Nijs
6-3-2020
Haadartikel: Us Skitterende Nije Hattrick Wrâldbeker
Yn Jannewaris 2021 sille wy yn in nije opset starte foar kompetysjes fan nasjonale ploegen yn Hattrick. It nije systeem sil fleksibeler wêze, sadat alle lannen yn Hattrick meidwaan kinne. It yntroduseart ek Kontinintale Kampioenskippen, wat betsjuttet dat wy yn 'e takomst kampioenen kroane kinne foar de Amerikas, Europa, Afrika en Aazje / Oseaanje.
Sa't wy it sjogge, binne de Nasjonale teams in fantastyske manier om pleatslike mienskippen byinoar te bringen yn in dield projekt: Jeugdspilers opliede, harren fjirder trene en dan in coach kieze dy't it allegear byinoar bringe kin yn in winnend team. Foar in soad brûkers is dit it leukste diel fan Hattrick. Wy wolle echt dat mear fan jimme dit ek ûntdekke, en dat is de reden foar ús langetermynplan om it ynternasjonale diel fan Hattrick nij libben yn te blazen.
It ôfrûne jier hawwe wy al in ferskaat oan nij ark foar coaches fan Nasjonale Ploegen lansearre as diel fan dizze opknapbeurt. De NT-coaches kinne no assistintcoaches en skouts beneame, om harren te helpen by it behearen fan 'e NT, en se kinne kandidaat-spilerlisten oanmeitsje foar alle spilers dy't se folgje út harren lân. No is de tiid kommen foar it wichtichste stik fan 'e puzzel: De nije yndieling fan' e Wrâldbeker-kompetysje sels.
Om't de lange termynplanning in wichtich diel foar de NT-ploegen en harren coaches is, wolle wy rom op tiid útlizze hoe't it nije systeem wurkje sil. Wy presintearje jim hjoed alle details foar it nije wrâldbekerformat, mar it sil pas yn Jannewaris 2021 fan krêft wurde.
Wat folget is in koarte gearfetting fan it nije WK-systeem, alle details kinne fûn wurde yn 'e bywurke hantlieding foar Nasjonale Ploegen.
Kontinintale Kampioenskippen
Amerika, Afrika, Europa en Aazje / Oseaanje sille no harren eigen kontinintale toernoaien hawwe, krekt lykas yn it echte libben. Dizze Kontinintale Kampioenskippen wurde spile yn it earste seizoen fan de Nasjonale Ploech-syklus, fuort nei de nije NTcoach kantoar nimt. Alle Nasjonale ploegen yn Hattrick wurdt in plak yn harren kontinintale toernoai garandearre, dat ek funksjonearje sil as de kwalifikaasje foar it WK. It Kontinintale Kampioenskip wurdt spile yn groepen fan 6 teams, thús en út, oer 10 wiken. De bêste 8 teams út 'e groepen geane de finale yn, wêryn de Kontinintale Kampioenskip besletten wurdt.
In oare leuke feroaring is dat tidens de Kontinintale Kampioenskippen de wedstriidtiden ek optimalisearre wurde foar de pleatslike mienskippen - it is foar harren net nedich om wekker te bliuwen foar de Europeeske prime time, lykas it gefal oant no wie.
De Wrâldbeker
Ofhinklik fan 'e resultaten yn' e Kontinintale Kampioenskippen, sille guon teams direkt yn oanmerking komme foar de Wrâldbeker, wylst oaren in ekstra Wildcard Play-Off spylje moatte. Resultaten yn de Kontinintale Kampioenskippen soargje ek foar de yndieling foar de Wrâldbeker. In totaal fan 96 ploegen sille oan é Wrâldbeker meidwaan, die't ôftrapet yn wike 13 fan it earste seizoen. De Wrâldbekergroepen wurde bekind yn in live lotting.
De Wrâldbeker giet it hiele twadde seizoen troch. It is ferdield yn 5 groepsfase-rûnen, folge troch de heale finales en finale.
