Spilers: Oare eigenskippen
Leeftyd
Do kinst de krekte leeftyd fan in spiler fine op de spilersside. Ien Hattrick-jier duorret 112 dagen, dat hâldt yn dat de leeftyd fan alle spilers bestiet út in oantal jier en 0-111 dagen.
Persoanlikens
Alle spilers ha in persoanlikens. Sy kinne aardich of ferfelend wêze, lieders of ienlingen, temperamintfol of kalm. Op it stuit hat persoanlikens net safolle ynfloed op it spul, mar it kin bygelyks ferstannich wêze om in oanfierder te kiezen mei goeie liederskapsfeardigens. Lês it haadstik "Psychology" foar mear ynfo oer hoe't persoanlikens it spul beynfloedet.
Underfining
Spilers dy't in protte en wichtige wedstriden spile hawwe, wurde mear erfarne, en dizze ûnderfining sil harren op ferskate manieren helpe yn takomstige wedstriden. Harren ûnderfining kin ynfloed hawwe op Spesjale Foarfallen (SE's) om doelpunten te skoaren of tsjin te krijgen, en helpt de ploech bygelyks ek om betizing foar te wêzen. Wy folgje ûnderfining as in aparte wearde, ien dy't net relatearre is oan 'e feardigens fan in spiler. Elke wedstryd dy't spile wurdt, en ek elk type wedstryd spile, hat in oare ynfloed op hoe fluch in spiler ûnderfining sammele hat. Yn totaal hat in spiler sawat 100 ûnderfiningspunten nedich om in nij nivo fan ûnderfining te berikken. De punten fertsjinne foar elk wedstriidtype wurde presintearre yn 'e folgjende tabel.
Soart wedstriid |
Ûnderfiningspunten |
Kompetysjewedstriid |
3.5 |
Kwalifikaasjewedstriid |
7 |
Nasjonale Bekerwedstriid |
7 |
Werkânsingsbekerwedstriid |
1.75 |
Oefenwedstriid |
0.35 |
Ynternasjonale oefenwedstriid |
0.7 |
Hattrick Masterswedstriid |
17.5 |
Jongerein kompetysjewedstriid |
3.5 |
Jongerein oefenwedstriid |
0.35 |
(Âlde) Wrâldbeker wedstriid |
35 |
(Âlde) Wrâldbekerfinale wedstriid |
70 |
(Âlde) Nasjonale Ploech oefenwedstriid |
7 |
Wrâldbekerwedstriid |
28 |
Wrâldbeker (Heale finale en Finale)
| 56 |
Wrâldbeker (Wildcards)
| 14 |
Kontinintale Kampioenskippen |
14 |
Kontinintale Kampioenskippen (Kwartfinale, Heale finale en Finale) |
21 |
Nations Cup |
7 |
Nations Cup (Knockout) |
14 |
Nasjonale ploech oefenwedstriid |
3.5 |
Kluptrou
Spilers mei in protte kluptrou prestearje better op it fjild. Kluptrou rint op as in spiler langer by in klup ferbliuwt.
Der binne twa soarten kluptrou:
Kluptrou-bonus
Foar eltse opfolgjende dei dat in spiler by dyn ploech heart, rekket er wat mear hechte en trou oan dyn ploech. Hoe hechter en trouwer oft er wurdt, hoe better oft er spylje sil.
Kluptrou wurdt yn it begjin sneller opboud, en dan hieltyd stadiger mei de tiid. De maksimale kluptrou wurdt nei trije seizoenen behelle, mar in spiler is healwei nei 12 wiken.
Maksimale bonus: +1 feardigensnivo op alle feardigens (útsein kondysje)
Foarbyld: Tommy Wright is in bêst posysjespiler mei aardich ferdigenjen en hy hat de maksimale (godlik) kluptrou. Hy sil dan prestearje as wie er in poerbêst posysjespiler mei bêst ferdigenjen (en dit wurdt ek toand yn syn stjerrenwurdearring).
As in spiler godlik kluptrou hellet, krijt hy de folledige bonus. Dyn jeugdspilers begjinne mei godlik kluptrou.
Tink deroan, in spiler ferliest syn kluptrou atst him ferkeapest oan in oare klup. Dus atst him letter weromkeapest, moatst syn kluptrou wer fan it nulpunt ôf opbouwe.
