Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Haadartikels

Simmer 2020 plan


2020-06-23 11:02:00

Dizze simmer sille wy begjinne mei it bouwen oan it nije Wrâldbekersysteem, dat in pear wike lyn oankundige waard. Wy wurkje ek oan in wiidere ferzje fan 'e Hattrick-webside, dy't troch de hiele simmer útbrocht wurde sil tegearre mei opwurdearre ferzjes fan ferskate wichtige siden op Hattrick.

Wylst it yn 'e echte wrâld ûnrêstich west hat, binne yn Hattrick de positive trends fan 2019 trochgean. Wy sjogge mear brûkers harren oanmelde foar it spultsje, nije brûkers bliuwe gemiddeld langer en, as resultaat in groeiend brûkersoantal. Hoewol it foar ús net in doel is om folle grutter te wurden - ús haadfokus is besteande brûkers bliid te hâlden - is it noch leuker om plannen foar de takomst te meitsjen yn it besef dat der in robúste en sels groeiende fraach nei Hattrick yn sit.

It grutte projekt wêr't wy no oan wurkje, it nije WK-systeem, is in goed foarbyld fan iets dat wy miskien net prioritearre hieden as wy net leauden yn 'e takomst fan it spultsje. It bouwen hjirfan sil de kommende moannen in protte fan ús fokus nimme, mar wy sille it yn dielen opsplitse, sadat wy ek tiid hawwe om oare saken oan te pakken. De wichtichste feroaring rûn it nije Wrâldbekersysteem is pas yn jannewaris 2021, mar wy kinne miskien guon dielen al yn 'e hjerst lansearre, bygelyks de nije fergese NT-federaasjes.

It oare gruttere projekt dêr't wy dizze simmer oan wurkje, makket de Hattrick-side wiider. De resolúsje fan skermen is hjoed sa folle heger dan d'r wiene yn 2008, doe't wy de hjoeddeistige side lansearre, dat it sinnich is om dit oan te passen. Hoewol dit maklik genôch is om te dwaan, sille wy dizze simmer in pear wiken trochbringe om troch de hiele side te gean om derfoar te soargjen dat alles wurket, en ek lytse ferbetterings te meitsjen en de side te werstrukturearjen op manieren dy't sinnich binne no't d'r mear romte te krijen is op it skerm. As algemien prinsipe wolle wy guon fan it ûnnedige klikken op' e side ferminderje, relevante ynformaasje byinoar bringe op 'e siden dy't wy it meast brûke. Dit sil ek in kâns wêze om de side konsekwinter te meitsjen, bygelyks om derfoar te soargjen dat it menu fan 'e linker side oanwêzich is op alle siden, sels de Live-side en it Wedstriidoarderskerm.

Dit sil gjin grutte werynrjochting meibringe, mear in "Kwaliteit fan it libben"-ferbettering dy't ús wichtichste pagina's omfettet, lykas de Klup-side, de Kompetysje-side, de Wedstriden-side en de Oerstap-side. Fansels sille wy derfoar soargje dat de side wurkjen bliuwt foar spesjale belangegroepen, lykas bline brûkers en Simple skin-brûkers. De ûntwikkeler fan Foxtrick is útnoege om foarôfgeande feroarings te testen en sa in foarsprong te hawwen by it oanpassen fan syn ark.

Wy wolle ek in update jaan oer it projekt foar nije spilergesichten. Begjin dit jier seine wy ​​dat wy besletten hienen om werom te gean nei it tekenboerd en, op basis fan 'e feedback krigen fan brûkers tidens ús "Sneak-Peek", om te sjen hoe't se ferbettere wurde kinne. Wy binne hjoed yn prinsipe noch yn dy faze. It projekt is yn 'e maitiid net folle fierder gien, mar wy hawwe wat nije ideeën wêr't wy no oan wurkje. Wy ha gjin haast om de gesichten te feroarjen, wy sille it allinich trochsette as wy tinke dat de measte Hattrick-brûkers dit leaver hawwe as de hjoeddeistige styl.

Yn 'e hjoeddeistige ûntwikkelingsperioade, oant nei de simmer, binne d'r gjin feroaringen oan 'e Wedstriidsimulator pland. Mar wy moatte wol in feroaring benimme dy't troch us makke wurde moast, lykas do lêze kinst yn ús resinte Nijs (Myn Hattrick) oangeande de spesjaliteit Unfoarspelber. Utsein fan dizze lytse werstelling ferwachtsje wy pas nei de simmer wer te wurkjen oan nije spulfunksjonaliteit.

Ta beslút wolle wy foarút warskôgje dat de stipe foar Flash einiget oan it ein fan 2020. Wy brûke Flash yn ús Tenu-ûntwerper en Stadion-ûntwerper, twa Supporter-funksjes. Wy wurkje oan goede alternativen foar dizze tools, mar it is te betiid om te sizzen oft wy deselde funksjonaliteit reprodusearje kinne of net. Yn alle gefallen sil mear ynformaasje op 'e tiid komme foardat alles ophâldt te wurkjen.

Dat is alles foar no - ha in geweldige firusfrije simmer, elkenien!

HT-Johan
List mei alle haadartikels

Reaksjes út de mienskip

Noch netien hat hjir in parseberjocht oer skreaun.

 
 
Server 081