Hulp »   Hânlieding »   Yntroduksje 

Yntroduksje

Dit is de hânlieding foar Hattrick. Foar in snellere yntroduksje yn it spul giest nei de begjinnersgids.

Hattrick is in spul dêr'tst in firtuele fuotbalploech nei gloarje liede meist, yn in striid mei oare dielnimmers fan oer de hiele wrâld.

Hattrick is in ienfâldich spul, it is maklik om de basis te begripen. Do kinst sels Hattrick spylje ast dy mar ien of twa kear per wike oanmeldst (mar wy hoopje dy folle faker te sjen). De útdaging is net om it spul te ferslaan, de útdaging is de kompetysje mei oare dielnimmers. Under it striden wurde in protte dielnimmers freonen, en dat makket Hattrick ek in sosjaal spul.

Dyn taken

Do ferfollest de taken fan sawol manager as klupeigner. Do stippelest de taktiken en strategy út, bepaalst wat der treend wurdt en selektearrest de wedstriidseleksje. Do keapest en ferkeapest spilers, ynvestearrest yn ferbetteringen fan it stadion en folle mear. Om sukses te hawwen is in goed advys om in goeie lange-termyn-strategy te foarmjen, en in plan te meitsjen foar de lange termyn. Sukses en gloarje komme dy fansels net samar oanwaaien.

Dyn nije ploech

Ast de lieding oer dyn klup nimst, hat de klup krekt in leech plak krigen yn ien fan de twa leechste divyzjes yn it Hattrick-kompetysjesysteem. Om dyn klim omheech te begjinnen krijst in ploech mei spilers (dêr't guon talint fan ha, guon faaks wol net), in stadion en wat jild as hulp. No is it tiid datsto dyn magy toanst.

Meitsje dy net drok om twivel as it giet om it wizigjen fan de namme fan dyn ploech. Do kinst altyd tusken twa seizoenen yn de namme fan dyn ploech wizigje, it kostet dy allinnich wol 10 000 US$ oan wedstriidsklean en marketingmateriaal ensafh dy't feroare moatte wurde. Dêrneist silst ek 3% fan dyn die-hard fans ferlieze omdat se dy net ferjouwe kinne datst ôfstân dochst oan de âlde namme.

Regio en waar

Dyn ploech spilet yn in regio, wierskynlik in regio dêr'tst in bân mei hast. Wy ha regio's sadatst oare minsken moetsje kinst dy't út itselde gebiet as dy komme. In oare belangrike funksje is dat eltse regio syn eigen waar hat. Der binne gjin regio's mei better waar as oare regio's, alle regio's binne like goed. Do hoechst dy dus gjin soargen te meitsjen datst de ferkearde regio kiest.

It waar hat ynfloed op in oantal saken, it belangrykste is it oantal taskôgers (minder minsken komme nei dyn wedstriden as it reint) en de prestaasjes fan dyn spilers. Op de "Regio"-side kinst sjen hokker waar oft it hjoed is, en der stiet ek in waarberjocht foar moarn. As hjoed de sinne skynt, is de kâns (yn fergeliking mei oare waartypes) grutter dat de sinne moarn ek skynt, dus it type waar komt net folslein út de loft fallen.

Ast wolst kinst tusken seizoenen yn fan regio wikselje. It kostet dy wol 10 000 US$, en 3% fan dyn fans sille dyn fanklup ferlitte.

Us bêste advys

It bêste advys dat wy dy jaan kinne is om dizze hânlieding te lêzen. Do hoechst net alles yn ien kear te lêzen, it jout dy al in aardich idee hoe'tst dit spul spylje moatst, ast de earste pear haadstikken lêst. Fierder kinne wy dy allinnich mar advisearje om fragen dy'tst hast op ús foarums te stellen. Der is foar fragen sels in apart foarum ynrjochte.

Der is ien ding dat wy tige belangryk fine: Om dy en alle oaren de bêste Hattrick-erfaring te jaan binne der inkele tige ienfâldige gedrachsregels dy't neifolge wurde moatte. Do kinst se fine by ús Hûsregels.
 
Server 071