Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Systeemynformaasje-archyf

5-6-2021 Lansearringsnotysjes 6 Maaie

Dizze werstellings en ferbetteringen binne hjoed lansearre:

• Wy hawwe in probleem oplost wêr't op 'e kompetysjeside gjin programma toand waard foar it aktuele seizoen.
• Wy hawwe in lytse funksje tafoege foar Hattrick-ML (forum, HT-mail, ensfh.) om Accesskey + I, + U of + B te brûken om snel kursive, ûnderstreke en fette tags yn te foegjen, itselde as as do op de knoppen klikst. Accesskey ferskilt ôfhinklik fan 'e browser, foar Chromium-browsers is it Alt, yn Firefox is it Alt + Shift en it kin noch wer oare kombinaasjes wêze yn oare browsers.

Krekt as oars ha wy tal fan oare lytse werstellings en ferbetteringen tafoege om dyn Hattrick belibbing fjirder te ferbetterjen.

 
Server 070