûnderste 4 ploegen dy't har kwalifisearre hawwe foar de kwartfinale, en twa ploegen út deselde groep sille net tsjin inoar yn de kwartfinale spylje. De winner wurdt beneamd as Kontinentale Kampioen, en wurdt in gouden trofee útrikt. Sulveren en brûnzen trofeeën wurde útrikt oan de ploegen dy't 2e, respektivelik 3e en 4e einigje.

Wrâldbeker

De Wrâldbeker begjint yn wike 13 fan it earste seizoen en duorret foar de rest fan seizoen 1 en it hiele seizoen 2. It is ferdield yn 5 rûndes, folge troch heale finales en finale.

96 teams dogge mei oan Rûnde 1 yn 16 groepen fan 6 ploegen yn in Round-Robin-format. De earste 4 fan elke groep sil trochgean nei Rûnde 2, wylst de rest útskeakele is.

Rûnde 2 sil 16 groepen hawwe fan 4 ploegen yn in Round-Robin-format en de earste 2 fan elke groep sille trochgean nei Rûnde 3.

Yn Rûnde 3 hawwe wy 8 groepen mei 4 ploegen wêr't se yn in neutraal stadion ien wedstriid spielje tsjin elke tsjinstanner en de top 2 fan elke groep giet troch nei Rûnde 4.

Rûnde 4 en rûnde 5 sille respektivelik 4 en 2 groepen hawwe mei 4 ploegen. Eltse ploech sil ien kear tsjin de oaren spylje yn in neutraal stadion en de top 2 fan eltse groep giet troch nei de folgjende fase.

Sawol de heale finales as de finale wurde spile yn neutrale stadions. De winner fan 'e finale wurdt Wrâldkampioen neamd, en wurdt in gouden trofee útrikt. Sulver- en brûnzen trofeeën wurde útrikt oan 'e runner-ups.

Foar eltse rûnde sille de ploechsfear en it fertrouwen folslein of foar in part weromsetten wurde nei de standertwearden. As de hjoeddeistige ploechsfear bygelyks op nivo 9 is en de standertwearde is 5 mei de weromset fan 80%, dan sil yn ploechsfear ôfnimme mei (9 - 5) * 0,8 = 3.2 nivo's. Weromset en middelpuntwearden foar de deistige updates, foar sawol Ploechsfear as Fertrouwen binne 5.0.

Nations Cup

Ploegen dy't tidens de Kontinentale Kampioenskippen net slagje harren te kwalifisearjen foar de Wrâldbeker, sille spylje yn' e Nations Cup, dy't neist de Wrâldbeker plakfynt. Dit toernoai wurdt spile yn it Switserske toernoai format (lykas de Supporterwike-beker).

Dit is net allinich in treasttoernoai, mar kin wichtich wêze foar lytsere ploegen, om't de finale ranglist yn 'e Nations Cup brûkt wurdt foar de lotting fan it folgjende Kontinentale Kampioenskip. Oan it ein fan' e Nations Cup, tidens de heale finales en finale fan 'e Wrâldbeker, sille de top 8 ploegen in knockout-toernoai hawwe en de winner kriget in priis - de top 4 ploegen (basearre op posysje, punten, doelferskil, skoare doelpunten, willekeurich as al it oare gelyk is) spylje willekeurich tsjin de ûnderste 4 ploegen dy't har ek kwalifisearre ha foar de kwartfinale.

Tidens de Nations Cup kinne spilers net blesseare reitsje, mar kaarten wurkje lykas yn elk toernoai. De formaasjeûnderfining yn opstellingen wurdt oarnommen út de Kontinentale Kampioenskippen, mei in mooglikheid om formaasjeûnderfining werom te setten lykas foar de Wrâldbeker, en kriget dernei krekt as oars updates nei eltse Nations Cup wedstriid.

De winner wurdt de Nations Cup trofee útrikt.

Wrâldbeker kwalifikaasje

96 ploegen gean troch fanút de Kontinintale Kampioenskippen nei de Wrâldbeker

Elk kontinint hat harren eigen Wrâldbeker-plakken, dy't wurde takend oan de bêst pleatste ploegen yn elke groep fan 'e Kontinintale Kampioenskippen-groepsfase. Sa't wy sjen kinne yn 'e tabel hjirûnder, hat Europa 32 plakken, Aazje-Oseaanje 21 plakken en Afrika en de Amerika's 12 en 20.


