Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Hulp »   Oer Hattrick 

Oer Hattrick

Hattrick is it liedende online fuotbalmanagemintspul - it is fergees om te spyljen, en omfettet in mienskip fan hûnderttûzenen dielnimmers út alle hoeken fan de wrâld.

Yn Hattrick bouwst en liedest in ploech oer ferrin fan tiid - en nimst it op tsjin oare minslike managers. Oars as by in protte oare fuotbalmanagemintspullen, hast do gjin oeren per dei nedich om te winnen - it giet derom om de goeie strategy út te stippeljen.

De grutte en krêft fan de Hattrick-mienskip binne legendarysk, ferjit net om ris nei ús drokke foarums te sjen, of de rykdom oan dielnimmer-liede ynitiativen dy't yn en rûn it spul om geane, fan pleatslike moetings oant coole tredde-party-software.

Hattrick begûn in skoft lyn (yn 1997), en is eigendom fan Hattrick Ltd. As ûntwikkelers binne wy grutsk op ús histoarje fan nauwe gearwurking mei ús dielnimmers, dat is eat dêr't wy fan fine dat it ús holpen hat om te groeien nei it grutste en meast oansprekkende fuotbalmanagemintspul op it web.

 
 
Server 080