Memmeklup-bonus
Spilers dy't foar harren memmeklup spylje, lykas dyn jeugdspilers, en dy't dat harren hiele karriêre dien ha, jouwe altyd wat ekstra op it fjild, want sy ha in spesjaal plak foar de klup yn harren hert.
Bonus: +0,5 feardigensnivo op alle feardigens (útsein kondysje).
Spilers dy't harren hiele karriêre foar harren memmeklup spile ha, wurde oanjûn mei in hert-ikoan op harren spilersside. Let op, jeugdspilers dy'tst ferkocht en weromkocht hast krije dizze bonus net.
Beide bonussen krije
It is prima mooglik dat in spiler beide bonussen krijt. Dus atst in jeugdspiler promovearrest (wêrby it fansels net útmakket hokker jeugdsysteem atst brûkst) nei dyn senioaren, krijt hy 1,5 feardigensnivo bonus op alle feardigens (útsein kondysje) oant it stuit datst him ferkeapest.
Totale feardigens-yndeks (TSI)
De totale feardigens-yndeks mjit hoefolle feardigens oft in spiler hat. TSI nimt ta troch trening, en kin ek ta- en ôfnimme troch foarmwizigings. TSI is de ôfkoarting fan it Ingelske Total Skill Index.
Foarm
Hoe better oft in spiler yn foarm is, hoe better oft er prestearje sil. It giet dêrby net oer de fysike saken, it hat neat te meitsjen mei hoe goed oft in spiler treend is. Foarm yn Hattrick hâldt rekkening mei in kombinaasje fan faktoaren, dy't it mooglik makket - of foarkomt - dat in spiler syn folsleine potinsjeel hellet - lykas syn privésitewaasje yn it libben.
Op de spilersside kinst de "aktuele foarm" fan in spiler sjen. Dat is de wearde dy't foar wedstriden brûkt wurdt. In "poerbêste" spiler yn "neat wurdich" foarm docht it yn it algemien bygelyks minder as in "aardige" spiler yn "bêst" foarm.
De aktuele foarm wurdt negatyf beynfloede troch de kondysjetrenings fan de ploech; hoe mear't der op kondysje treend wurdt (kwa persintaazje), hoe grutter it negative effekt.
Dêrneist is der in ferburgen "eftergrûnfoarm", dy't brûkt wurdt om te berekkenjen oft in spiler yn, of krekt út foarm rekket. Eltse wike sil de foarm fan in spiler bywurke wurde, yn de rjochting fan de eftergrûnfoarm.
De aktuele foarm wurdt net daliks bywurke nei de wearde fan de eftergrûnfoarm. Ynstee dêrfan beweecht de foarm yn stappen, oer in skoft fan meardere wiken, al sille de stappen grutter wêze as de foarm fierder ôfstiet fan de eftergrûnfoarm.
Neidat de aktuele foarm tidens de trening bywurke is, hat eltse spiler in kâns dat syn eftergrûnfoarm ek bywurke wurdt. Eltse spiler hat los fan de oaren deselde kâns op in eftergrûnfoarm-wiziging, en der is neat datst dwaan kinst om dy kâns te fergrutsjen of te ferlytsen.
As de kâns oanjout dat de eftergrûnfoarm fan in spiler bywurke wurdt, binne der ferskate faktoaren dy't ynfloed ha sille op de nije eftergrûnfoarm:
-
Oft de spiler de ôfrûne wike yn in wedstriid spile hat. Dit is tige wichtich!
-
Treningsyntinsiteit - hoe hurder de spilers trene, hoe better de foarm
-
Dyn coach - hoe better syn feardigens, hoe heger de foarm
-
Foarmcoach - in foarmcoach is spesjalisearre yn it ferbetterjen fan foarm.
-
Assistinttreners - Assistinten helpe ek om foarm te ferbetterjen
Spesjaliteit
Sawat de helte fan de spilers hat in karakterskaaimerk dat wy in "spesjaliteit" neame, dy't ynfloed hat op wedstriden. Elke spiler mei in spesjaliteit krijt in salarisbonus fan 10%.
Der binne 5 ferskillende haadspesjaliteiten foar spilers: "Technysk", "Fluch", "Koppe", "Krêftich" en "Unfoarspelber".