Kontinint Totaal oantal ploegen Wrâldbeker plakken
Europa 48 32 (4 promoasjes / groep)
Aazje-Oseaanje 42 21 (3 promoasjes / groep)
Afrika 24 12 (3 promoasjes / groep)
Amerika 30 20 (4 promoasjes / groep)

In oantal Wildcards sil útrikt wurde oan ploegen dy't harren net direkt fia de groepsfase fan 'e Kontinintale Kampioenskippen kwalifiseare. Mei 11 beskikbere Wildcards, sille de bêste 22 ploegen dy't net yn oanmerking komme foar de Wrâldbeker, basearre op harren punten, doelferskil en doelpunten skoart yn 'e groepsfase, selekteart wurde foar in Wildcard Playoff.

Yn 'e Wildcard Playoff sil de ploech mei de heechste rang (in ranglist basearre ek op eardere Wrâldbeker-resultaten) spylje tsjin de ploech mei de leechste rang, en de ploech mei de twadde heechste rang tsjin de ploech fan' e twadde leechste rang, ensafierder. De Playoff wurdt thús en út spile, mei in folsleine weromset fan Ploechsfear en Fertrouwen foar de earste wedstriid. Yn gefal fan in lykspul sil de twadde wedstriid ekstra tiid en strafskoppen hawwe.

Nasjonale Ploech Ranglist

Elke nasjonale ploech hat in eigen rang dy't brûkt wurdt foar de lotting fan 'e groepen fan' e Kontinintale Kampioenskippen. De lêste 5 seizoenen hawwe ynfloed op dizze ranglist, mar it effekt ferfalt yn 'e rin fan' e tiid, wat betsjut dat de âldste optredens minder effekt hawwe op 'e ranglist.

D'r binne 3 faktoaren dy't de ranglist beynfloedzje: it resultaat fan elke wedstriid (M), it belang fan 'e wedstriid (I) en hoe sterk de tsjinstanner wie (T). Spesifyk is de formule dy't brûkt wurdt om de ranglist te berekkenjen as folgjend: P = M x I x T


Wedstriidresultaat (M) Punten Wedstriidbelang (I) Punten
Oerwinning 3 Wrâldbeker Heale finale/Finale 4
Lykspul 1 WK eardere rûnden 2.5
Ferlies 0 Kontinintale Finales 3
Oerwinning Strafskoppen 2 Kontinintale eardere rûnden 2
Ferlies Strafskoppen 1 Nations Cup 1
Oefenwedstriden 0

Foar de fariabele T, lûke wy de posysje op de ranglist fan de tsjinstanner ôf fan it getal 250.

Dêrnei is de definitive ranglist it gemiddelde oantal punten (P) fan 'e lêste 5 seizoenen, mei in weging fan 100%, 70%, 50%, 30% en 20%, it hjoeddeistige seizoen telt foar 100% en 4 seizoenen lyn as 20%. De Ranglist wurdt nei elke wedstriid bywurke.

Kontinintaal Kampioenskip lotting

Wy brûke de Nasjonale Ploech Ranglist foar it gearstallen fan de potten foar de lotting fan it Kontinentale Kampioenskip. De earste posysje fan eltse groep wurdt altyd reservearre troch de topploegen, wêr't groep 1 de top 1-ploech kriget, groep 2 de twadde ploech ensfh. Derneist hawwe wy 5 potten, ien foar eltse posysje yn 'e groep fol mei de rest fan' e ploegen sorteare op basis fan harren posysje op de Ranglist. Bygelyks yn 't Amerikaansk Kampioenskip hawwe wy 5 groepen fan 6 ploegen. De earste posysjes fan eltse groep wurde ynfold troch de top 5 ploegen op basis fan harren posysje op de Ranglist. Dan kin de twadde posysje ynfold wurde troch ploegen 6 oant 10, de tredde posysje troch ploegen 11 oant 15 ensfh. By ús live lotting wurkje wy sa troch alle groepen, oant alle potten leeg binne en alle groepen befolke.

