Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Wedstriid: Taktiken

Foar eltse wedstriid kinst dyn ploech opdracht jaan om in bepaalde taktyk te benutten. Eltse taktyk hat syn foardielen, mar ek neidielen, dus meitsje dyn keuze foarsichtich. Der binne seis types taktiken beskikber. Ast gjin taktyk kiest, spilest "normaal".

Taktykfeardigens

Hoe't dyn ploech omgean kin mei bepaalde taktiken hinget ôf fan de taktykfeardigens dy't sy ha mei dy bepaalde taktyk. Dizze feardigens wurdt berekkene fanút de feardigens fan de ferskate spilers, tegearre mei in ûnderfiningsbonus foar eltse spiler dy't meirekkene wurdt.

Hoe effektyf dyn taktyk is, hinget ek ôf fan hoe goed de spilers op it fjild binne. Hoe better de spilers op it fjild binne, hoe heger dyn taktykfeardigens wêze moat om itselde effekt te beheljen. Yn de praktyk betsjut dit datst yn hegere divyzjes in bettere taktykfeardigens nedich hast yn fergeliking mei legere divyzjes.

Druk sette

Druk sette hâldt yn dat dyn spilers druk sette op dyn tsjinstanner, en harren der mear op rjochtsje om de oanfallen fan dyn tsjinstanner te ûnderbrekken as om eigen oanfallen op te setten. Druk sette kin in goeie opsje wêze ast it gefoel hast dat dyn ploech minder is, en ast dus de útslach binnen de perken hâlde wolst.

Foardiel: Do kinst it oantal mooglike kânsen (foar beide ploegen) yn in wedstriid ferlytse.

Neidiel: It sil de kondysje fan dyn spilers flugger opbrûke as normaal.

Nuttige feardigens: De optelsom fan de ferdigenjen-feardigens en kondysje fan al dyn fjildspilers bepale dyn taktykfeardigens mei Druk sette. As in spiler de spesjaliteit "Krêftich" hat, telt syn ferdigenjen-feardigens dûbel mei. Hoe wurger dyn spilers reitsje, hoe minder goed sy druk sette kinne op de tsjinstanner.

Alle kearen dat in mooglike kâns ferlern giet trochdat in ploech taktysk druk set, wurdt it wjerjûn yn it wedstriidferslach. Do silst nea útfine hokker ploech foardiel hân ha soe út dy kâns. As beide ploegen druk sette, wurde de effekten yn it algemien ferdûbele.

Tsjinoanfallen

Tsjinoanfallen (Counter-Attacks, CA) hâlde yn datst bewust dyn tsjinstanner de bal kontrolearje litst, en datst sagau't ien fan harren oanfallen mislearret, besikest út te brekken mei in flugge tsjinoanfal. It ynsetten fan tsjinoanfallen kin in goeie opsje wêze atst in tige sterke ferdigening en oanfal hast (mar in min middenfjild), en foaral as dyn tsjinstanner in yneffektive oanfal hat.

Foardiel: Do kinst ekstra oanfallen krije (do krijst de kâns op in tsjinoanfal as dyn ferdigening in oanfal fan dyn tsjinstanner tsjinhâlden hat).

Neidiel: Do ferliest 7% fan dyn middenfjild-kapasiteit.

Nuttige feardigens: De optelsom fan de oerspyljen- en ferdigenjenfeardigens fan dyn ferdigeners bepaalt dyn taktykfeardigens yn CA. Oerspyljen is twa kear sa belangryk as ferdigenjen.

Allinnich de ploech dy't it middenfjild net dominearret as in oanfal mislearret kin it foardiel fan dizze taktyk ynsette (let op, do moatst it middenfjild ferlieze foardat de 7% taktykneidiel tapast wurdt). Atst it middenfjild dominearrest, hast allinnich lest fan it neidiel. Alle tsjinoanfallen wurde melde yn it wedstriidferslach.

Sintrumoanfallen

Sintrumoanfallen (Attack In the Middle, AIM) betsjut dat dyn ploech him rjochtet op it oanfallen troch it midden fan it fjild, ten koste fan oanfallen oer de wjukken. Do setst dus wjukoanfallen om yn sintrale oanfallen.

