Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Wrâld »   Nijs 

Nijs

1-10-2021 Haadartikel: Dyn persoanlike gids foar de nije Wrâldbeker

Nei moannen fan wurk is de nije WK opset klear foar de ôftraap. It sit fol mei nije dingen, lykas in fleksibeler formaat wêrtroch alle 144 lannen meistride kinne, lykas nije kontinintale kampioenskippen foar Europa, Afrika, de Amerikas en Aazje-Oseaanje.



It algemiene doel hat west om it foar alle brûkers leuker te meitsjen om de nasjonale ploegen te folgjen en hjir oan diel te nimmen, of it no it trenen fan spilers foar it NT of scouten fan tsjinstanners betsjut, of as do gewoan in firtuele fuotbalpatriot bist dy't genietet fan it oanmoedigje fan dyn lân! Dizze wike is it in perfekt momint om dy yn 'e nasjonale ploegen te ferdjipjen as do dit noch net earder dien hast, om't no de ferkiezings foar de nije coaches wer geande binne.

De nasjonale ploegen yn Hattrick besteane al lang, mei de earste Wrâldbeker spile yn 2002. Sweden wûn 6 fan 'e earste 7 kampioenskippen, mar mei de jierren binne oare lannen sterker wurden en hjoeddedei binne Wrâldkampioenskippen in spannende saak wêr't tawijde mienskippen spektakulêr sukses berikke kinne as se goed gearwurkje. In protte komt del op it plannen fan hoe te trenen om de measte en beste talinten beskikber te meitsjen foar it kampioenskip, dêrom hawwe de nasjonale ploegen altyd in wichtich ûnderdiel west foar brûkers om yn' e wrâldwiide Hattrick-mienskip mei te dwaan.

Wy wolle dat de nije Wrâldbeker opset dizze positive aspekten fierder stimuleart, en hooplik ek de nasjonale ploegen tagonklik en ynteressant makket foar mear brûkers. Guon sokke funksjes binne al frijjûn, lykas de nije kandidaat-spilerlisten foar nasjonale ploegen, wêrtroch mear spilers foar nasjonale ploegen ornearre wurde en it makliker makket foar NT-coaches om kontakt te hâlden mei har eigners. In boartliker ding dat wy koartlyn dienen wie om alle brûkers dy't yn ús Krystkampanje weromkamen nei Hattrick in unike en fersterke, mar net te ferkeapjen, spiler fan ien fan 'e 16 nije nasjonale ploegen te jaan, as in manier om har oan te moedigjen by te dragen oan har foarútgong.

It haadûnderdiel fan dit feest is fansels it nije wrâldbekerformat. Yn stee fan in hiel lang kwalifikaasjeproses foar 128 ploegen folge troch in Wrâldbeker foar 32 ploegen, kinne alle 144 Hattrick-lannen no meidwaan, en as wy yn 'e takomst ea útwreidzje nei mear as 144 lannen, sille dizze lannen ek meidwaan kinne.

Al dizze teams sille meidwaan oan 'e nije Kontinentale Kampioenskippen (ien foar Europa, Afrika, de Amerikas en Aazje-Oseaanje elk) tidens it earste seizoen fan' e syklus fan 'e nasjonale ploech. Dizze wedstriden binne ferpleatst fan 'e klassike starttiid fan 20.00 HT, om wedstrydtiden mooglik te meitsjen dy't better passe yn lokale skema's.

Oan it ein fan seizoen ien wurde dizze regionale winners bekroand en basearre op 'e resultaten yn 'e Kontinentale Kampioenskippen kwalifisearje harren 96 teams (direkt of troch Wildcard-wedstriden) foar de nije Wrâldbeker. De groepen fan 'e Wrâldbeker wurde yndielt troch punten te ranglisten en ek troch in live lotting, wêrfan wy hoopje dat it op himsels in leuke barren wurdt.

Besjoch allle details fan it nije skema yn de Hattrick-hantlieding. It is al earder presintearre, mar sûnt it foar it earst publisearre waard hawwe wy lytse feroarings yn it skema makke om foar te kommen dat der yn it wykein tefolle wedstriden binne.

Wy sille dizze feroarings yn fazen útrolje. Dit seizoen krije de U20-ploegen nije coaches en sille se oan har earste seizoen-syklus begjinne, wat betsjut dat se dit seizoen regionale kampioenskippen spylje en folgjend seizoen in Wrâldbeker. Folgjend seizoen sille de senioaren nasjonale ploegen ferkiezings hawwe en begjinne sy oan har earste syklus yn it nije format. Folgjend seizoen sille U20-ploegen ek feroarje yn U21-ploegen, wêrtroch de leeftydsgrins wêrby spilers meidwaan kinne ferheget.

Ferkiezings krije ek in grutte opknapbeurt. Ien wichtich probleem foar nasjonale ploegen hat west dat net in soad brûkers stimme yn ferkiezings, wat betsjut dat benammen lytse lannen kwetsber west binne foar "rigged" ferkiezings. Dit is typysk bard by wize fan falske akkounts dy't foarôf registrearre binne, en dan in stim op in bepaalde kandidaat pleatse. Wy nimme ferskate maatregels om dit yn 'e takomst te foarkommen.