Wrâldbeker lotting

De einposysje fan in ploech yn 'e groepsfase fan' it Kontinintaal Kampioenskip dit seizoen sil it plak fan dizze ploech bepale yn 'e Wrâldbeker Lotting. D'r binne 16 groepen yn 'e earste ronde fan' e Wrâldbeker, en de earste ploech foar eltse groep wurdt automatysk keazen. De bêste Europeeske ploech út 'e Kontinintale Kampioenskippen (EUR#1 yn' e tabel hjirûnder) sil altyd de earste ploech wêze die keazen wurdt foar Groep 1, en de ploech die op 8 einige is yn 'e Amearikas sil altyd de earste ploech wêze die keazen wurdt yn Groep 16.

As ienris ien ploech oan eltse groep tawiisd is, wurde alle oare ploegen selektearre mei in live lotting. De ranglist út it Kontinintaal Kampioenskip is noch tige wichtich, mar ynstee fan direkt oan in groep te wurden tawiisd, wurde ploegen yn potten set. As wy trochgean nei de tabel hjirûnder, yn 'e kolom foar "Ploech 2", sille fjouwer ploegen yn' e earste pot pleatst wurde. Dit binne de ploegen dy't yn 'e ranglist stean op 8 yn Afrika, 7 yn Afrika, 6 yn Afrika en 5 yn Afrika. Fanút dizze pot wurde se as twadde team tawiisd oan respektivelik Groepen 1, 2, 3 en 4. 4 nije ploegen wurde yn 'e twadde pot opnommen en lotte foar groepen 5, 6, 7 en 8. Dit proses giet troch oant alle 6 ploegen keazen binne foar alle 16 groepen.

It systeem is yn grutte lijnen deterministysk, en soarget derfoar dat wy net alle bêste ploegen út 'e sterkste regio's yn deselde groep krije kinne. Mar tagelyk woene wy ek in willekeurich elemint hâlde, sadat managers net al tidens de Kontinintale Kampioenskippen bepale kinne hoe't de ferskate groepen yn 'e Wrâldbeker d'r útsjen sille, om't dit feroarsaakje kin dat guon ploegen wedstriden mei opset ferlieze om in bettere lotting te krijen yn de Wrâldbeker. It makket de live lotting ek folle leuker.


Groep Ploech 1 Ploech 2 Ploech 3 Ploech 4 Ploech 5 Ploech 6
1 EUR#1 AFR#8
POT#1
AME#9
POT#5
AZO#16
POT#9
EUR#17
POT#13
W#11
POT#17
2 EUR#2 AFR#7
POT#1
AME#10
POT#5
AZO#15
POT#9
EUR#18
POT#13
W#10
POT#17
3 EUR#3 AFR#6
POT#1
AME#11
POT#5
AZO#14
POT#9
EUR#19
POT#13
W#9
POT#17
4 EUR#4 AFR#5
POT#1
AME#12
POT#5
AZO#13
POT#9
EUR#20
POT#13
W#8
POT#17
5 EUR#5 AFR#4
POT#2
AME#13
POT#6
AZO#12
POT#10
EUR#21
POT#14
W#7
POT#18
6 EUR#6 AFR#3
POT#2
AME#14
POT#6
AZO#11
POT#10
EUR#22
POT#14
W#6
POT#18
7 EUR#7 AFR#2
POT#2
AME#15
POT#6
AZO#10
POT#10
EUR#23
POT#14
W#5
POT#18
8 EUR#8 AFR#1
POT#2
AME#16
POT#6
AZO#9
POT#10
EUR#24
POT#14
W#4
POT#18
9 AME#1 AZO#8
POT#3
AME#17
POT#7
EUR#16
POT#11
EUR#25
POT#15
W#3
POT#19
10 AME#2 AZO#7
POT#3
AME#18
POT#7
EUR#15
POT#11
EUR#26
POT#15
W#2
POT#19
11 AME#3 AZO#6
POT#3
AME#19
POT#7
EUR#14
POT#11
EUR#27
POT#15
W#1
POT#19
12 AME#4 AZO#5
POT#3
AME#20
POT#7
EUR#13
POT#11
EUR#28
POT#15
AZO#21
POT#19
13 AME#5 AZO#4
POT#4
AFR#9
POT#8
EUR#12
POT#12
EUR#29
POT#16
AZO#20
POT#20
14 AME#6 AZO#3
POT#4
AFR#10
POT#8
EUR#11
POT#12
EUR#30
POT#16
AZO#19
POT#20
15 AME#7 AZO#2
POT#4
AFR#11
POT#8
EUR#10
POT#12
EUR#31
POT#16
AZO#18
POT#20
16 AME#8 AZO#1
POT#4
AFR#12
POT#8
EUR#9
POT#12
EUR#32
POT#16
AZO#17
POT#20

