Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Systeemynformaasje-archyf

2-10-2016 Deltiid en oerstappen

Juster wie Hattrick del foar ferskate oeren troch technyske problemen by ús ISP dy't rûn 18.30 begûn en net oplost wieden oant middernacht. De skuld fan de deltiid lei net by ús, mar it spyt ús dat it bart is, foaral foar de fertraging yn de wedstriden fan de brûkers dy't meidogge oan de Supporterwike Beker.

Wy ha wol flatere by it stopsetten fan de transfers. Dit hawwe wy net dien, wylst wy dat gewoanlik wol dogge. Dit betsjut dat der in soad spilersfeilingen einige binne sûnder dat der brûkers wieden om op se te bieden, wêrtroch der in soad ferlies lieden is troch de ferkeapjende ploegen. Wy hawwe altiten in beliid hân dat wy it ferlies yn dit soart saken net kompenseare, omdat wy net de middelen hieden om in earlike ynskatting te meitsjen fan it ferlies. Mar dizze kear wolle wy graag it beliid feroarje en sjen of wy de brûkers kompenseare kinne dy't beneidield binne. Wy brûke sûnt koarte tiid in nij algoritme om de marktprizen te analysearen en wy tinke dat dit ús helpe kin om earlik (al dan net perfekt earlik) te kompensearje. Wy freegje de beneidielden om geduldich te wêzen omdat it wol in pear dagen duorje kin foardat hja it jild ûntfangt.

Dizze regeling is fan tapassing op alle oerstappen dêr't de spiler boaden hie wylst de side del wie en dêr't de termyn einige wylst de side del wie. Wy kompenseare net foar spilers mei sear lege wearde (minder as 10.000 EUR).

 
Server 071