Foardiel: Ungefear 15-30% fan dyn wjukoanfallen wurdt omsetten nei sintrale oanfallen.

Neidiel: Dyn wjukferdigening (op beide wjukken) wurdt wat swakker.

Nuttige feardigens: De optelde oerspyljen-feardigens fan al dyn fjildspilers bepaalt dyn taktykfeardigens yn AIM.

As in oanfal fan de wjukken nei it sintrum omsetten wurdt, wurdt it melden yn it wedstriidferslach.

Wjukoanfallen

Wjukoanfallen (Attack On Wings, AOW) wurket op deselde wize as "Sintrumoanfallen", mar dan krekt oarsom; dus dyn sintrumoanfallen wurde omsetten yn wjukoanfallen. As der normaalwei minder sintrale oanfallen wêze soenen as wjukoanfallen, kinst kwa persintaazje krekt wat mear omsette.

Foardiel: Ungefear 20-40% fan dyn sintrale oanfallen wurde omsetten yn wjukoanfallen.

Neidiel: Dyn sintrale ferdigening wurdt wat minder.

Nuttige feardigens: De optelde oerspyljen-feardigens fan al dyn fjildspilers bepaalt dyn taktykfeardigens yn AOW.

As in oanfal fan it midden nei de wjuk ferpleatst wurdt, wurdt it toand yn it wedstriidferslach.

Kreatyf spul

Kreatyf spul (Play Creatively, PC) betsjut dat spilers mear besykje om harren spesjaliteiten en oare kenmerken te brûken.

Foardiel: Do fergruttest it maksimum oantal spesjale foarfallen (SE's) tidens de wedstriid - foar beide ploegen, mar dyn eigen ploech hat ek in bytsje mear kâns om in spesjaal foarfal te krijen (sawol posityf as negatyf)

Neidiel: De ferdigening fan dyn ploech wurdt wat minder.

Nuttige feardigens: Kreatief spul fereasket dat dyn fjildspilers hege oerspyljen-feardigens en ûnderfining ha (it earste meast wichtich). As in fjildspiler de spesjaliteit Unfoarspelber hat, telt syn bydrage oan de taktyk dûbel mei. Om it sa nuttich mooglik te meitsjen riede wy dy in SE-optimale ploech oan (dus in ploech mei in protte spilers mei spesjaliteit, en in goeie kombinaasje fan feardigens).

Ofstânsskoaten

Atst ôfstânsskoaten (Long Shots, LS) brûkst, krije dyn spilers de opdracht om fan fierôf te sjitten, ynstee de hiele oanfal út te spyljen. Oftewol, do wikselst wjuk- en sintrale oanfallen yn foar ôfstânsskoaten. In ôfstânsskot set dan de skutter tsjinoer de doelferdigener. Dit kin handich wêze atst lestich skoare kinst mei dyn wjuk-/sintrale oanfal, en wol goeie skutters hast.

Foardiel: De ôfstânsskoatentaktyk set oant ûngefear 30% fan dyn wjuk- en sintrale oanfallen om yn ôfstânsskoaten.

Neidiel: Dyn wjuk- en sintrale oanfal wurde, lykas dyn middenfjild, wat minder sterk.

Nuttige feardigens: It skoaren en dea spul fan dyn fjildspilers bepale de taktykfeardigens yn LS. Skoaren is trije kear sa belangryk as dea spul.

As in oanfal omsetten wurdt yn in ôfstânsskot hat eltse ferdigenjende ploech dy't de taktyk "Druk sette" brûkt in kâns om de skotkâns te ferdigenjen. As it skot net ferdigene wurdt nimt in fjildspiler (twa kear sa faak sintrale middenfjilders en wjukspilers) it skot. De kwaliteit fan it skot hinget ôf fan de skoaren- en deaspulfeardigens fan de skutter. De doelferdigener kin besykje it skot te rêden mei syn doelferdigenjen- en deaspulfeardigens. Foar sawol de skutter as de doelferdigener jildt dat beide feardigens nedich binne, en dat it better is om wat fan beide feardigens te ha as in protte fan ien fan beiden.

Alle ôfstânsskoaten wurde yn it wedstriidferslach rapportearre, ek alle mei sukses ferdigene mooglikheden.

 
 
Server 081