EUR: Europa
AME: Amerika
AFR: Afrika
AZO: Aazje / Oseaanje
W: Wildcard plak

Ferkiezings

Ferkiezings wurde hâlden oan it begjin fan it seizoen, begjinnend de twa dagen nei de Wrâldbekerfinale. Elk twadde seizoen kiest de nasjonale coach en elk twadde seizoen kiest de U21 coach. Elke coach wurdt keazen foar 2 seizoenen, en einiget syn termyn sawat in wike nei de Wrâldbekerfinale. Tink derom dat do Hattrick spylje moast foar minstens 1 seizoen om stimme te kinnen by de ferkiezings foar 'e Nasjonale Ploech.

Stimkrêft

Do kinst mar ien kear yn in ferkiezing stimme. Dizze stim kin lykwols ekstra gewicht krije by it tellen fan 'e stimmen. Dit systeem fan stimkrêft beleanet ynset en aktiviteit, mar de wichtichste reden dêrfoar is om it dreger te meitsjen om ferkiezings te manipulearjen.

As do in lokale klup bist, krigest dyn earste stim nei 1 seizoen yn it spul. Do ûntfangst in twadde nei 5 seizoenen yn it spul, in tredde nei 10 seizoenen, en in fjirde nei 15 seizoenen. Lokale ploegen kinne op dizze manier yn totaal 4 stimmen krije.

As do in ekstra klup hast yn in oare kompetysje (útsein Hattrick International), krigest dyn earste stim nei twa seizoenen en in twadde en lêste senioriteitsstim nei 10 seizoenen.

Alle brûkers krije ek maksimaal twa aktiviteitsstimmen, ôfhinklik fan hoe aktyf har klupbehear west hat. Wy sille net krekt útlizze hoe't dizze wurkje, om it dreger te meitsjen om se te manipulearjen, mar se binne ûntwurpen om hiel maklik berikber te wêzen foar elts normaal behearde klup, mar hiel saai om te berikken as do in tal falske klups oanhâldst. Tink derom dat do as brûker net it krekte gewicht sjen silst dat dyn stim hat, wy sille allinich de prinsipes efter it systeem útlizze.

De nasjonale ploech seleksje

De nasjonale coach selekteart maksimaal 26 spilers (út ploegen mei echte eigners), frij út alle spilers mei de goeie nasjonaliteit. U21-spilers moatte lykwols op syn minst 19 jier âld wêze en spilers fan 'e Nasjonale Ploech op syn minst 22 jier âld. Ienkear selektearre, kin de coach deselde ynformaasje sjen foar de nasjonale ploech spilers as do sjochst foar dyn eigen ploech.

Elke nasjonale ploech hat syn eigen formaasjeûnderfining en foarôfgeande oan elts Kontinintaal Kampioenskip en Wrâldbeker/Nations Cup hawwe nasjonale coaches sawat in wike om te besluten hokker 6 formaasjes formidabele ûnderfining hawwe sille, wylst de oare formaasjes begjinne sil op min. D'r binne twa seleksjeperioades: de earste begjint op de deis fan de ferkiezingsútslach oant de weromset fan Ploechsfear en Fertrouwen deis foar de earste wedstriid foar Kontinintale Kampioenskippen. De twadde yn wike 12 oant de dei fan de Ploechsfear en Fertrouwen weromset yn wike 13.
Tink derom dat de deistige updates fan NT/U21-ploegen elke dei om 03:00 oere AM plakfine.

It hawwen fan in spiler yn 'e nasjonale ploech

As ien fan dyn spilers foar de nasjonale ploech útkomt, is syn mooglikheid om foar dyn ploech te spyljen ûnfermindere fan krêft. Ynterlâns en klupwedstriden wurde op ferskillende dagen spile, dus do kinst him altyd brûke. Wedstriden foar de nasjonale ploech jouwe dyn spiler gjin trening, hy rint lykwols it risiko dat hy blesseare rekket by it spyljen foar de nasjonale ploech.

