Jeugdspilers
De skouts
Wannearst do dyn jeugdakademy aktivearre hast, krijst daliks in jeugdskout oan dyn ploech tawiisd. Do kinst kieze yn hokker lân en regio oft hy nei talinten sykje moat, en do kinst him ek fertelle dat hy sykje moat nei in spesifyk soart spiler. Asto him fertelst dat hy speure moat nei in spesifyk soart spiler (bygelyks wjukspilers) sil hy dy ek meastentiids sa'n spiler oanbiede, mar de spilers sille oer it algemien minder wêze.Do meist ek ekstra skouts hiere asto dat wolst, mar do kinst net mear as trije skouts ha (en net minder as ien).
Ien kear yn de wike sil eltse skout besykje om dy in spiler oan te bieden wannearsto him skillest.
Asto mear as ien skout hast, kinsto ek in twadde (of sels in tredde, ast trije skouts hast) oanbieding krije asto de earste spiler ôfwiist. Mar ûnthâld, asto de earste oanbieding ôfwiist, dan kinsto der net op weromkomme. It beslút is ûnomkearber.