Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Hûsregels

Kommersjele berjochten

De Hattrickfoarums, gastenboeken, ploechsiden en oare publyke gebieden binne gjin plak wêr't dielnimmers kommersjele berjochten pleatse meie. It liedende prinsipe is dat ast in Hattrick dielnimmer bist, datst net bleatsteld wurdst oan ynhâld dy't oare dielnimmers pleatse om foardiel mei te beheljen yn it echte libben.

Dat betsjut net datst nea in bedriuwsnamme of produkt neame meist as dat binnen de kontekst falt. Mar ast dizze regel misbrûkst - en koste wat kostet kommersjele berjochten besikest te fersprieden - kin it barre dat wy se fuorthelje, dy in boete jouwe of dy sels út Hattrick weibanne. Diskusje is prima, promoasje net. Wy beskôgje it as spam en fersmoarging fan ús publike romtes.

Op de non-HT-foarums steane wy oer it algemien ûnderwerpen ta oer bygelyks oare websiden en online spullen. Wy sjogge dat as in tsjinst oan ús dielnimmer, mar allinnich sa lang as dizze mooglikheid net misbrûkt wurdt foar kommersjele doeleinen. As oare bedriuwen Hattrick begjinne te behanneljen as fergees marketingkanaal of as promoasjelinks en sponserlinks op ús foarums pleatst wurde, kinne wy oergean ta it blokkearjen fan dy produkten en de dielnimmers dy't se pleatst ha. Wy hawwe spitigernôch al in stikmannich kommersjele spam yn Hattrick hân, en dat wolle wy net wer sjen.

Hattrick sels brûkt it foarum of HT-mail net foar marketing- of ferkeapdoeleinen. Wy brûke se út en troch wol foar ynformaasje oangeande partners fan it spul. Wy besykje ús foarumaktiviteit te beheinen ta allinnich spulrelatearre saken, mar fansels moatte wy ek oer oare saken mei ús dielnimmers kommunisearje kinne as dat nedich is - sels oer kommersjele ûnderwerpen.

 
Server 071