Lês it haadstik "Wedstriid: Dea Spul en Spesjale Foarfallen" foar mear ynfo oer de foar- en neidielen fan eltse haadspesjaliteit. Lês it haadstik "Wedstriid: Taktiken" foar mear ynfo oer de ynfloed fan spesjaliteiten op bepaalde types taktiken.
Der bestiet ek in twatal seldsume spesjaliteiten: Fearkrêftich en Stypjend. Spilers mei de spesjaliteit Fearkrêftich sille merke dat harren blessueres wat flugger genêze as dy fan oare spilers, somtiden ek by in lichte blessure yn in wedstriid. Spilers mei de spesjaliteit Stypjend besykje om harren ploechmaats te helpen dy't tichtby binne op it fjild. As dit slagget prestearje dizze ploechmaats better, mar as it net slagget kin it der ek foar soargje dat it organisaasjenivo fan dyn ploech sakket en dyn spilers betize reitsje sille.
Blessueres
Spilers kinne blesseare reitsje, en in diel fan dyn taak as manager is har tariede op dizze eventualiteit. As manager kinst ferskate dingen dwaan om it risiko op blessueres te ferminderjen en derfoar soargje dat do reservespilers beskikber hast foar it gefal dat der wat bart.
It risiko op blessueres sil tanimme as do in hege treningsyntinsiteit behâlde. Do kinst ek blessuererisiko kontrolearje fia it personiel dat do ynhierst. Elk nivo fan assistinttrener dat do ynhierst sil it risiko ferheegje, wylst it ynhieren fan betûfte dokters it ferminderje sil.
De measte blessueres sille barre tidens wedstriden. Har earnst kin fariearje fan in lichte kneuzing oant mear slimme blessueres dy't ferskate wiken nimme kinne om te herstellen. Nochris, it hawwen fan in dokter yn dyn personiel sil de hersteltiid ferminderje. De leeftyd fan dyn spiler is hjir ek essensjeel. Aldere spilers sille altyd mear tiid nedich ha om te herstellen.
Hersteltiid wurdt mjitten yn wiken, mar dit nûmer hâldt rekken mei it effekt dat dyn ynhierd personiel hat. Dit betsjut dat as do it kontrakt mei dyn dokter ferbrekst, de skatte blessueretiden omheech gean kinne. Foar spilers dy't har fjirtichste jierdei benaderje, kinne sels lichte blessueres ûnmooglik wêze om noch fan te herstellen.
Spilers kinne by de trening ek lichtere blessueres oppakke. Sokke kneuzingen sille net foarkomme dat in spiler in wedstriid spilet, mar de spiler sil wat minder prestearje tidens de wedstriid as hy spilet. Boppedat, wylst in kneusde spiler gjin hegere risiko rint om blesseare te reitsjen, as hy dochs noch in blessuere krijt, sil it slimmer wêze as it oars west ha soe.
Giele en reade kaarten
Spilers kinne tidens wedstriden kaarten krije, tige agressive spilers (foaral de ûnearlike en ûnerfaren spilers) faker as oaren. As in spiler yn in wedstriid twa kaarten krijt, wurdt er automatysk fan it fjild stjoerd. As in spiler fan it fjild stjoerd wurdt, is er útsluten fan de folgjende kompetitive wedstriid.
In spiler wurdt ek foar ien wedstriid útsluten neidat er tidens in seizoen yn kompetitive wedstriden trije kaarten helle hat. Kaarten út kompetysje-, beker- en kwalifikaasjewedstriden telle dêryn lyk mei. As in spiler yn in seizoen al yn twa kompetysjewedstriden in kaart krigen hat, en noch in kaart krijt yn in folgjende bekerwedstriid, sil hy de folgjende kompetitive wedstriid útsluten wêze, it makket net út of it dan giet om in kompetysje-, beker- of kwalifikaasjewedstriid.
Do kinst yn dyn list mei spilers neisjen hoefolle kaarten dyn spilers foar in wedstriid ûntfongen ha. In spiler dy't 3 kaarten krigen hat, of dy't yn syn lêste wedstriid fan it fjild stjoerd is, hat op de list in readekaart-symboal, dat toant syn útsluting.
De kaartelaai fan de útsletten spilers wurdt skjinwist as der in kompetitive wedstriid spile is. Oan de ein fan it seizoen krije alle spilers in skjinne laai. Oerstappen hawwe gjin ynfloed op de kaartelaai. In spiler kin troch in oefenwedstriid net útsletten wurde (of in skjinne laai krije).