Jeugdspilers
Jeugdspilers
Do kinst nije spilers krije foar dyn senioareploech troch jeugdspilers te ronseljen. Dit kinst op twa manieren dwaan.
-
Ronselje in spiler fan bûten ôf, direkt nei dyn senioareploech ta troch it brûken fan it skoutingnetwurk.
-
Start in jeugdakademy, ronselje talinten en ûntwikkelje harren. Spylje wedstriden tsjin oare jeugdploegen yn private of iepenbiere kompetysjes en promovearje úteinlik dyn talinten nei dyn senioareploech.
In spiler fia it skoutingnetwurk fine en direkt oanlûke foar dyn senioarenploech is in ienfâldige en tiidseffektive manier om talint te krijen. It bestjoeren fan in jeugdakademy is mear útdaagjend, mar as do goed wurk dochst, kin it ek mear beleanjend wêze.
Do kinst mar ien systeem tagelyk brûke. Ast in aktive jeugdakademy hast, kinst gjin jeugdspilers út it skoutingnetwurk helje. Mar dyn akademykosten telle ek mei as ynvestearrings yn it skoutingnetwurk, dus ast dyn akademy slute en it skoutingnetwurk brûke wolst, makket dat it makliker foar dy.