Nations Cup
De teams dy't net yn oanmerking komme foar de eigentlike Wrâldbeker sille in treasttoernoai spylje mei de namme Nations Cup, dy't tagelyk plakfynt as de Wrâldbeker.
Nije Ranglist Nasjonale Ploegen
Resultaten yn alle kompetysjes hawwe ynfloed op de ranglist fan 'e Nasjonale Ploegen, dy't bepalend is foar de groepen foar oankommende Kontinintale Kampioenskippen. Op dizze manier bliuwe alle wedstriden foar alle Nasjonale ploegen wichtich, sels as se net langer yn steat binne om de groepsfase te oerlibjen fanwege in minne start. Wy wolle dat teams altyd wat te winnen hawwe troch sa goed mooglik te prestearjen.
Nije leeftiidsgrins: U20 wurdt U21
Lykas hjoed de dei sil d'r ien Nasjonale Ploech wêze foar senioaren en in oar ien foar jongere spilers, beide mei eigen coaches en skema's. Wy meitsje lykwols feroarings oan 'e leeftydsgrinzen fan dizze ploegen. It U20-ploech sil in U21-ploech wurde, wêryn spilers tusken de 19 en 21 jier tastien binne. Spilers ûnder de âldens fan 19 kinne kandidaat-spiler wêze foar de NT, mar net selekteare wurde foar 'e ploech.
Wy yntrodusearje ek in legere leeftydsgrins foar de senioareploech op 22 jier.
De nije legere leeftydgrins foar U20-teams sil direkt yn wurking wêze. De boppeste leeftydsgrins, 21 jier, sil net yn wurking trede oant yn Maaie 2021. Wy yntrodusearje de leeftydsgrinzen yn stappen om de oergong sêfter te meitsjen foar teams mei besteande plannen.
NT-federaasje wêr't elkenien fergees meidwaan kin
Ien fan ús haaddoelen hat west om de Nasjonale Ploegen in oantrekliker ûnderfining te meitsjen foar de "gemiddelde brûker", minsken dy't miskien ynteresseare binne om gewoan de wedstriden fan harren lokale NT te folgjen, of miskien besykje in spiler te trenen foar dizze ploech. Miskien is de bêste manier om dizze underfining te stimulearjen om diel te wêzen fan de lokale NT-federaasje, iets dat oan't no ta allinich Supporters dwaan koene. Yn it kommende seizoen sille wy begjinne alle brûkers fergees tagong te bieden oan harren lokale NT-federaasje, of't sy Supporter binne of net! Bliuw hjir op 'e hichte - wy wolle earst mei de eigners fan besteande NT-federaasjes beprate hoe't wy dit dwaan sille.
Folle mear, en ús tank oan 'e mienskip
Tegearre mei de bredere feroaringen feroarje ek in protte lytse saken, dingen dy't wierskynlik allinich fan belang binne foar de hardcore NT-fans. Nasjonale teams sille in eigen Oefenpot krije, d'r sil mear fleksibiliteit wêze foar nij keazen NT-coaches om formaasjes te feroarjen sûnder straft te wurden, en wy ferheegje de transparânsje oer kandidaten by ferkiezings. Wy ferminderje ek de hoemannichte ûnderfining dy't in spiler krijt troch it spieljen fan NT-wedstriden, mar dit wurdt meast kompensearre troch it feit dat der elts seizoen mear NT-wedstriden wêze sille.
In protte fan dizze ideeën, lykas in soad feedback oer it nije Wrâldbekerformat, binne ta ús kaam fia petearen mei âlde en hjoeddeistige NT-coaches, dy't wy it lêste jier hân hawwe op in spesjaal útnoegings-forum. Wy wolle elkenien dy't dêr mei die tige betankje, foar harren geduld mei ús en foar harren bliuwende enerzjy om suggestjes te meitsjen foar ferbetteringen op ús plan.
Wy binne tige bliid mei it resultaat, en sjogge út nei de ôftraap yn 2021.