Jeugdspilers
De kosten
Ast in jeugdploech iepenest, betellest ien kear de registraasjekosten (5 000 US$) út de tydlike kosten fan dyn Klup wei. Ast ien skout yn dyn jeugdploech hast, kostet dat dy 10 000 US$, en eltse ekstra skout kostet dy 5 000 US$. Do betellest in tekenbonus fan 5 000 US$ ast in nije skout oannimst. De wyklikse kosten fan de jeugdploech sille oanjûn wurde as "Útjeften jongerein" yn dyn wyklikse finansjele oersjoch. De jeugdploech hat gjin personiel, hja betrouwe op de goede soarch fan harren âlders foar it transport, de blessueres ensfh – dit dogge de âlders sûnder oanfoljende kosten. Tagelyk hat in jeugdploech ek gjin ynkomsten, de ienige taskôgers binne meastentiids de âlders en freonen fan de jeugdspilers.
It promovearjen fan in spiler út dyn jeugdploech nei dyn senioareploech kostet 2 000 US$.
De ienige ekstra oanfoljende kosten binne der asto in skout fertelst dat hy yn in oar lân/regio spilers sykje moat, dan kin it wêze datst syn reiskosten betelje moatst.