As dyn spiler in wedstriid mei de nasjonale ploech spilet, binne d'r ferskate foardielen foar dyn klup:

- Do krigest in salarisreduksje fan 33% of 40% fan it salaris fan 'e spiler, ôfhinklik fan oft hy respektivelik yn in bûtenlânsk team of yn syn heitelân spilet.

- De spiler kriget in soad ûnderfining. De hoemannichte ûnderfining dy't se krije, ferskilt foar elk wedstrydtype en yn ôfnimmende folchoarder hawwe wy de heale finale en finale fan' e Wrâldbeker, de oare Wrâldbekerwedstriden en dan de Kontinintaal Kampioenskip Kwartfinale, Heale finale en Finales. Dernei de oare Kontinintaal Kampioenskipswedstriden, de Ynterkontinentale Beker en úteinlik de oefenwedstriden fan de nasjonale ploech.

- As in spiler blesseare rekket en it fjild ferlitte moat yn in wedstriid foar syn nasjonale ploech, sil de klup in kompensaasje krije fan 100% fan syn basissalaris kear it skatte oantal wiken dat ferwachte wurdt dat de blessure duorje sil. De kompensaasje komt neist de reguliere salarisreduksje.

Om't sy net deselde yntensiteit hawwe as normale wedstriden, binne d'r gjin blessueres yn oefenwedstriden van nasjonale ploegen

Tink derom dat fan dy ferwachte wurdt de nasjonale ploegen net te ûnderminen troch dyn spiler(s) fan de nasjonale ploeg te sabotearjen. De National Team Administrators, yn lêste ynstânsje, hawwe it rjocht om spilers op de oerstapmerk te pleatsen yn it gefal fan sabotaazje.


Ast deroer tinkst dy kandidaat te stellen foar de baan, of ast mear ynformaasje wolst, riede wy dy oan om de regels foar nasjonale ploegen te lêzen.

Wrâldbeker Programma - Seizoen 1

Wk Moa Tii Woa Ton Fre Sneon Snein
1 Ferkiezings Stimmen Ferkiezings Stimmen Ferkiezings Stimmen Ferkiezings Stimmen Ferkiezings Stimmen/Live Lotting
/Oefenwedstriden
Ferkiezings Stimmen Ferkiezings Stimmen
2 Ferkiezings
Resultaten
- - - Oefenwedstriden - -
3 - - PS/FT Weromset 100% weromset - KK Wedstriid 1 - -
4 KK Wedstriid 2 - - - KK Wedstriid 3 - -
5 KK Wedstriid 4 - - - KK Wedstriid 5 - -
6 - - - - KK Wedstriid 6 - -
7 - - - - KK Wedstriid 7 - -
8 - - - - KK Wedstriid 8 - -
9 - - - - KK Wedstriid 9 - -
10 - - - - KK Wedstriid 10 - -
11 - - - - KK Kwartfinales - PS/FT Weromset 100% weromset
(Allinnich Wildcards)
12 KK Heale FinalesW Wedstriid 1 - - - KK FinaleW Wedstriid 2 - Live Lotting
13 - - PS/FT Weromset 100% weromset - WB R1 Wedstriid 1 - -
14 WB R1 Wedstriid 2 - - - WB R1 Wedstriid 3 - -
15 - - - - WB R1 Wedstriid 4 - -
16 - - - - WB R1 Wedstriid 5 - -

Wrâldbeker Programma - Seizoen 2

Wk Moa Tii Woa Ton Fre Sneon Snein
1 - - - - WB R1 Wedstriid 6 - -
2 - - - - WB R1 Wedstriid 7 - -
3 - - - - WB R1 Wedstriid 8 - -
4 - - - - WB R1 Wedstriid 9 - -
5 - - - - WB R1 Wedstriid 10 - -
6 - - PS/FT Weromset 80% weromset - WB R2 Wedstriid 1 - -
7 WB R2 Wedstriid 2 - - - WB R2 Wedstriid 3 - -
8 WB R2 Wedstriid 4 - - - WB R2 Wedstriid 5 - -
9 - - - - WB R2 Wedstriid 6 - -
10 - - PS/FT Weromset60% weromset - WB R3 Wedstriid 1 - -
11 WB R3 Wedstriid 2 - - - WB R3 Wedstriid 3 - -
12 - - PS/FT Weromset 40% weromset - WB R4 Wedstriid 1 - -
13 WB R4 Wedstriid 2 - - WB R4 Wedstriid 3 - -
14 - - - - WB R5 Wedstriid 1 - -
15 WB R5 Wedstriid 2 - - - WB R5 Wedstriid 3 - -
16 WB Heale Finales - - WB Finale - -

