Jeugdspilers
Trening
Jeugdspilers kinne har op twa types trening tagelyk rjochtsje, ien primêr en ien sekundêr. De primêre trening hat mear effekt as de sekundêre trening. Do kinst derfoar kieze om primêr en sekundêr itselde te trenen (bygelyks ferdigenje), mar it resultaat sil grutter wêze ast twa ferskillende soarten trening oanjouwst.
Jeugdspilers ûntfange trening troch te spyljen yn kompetysjewedstriden (folledich effekt) en oefenwedstriden (lytser effekt). Trening foar de jongerein wurdt eltse wedstriid wer berekkene, sadat se yn deselde wike twa kear trening krije kinne. Do moatst dyn treningsynstruksjes trochjaan minstens 10 minuten foardat de wedstriid begjint. Nei ôfrin fan de wedstriid wurde de effekten fan de trening sichtber. Drekst nei de wedstriid krijsto in treningsferslach fan dyn jeugdtrener, mei in oantal oanwizingen oer de foarútgong fan de spilers. It is ek mooglik datsto de kâns krijst om in oantal feardigens te ûnthuljen:
Fan ien fan de spilers dy’t mear as 44 minuten op in treningsposysje (in plak dat mear as in tige lyts effekt krijt) stiet, silsto it feardigensnivo foar de primêre trening te witten komme. Foar de sekûndêre trening silsto ynformearre wurde oer it potinsjeel fan in spiler yn dizze feardigens. In potensjeel fan in spiler sil net wurde toand as dy spiler yn deselde wike syn maksimum feardigensnivo berikket, yn sa'n gefal sil de coach melde dat de spiler net langer trochgean kin mei trening fan dy spesifieke feardigens.
Tink derom datst gjin rapport foar de sekundêre trening krijst as dyn primêre trening op deselde feardigens rjochte is. As fan alle spilers dy't op in treningsposysje spylje de feardigens al bekend binne, kin dyn trener dy hjir fansels neat oer rapportearje. Ast minder as 8 spilers op it fjild hast as de wedstriid einiget, krijst hielendal neat te sjen.
Oanfoljend sil dyn trener gewoanlik ek noch ien fan de trije spilers neame dy't it measte potinsjeel (dus it heechste maksimale feardigensnivo) yn in net-treende feardigens hat.