Jeugdspilers
Skoutingnetwurk
Do kinst eltse wike in nije spiler oanlûke troch dyn skouts it lân yn te stjoeren om in nije spiler foar dyn senioarenploech te finen. Foar elke skout dy't do ynhierst, sil elke wike ien talint presintearre wurde. Der kin lykwols mar ien keazen wurde.
Do kinst net sykje op in bepaald type spiler, útsein fan de keuze tusken in doelferdigener of in fjildspiler. Rekkenje der net op datst alle wiken topspilers ûntfangst.
De measte spilers dy't dyn skouts oanriede sille sels net goed genôch wêze foar dyn reserves. Ast ien of twa ûntfangst dy't yn dyn ploech meidraaie kinne, meist tevreden wêze - tink ris oan hoe't it yn it echt wurket!
Do meist elste wike in grutte (20 000 US$), middele (10 000 US$) of lytse (5 000 US$) ynvestearring dwaan yn dyn skoutingnetwurk. It is effisjinter om in protte lytse ynvestearrings te dwaan as in pear grutte. Yn oare wurden, it is dus wiis om in langetermynplan op te stellen - ast in grut diel fan dyn takomstich ynkommen yn it opfieren fan dyn skoutaktiviteit stekke wolst, kin it dwaan fan grutte ynvestearrings in wize wêze om fluch resultaat te beheljen. Ast stadichoan in betroubere struktuur opbouwe wolst sûnder tefolle jild út te jaan, kinst eltse wike in lytse ynvestearring dwaan. Lykwols, atst net soargest foar regelmjittige ynvestearrings om dyn skoutingnetwurk yn stân te hâlden, sil de struktuer fluch ôfnimme. As it nivo fan dyn skoutingnetwurk daalt, sil it lang duorje om it wer omheech te krijen.
Do kinst mar ien jeugdspiler per wike promovearje út dyn skoutingnetwurk.
Ynfoarmaasje oer de aktiviteiten fan dyn skoutingnetwurk kinst fine yn it menu "Myn Klup", ûnder it kopke "Jongerein".