KK: Kontinintaal Kampioenskip
WB: Wrâldbeker
W.: Wildcard
PS: Ploechsfear
FT: Fertrouwen

Hattrick Masters

De Hattrick Masters is it ynternasjonale toernoai foar alle Beker- en Kompetysjewinnaars. It toernoai duorret fjouwer wiken, it begjint elts seizoen nei de 4e kompetysjerûnde. Wedstriden wurde moandeis en tongersdeis spile om 20:00 HT-tiid.

De lotting

Oan de Masters kinne 256 ploegen meidwaan, it toernoai wurdt spile as in gewoane beker mei 8 rûnden. De lotting foar eltse rûnde is folledich willekeurich, en de wedstriden wurde op neutraal terrein spile.

As der net genôch ploegen binne om de earste rûnde kompleet op te fullen, sille inkele lokkige ploegen (dy't willekeurich selektearre wurde) de earste rûnde oerslaan en pas meidwaan yn de twadde rûnde. As ien fan de beker- of kompetysjewinnaars eignerleas wurden (of fan eigner feroare) is mei dy ploech net meidwaan oan de Masters. As in ploech sawol de kompetysje as de beker yn itselde seizoen wint, mei der mar ien ploech út dat lân meidwaan oan de Masters.

Spesjale toernoairegels

Der binne inkele spesjale regels fan tapassing op de Masters:

Kaarten en blessueres: Kaarten meitsje net út (behalve fansels reade kaarten yn de wedstriid), mar blessueres wurkje wol as gewoanlik.

Ploechhâlding: It spyljen fan "Wedstriid fan it seizoen" (MOTS) of "Spylje rêstich" (PIC) sil dyn ploechsfear net safolle ferheegje/ferleegje as nei in gewoane wedstriid. It effekt tidens de wedstriid is wol itselde as tidens in gewoane wedstriid.

Trening: Masters-wedstriden telle net mei foar de trening fan in spiler.

Masters-ynkomsten

De thús- en útploech diele de taskôgersynkomsten 50/50. De bêste ploegen krije ek prizejild. De bedragen binne lyk oan dy foar de nasjonale bekers en wurde útkeard oan de bêste 16 ploegen.

De Hattrick Masters-winnaar krijt 800 000 US$, de nûmer 2 krijt 400 000 US$, en de twa ferliezend healefinalisten krije elts 200 000 US$. De ferliezend kwartfinalisten krije elts 100 000 US$ en de ferliezend achtstefinalisten krije elts 50 000 US$.

Ekstra klup

Mei Supporter Platinum en Diamond kinst in ekstra klup beheare. Do behearst dizze klup apart, lykas dyn haadklup. Dit betsjut dat de ekstra klup syn eigen spilersgroep, stadion, finânsjes, jeugdploech ensfh. hat.

In ekstra klup begjinne

Do kinst op elts stuit in ekstra klup begjinne. Dyn ekstra klup kin yn itselde lân as dyn haadklup spylje, of yn in oar lân, salang't der yn dat lân plak beskikber is.

Dyn ekstra klup begjint mei wat startkapitaal (lykas eltse oare nije klup), mar eigners hoege de Managerlisinsje net te beheljen.

Algemiene rigels

Do kinst oan't twa ekstra klups hawwe.

Do kinst gjin oerstappen útfiere tusken dyn eigen klups, en kinst ek gjin spilers keapje dêr'tst by dyn oare klup memmeklupjild of foarrich klupjild foar krije soest.

Ekstra klup yn itselde lân

Dyn haadklup en ekstra klups kinne net yn deselde kompetysje spylje of inoar tsjinkomme yn in kwalifikaasjewedstriid, se kinne inoar ek net yn de beker tsjinkomme (útsein yn de finale). Beide klups kinne wol yn deselde divyzje spylje, mar yn ferskillende kompetysjes.