Stimme sil no woegen wurde. Lykas earder is minimaal ien seizoen nedich om te kinne stimmen, mar nei ferrin fan tiid kinst do "bonus" stimmen krije, wêrtroch dyn stim telt foar mear dan in resinte oanmelding yn dyn lân. Wy sille ek bonusstimmen jaan oan brûkers dy't har ploech yn it foarige seizoen aktyf beheard hawwe.

Om de ekstra kwetsberens fan hiel lytse kompetysjes, wêr't mar in hantsjefol echte lokale brûkers wêze kin, op te lossen, jouwe wy brûkers mei ekstra klups yn it bûtenlân it rjocht om te stimmen yn har "oannommen" lân, neist har heitelân. Wylst dizze brûkers miskien net lokaal binne, hawwe se har noch ynsetten foar de kompetysje en helpe se faak de nasjonale ploegen aktyf. Mei de stimgewichten jouwe wy dizze brûkers in lytsere stim dan lokale brûkers, mar grut genôch om tidens ferkiezings de ynset fan falske lokale akkounts tsjin te gean.

As brûker kinst do yn elts lân dat do in klup hast mar ien kear stimme. Mar efter de skermen, ôfhinklik fan dyn âldens en aktiviteit yn it spul, berikt dyn stim ekstra gewicht by it tellen. Lokale brûkers krije har earste stim nei ien seizoen, dan ekstra nei 5, 10 en 15 seizoenen yn it spultsje. Ekstra klupbrûkers krije har earste stim nei 2 seizoenen, dernei mar ien bonus nei 10 seizoenen yn deselde kompetysje.

Brûkers krije ek maksimaal twa ynsetstimmen, ôfhinklik fan hoe aktyf har klupbehear west hat. Wy sille net krekt útlizze hoe't dizze wurkje, om it dreger te meitsjen om se te manipulearjen, mar se binne ûntwurpen om hiel maklik te berikken foar eltse normaal behearde klup, mar hiel saai om te berikken as do foar ferskate seizoenen in tal falske ploegen oanhâlde wolst om earne in ferkiezing te beynfloedzjen. Tink derom dat do as brûker net it krekte gewicht sjen silst dat dyn stim hat, wy sille de prinsipes efter it systeem gewoan útlizze.

Twa foarbylden fan hoe't dit wurkje kin:

* Do bist in lokale brûker yn Botswana. Yn dit gefal silst dyn ferkiezingsstim foar de coach fan Botswana NT it gewicht hawwe fan ien nei dyn earste seizoen, it gewicht fan twa nei 5 seizoenen, it gewicht fan trije nei 10 seizoenen en it gewicht fan fjouwer 4 nei 15 seizoenen. As do dyn klup aktyf behearst op it momint fan 'e ferkiezings, krigest do maksimaal 2 ekstra stimmen tafoege oan dat gewicht.
* Do hast in ekstra klup yn Malta. Dyn stim hat it gewicht fan ien nei 2 seizoenen en it gewicht fan twa nei 10 seizoenen. As do dyn klup aktyf binne behearst by de ferkiezings, krigest oant 2 ekstra stimmen tafoege oan dat gewicht.

In aktive lokale ploech sil altyd op syn minst twa kear it stimgewicht hawwe fan in aktyf behearde ekstra klup.

Ekstra klupeigners meie ien kear per ploech stimme, mar allinich as dizze ploegen yn ferskillende lannen meidogge. Dat betsjut, as ien eigner mear dan ien ploech yn itselfde lân hat, wurdt it stimgewicht beheind ta dat fan de âldste ploech dy se beheare.

As gearfetting wêrom't wy dit dogge:

Ferkiezingen binne al lang in kwetsber systeem, maklik te manipulearjen. Nei de simmerferkiezings makken wy in soarchfâldige analyze fan alle stimmen (kontrolearjen fan brûkershistoarje, IP's, ensfh.) en seagen dat de problemen mear wiidferspraat wiene dan wy tocht hiene. Mei it each op de kommende feroarings oan 'e Wrâldbeker, woenen wy in nij en robúster systeem meitsje dat de kâns maksimaliseart dat mienskippen de NT-coaches krije dy't se fertsjinje, brûkers dy't har posysje winne troch fertsjinste en dialooch ynstee fan manipulaasje.

Mei dit nije systeem sille wy net allinich de basis fan ferifieare, fertroude brûkers dy't yn elke ferkiezing stimme kinne útwreidzje - nei ús miening de krityske stap - mar wy sille ek de stimkrêft fan elke ploech ûndermine dy't alline foar stimmen oanmakke is, wêrtroch dizze manipulaasje folle lestiger is. As it nedich is, kinne wy yn 'e takomst ekstra regels en filters tafoegje.

Wy soene tige bliid wêze as dizze lansearring d'r ta liedt dat guon fan jim, dy't noch net ûntdutsen hawwe hoe leuk it wêze kin om de nasjonale ploegen te folgjen, it nochris besiket. Wêrom net begjinne mei it lêzen fan de kandidaat-taspraken foar dyn lân, dernei nei it nasjonale foarum gean om de kandidaten fragen te stellen oer hoe hy of sy fan plan is om grutheid en gloarje te berikken foar dyn lân? Wa wit, miskien is d'r op dit stuit sels in takomstige nasjonale ploechspiler yn dyn klup oanwêzich, dy't gewoan wachtet op 'e juste training?

In soad wille, en bliuw feilich!
 
Server 070