Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Hûsregels

Foarumregels en moderators

Wy binne tige grutsk op ús mienskip, en spesjaal op de sfear en aktiviteit binnen de foarums. Op de Hattrickfoarums is in oantal moderators (Mods) oansteld, dy't der binne om dielnimmers te helpen, mar dy't der ek op lette dat ús foarum in plak is dêr't minsken graach komme. Op ús foarums binne de normale gedrachsrigels - lykas oeral - fan tapassing, mar der binne inkelde spesifike foarumregels om de freonlike sfear op de foarums te behâlden, dizze kinne altyd fûn wurden yn in plakkend ûnderwerp op datselde foarum. De Moderators ha de autoriteit om foarumferbannings en warskôgings op te lizzen om de regels te ûndersteunen.

GameMasters ha ek mod-rjochten, en sy behannelje faak swierdere oertredings (dy't ferbanning út it spul ta gefolch ha kinne). Let derop dat it hawwen fan Supporter dy net bewarret foar foarumferbannings, en Supportertsjinsten wurde net ferlingd of weromjûn yn sa'n gefal.

Besluten fan Moderators kinne oanfochten wurde by de Senior Moderators, harren besluten kinne net oanfochten wurde. Wês dy derfan bewust dat straffen yn heger berop ferhege en ferlege wurde kinne, wannear't in definitive útspraak dien wurdt.

Op de foarums fan Hattrick moatsto dy oan de gedrachregels hâlde. Boppedat is it net tastien it folgjende te posten:



- Spam, dat is bygelyks it meardere kearen posten fan itselde berjocht
- Bumpen (it omheech heljen fan berjochten om dysels of in bepaald ûnderwerp oan te priizgjen)
- Provokaasjes en trollerij
- Eksessyf flokken of gebrûk fan godlesterjende taal
- Rasistyske en persoanlike oanfallen pleatse; of oanfallen op in spesifyk lân of regio
- Politike en religjeuze diskusjes fiere
- Beskuldigingen fan falsk spul
- Hulp freegje by of oanriede fan it delheljen fan yllegale software, software-cd-koades, of freegje om torrents en/of koppelings nei streams fan (sport-)eveneminten.
- Dy foardwaan as HT official, ast it net bist
- Diskusearje oer official-besluten oer spesifike dielnimmers of saken, of korrespondinsje mei HT-officials iepenbier meitsje sûnder tastimming
- Brûk (ferlitten) iepenbiere foarums lykas in federaasjefoarum. Respektear dat kompetysje- en jeugdkompetysjefoarums bedoeld binne om kommunikaasje tusken de leden fan dy kompetysje te promoatsjen. Hoewol't besikers wolkom binne, is it net tastien om sokke foarums foar net-relatearre diskusjes te brûken.

Federaasjefoarums
Federaasjefoarums (in Supporter-tsjinst) binne bedoeld as in ôfsletten diel fan Hattrick, dêr't de federaasjeleden sels harren ynfulling en regels (gruttendiels) bepale kinne. Dochs is it yn federaasjes net tastien om:
- berjochten te pleatsen oer saken dy't by wet ferbean binne (ynklusyf keppelings nei yllegaal materiaal, of bedrigingen bûten Hattrick om)
- federaasjes te brûken as platfoarm om haattaal oan te priizgjen
- aktiviteiten te organisearjen of te plannen dy't derop rjochte binne om oare dielnimmers oan te fallen of út te lokjen, dit omfettet Hattrick-Officials
- konversaasjes mei officials iepenbier te meitsjen sûnder dúdlike tastimming fan Hattrick-Officials

Foar oare gedrachssaken binne de federaasjefoarsitters ferantwurdlik, en sy ha ek de middels om dêrmei ôf te dwaan sa't harren goed liket. Sy kinne ûnbehoarlike berjochten fuorthelje, leden út de federaasje weibanne en federaasjemoderators oanstelle om harren by te stean by it ûnderhâld fan it federaasjefoarum. Do kinst der fansels ek foar kieze om de federaasje sels te ferlitten, om foar te kommen dat in konflikt te heech oprint.
 
 
Server 095