Yn de ûnwierskynlike, mar net ûnmooglike situaasje wêryn trije ploegen fan deselde brûker yn de heale finale komme, sil dan fanselssprekkend ien fan de ploegen tsjin in susterploech stean.

As beide klups op it stuit steane om yn de heechste divyzje te kommen, kin de lêst ynkommende klup net promovearje. Ynstee sil die ploeg dy't degradearre soe om romte te meitsjen foar de wegere ploech it plak yn 'e kompetysje behâlde.As ien ploech al yn 'e heechste divyzje spilete, en in oare fertsjinnet promoasje nei dizze kompetysje, sil de promovearrende klup net tastien wêze omheech te gean. It plak sil ynstee gean nei de ploech, ûnder dyjingen dy't degradearje moasten út de boppeste divyzje, dy't einige mei de heechste rang. Dit wurdt ferwurke neidat de kwalifikaasjewedstriden spile binne.

As beide klups yn itselde seizoen promovearje nei de heechste divyzje, mei allinnich de haadklup promovearje.

Ekstra klup yn in oar lân

It oantal plakken foar ekstra klups dat beskikber is foar "bûtenlânske" managers yn in lân hinget ôf fan it oantal klups dat yn dat lân net brûkt wurdt, dat hinget ôf fan hoe grut it lân is, en hoefolle dielnimmers dêr al spylje.

Minimaal 50% fan de ploegen yn in lân is reservearre foar lokale dielnimmers. Dus yn in lân mei 168 ploegen binne minstens 84 dêrfan reservearre foar lokale dielnimmers (en de oare 84 plakken kinne ynnommen wurde troch eltse manager, lokaal of bûtenlânsk). Mar as in lân foar 90% fol is hâlde wy de oerbliuwende plakken fêst foar lokale dielnimmers.

Fan kompetysje feroarje yn it feroaringstiidspan

Likas de haadklup, kinne ekstra klups fan kompetysje feroarje (as dat mooglik is) yn it tiidspan tusken twa seizoenen. Tink d'r oan dat se net wikselje kinne nei in kompetysje wêryn in oare klup fan dy spilet.

Flaggen

Flaggen wurde troch klups apart sammele, ekstra klups ha harren eigen flaggensammeling.

Wedstriden tsjin in ekstra klup jouwe likegoed flaggen as it spyljen tsjin in oare klup, en de ekstra klup krijgt flaggen foar de eigen sammeling.

Prestaasjes

Prestaasjes wurde helle troch de manager, en prestaasjes wurde dus bewarre foar de dielnimmer (en net foar klups apart).

Stimme yn ferkiezings

As do in ekstra klup hast yn in oar lân (útsein Hattrick International), krigest do dyn earste stim nei twa seizoenen en in twadde en lêste senioriteitsstim nei 10 seizoenen.

Bankerôt

As dyn haadklup bankerôt giet, ferliest ek de tagong ta dyn ekstra klup.

As dyn ekstra klup bankerôt giet, kinst 16 wiken nei de start fan dyn foarige ekstra klup in nije begjinne (dus atst dyn ekstra klup mear as 16 wiken hân hast, kinst daliks in nije klup begjinne).

In ekstra klup stopsette

Do kinst dyn ekstra klup op elts stuit stopsette. Mar atst dyn ekstra klup stopsetst, moatst minstens 16 wiken fanôf it begjin fan dyn ekstra klup wachtsje foardatst in nije begjinne kinst. Tink derom dat do dyn ekstra klup net slute kinst as do spilers op 'e oerstaplist stean hast.

Ferrûn Platinum / Diamond-lidmaatskip

As dyn Platinum, ekstra klup lisinsje of Diamond lidmaatskip ferrint, bliuwst noch ien wike lang de eigner fan dyn ekstra klup, nei dizze wike kinst de klup net mear beheare. 7 Wiken nei it ferrinnen sil it systeem dyn ekstra klup ôfslute. Ast yn dat tiidspan op 'e nij Platinum, in ekstra klup lisinsje of Diamond oanskafst, krijst wer tagong ta dyn ekstra klup. Mar ast dat net dochst, wurdt de klup eignerleas, en dan kinst der nea wer tagong ta krije.

 
Server 070