Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Supporter-funksjes

Hattrick Supporter waard foar it earst útjûn yn 2001. Hattrick wie doe - krekt as no - in spul wêr'tst fergees fan genietsje koest. Mar foar in lyts bedrach krigen Supporters tagong ta wat ekstra funksjes dy't harren in rikere erfaring joegen as gewoane dielnimmers, mar gjin rjochtstreeks foardiel yn it spul.

Sûnt doe ha wy in protte mear moaie funksjes oan Supporter tafoege, dy't allegearre itselde motto folgje. Se jouwe dy in bettere spulerfaring en helpe dy om in bettere manager te wurden - mar se jouwe dy gjin rjochtstreeks foardiel yn it spul. Hjir is in folledige list fan funksjes dy't by Supporter hearre:

Gjin banners - As in Supporter krijst gjin tradisjonele banners.

Unstjêrlikens - As in Supporter rinst nea it risiko om dyn ploech te ferliezen fanwege ynaktiviteit.

Ploechbehear-ark

Wedstriid

  • Kop tsjin kop wedstriidfoarbeskôging
  • Doch fergees mei oan in Toernoai
  • Meitsje dyn eigen Toernoai
  • Sla oanpaste wedstriidoarders op
  • Sla in ferskaat oan standertopstellings op foar ferskate types wedstriden
  • Opsje om dy automatysk oan de Oefenpot (it automatysk boeken fan oefenwedstriden) ta te foegjen
  • Blêdzje troch de Oefenpot om sels in ploech út te daagjen
  • Thús- en útranglist
  • Live (auto-bywurkjende) kompetysjeranglist wylst der wedstriden spile wurde

Trening

  • Detaillearre treningsferslach foar eltse spiler
  • Archyf mei treningsrapporten
  • Spilerûntwikkeling
  • Archyf mei jeugdtreningsrapporten
  • 'Spile sûnt lêste trening'-oanwizing op it wedstriidformulier

Oerstappen

  • Oerstapkânsen
  • Sykprofilen
  • Ferlanglist
  • Fyn fergelykbere spilers

Organisearjen

  • Blêdwizers
  • Notysjeblok
  • Nijsbalke
  • Herinnerings
  • Foegje eigen snelkoppelings ta
  • Jou spilers kategoryen

Ploechûntwerp-ark

Ploech-identiteit

  • Wedstriidtenu-ûntwerper
  • Ploechlogo-bewurker
  • Manageravatar-bewurker
  • Kluptema
  • Stadion-ûntwerper
  • Earegalery
  • Parseberjochten
  • Flaggensammeling
  • Mear widgets en funksjes op ús ploegen-blogportaal, Hattrick United.

Freonen en Mienskip

  • Meitsje federaasjes, wurd lid
  • Wurd supporter fan oare managers (en krij sels supporters)
  • Klup-gasteboek
  • Skriuw nijsbrieven oan dyn supporters

Statistiken en grafiken

  • Wurdearringsgrafiken
  • Ekonomy-grafiken en -tabellen
  • Ploechstats oer dyn eigen ploech
  • Wedstriidstats oer dyn eigen ploech
  • Lân-/Wrâldwide ploech- en spilersstats
  • Regionale stats
  • Oerstapstats
  • Treningstats
  • Bekerstats
  • Foarumstats
  • Federaasjestats

Supporters krije eltse moanne ek in "draaitiid-oersjoch", wêryn wy dy witte litte of it spul de ôfrûne moanne ûnfoarsjoen út de loft west hat. As dat it gefal wie, sille wy dyn Supporter mei deselde tiid ferlinge as dat it spul net berikber wie. It is eltse moanne in lytse herinnering om dy witte te litten dat ús haaddoel is om it spul foar dyn wille draaiend te hâlden.

 
Server 071