Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Systeemynformaasje-archyf

3-10-2017 Wedstriidoarder bug

Dizze wike hienen wy in bug wêrby de oarders dy't opslein waarden foar de útploech resultearre koenen yn in lege reservebank foar de thúsploech. Dêrneist wienen alle plande wiksels ûnjildich.

Dizze bug kaam SUVER ALLINNICH foar by Toernoaien, Ljedderwedstriden en Losse wedstriden - dit hie gjin effekt op oare wedstriden, ynklusyf beker- en kompetysjewedstriden.

De bug kaam allinnich foar by wedstriidoarders dy't oplein binne troch ús Stage server tusken Woansdei 17.00 HT-tiid en Tongersdei 10.00 HT-tiid. Yn totaal hawwe in pear hûndert wedstriden hjir lêst fan hân.

Asto meidochst oan in toernoai, Ljedderwedstriid of Losse wedstriid kommende wike, soesto dan kontroleare wolle oft dyn oarders der goed útsjogge? De bug is no ferholpen en nije wedstriidoarders dy't no oplslein wurde (op Stage of earne oars) sille gewoan wurkje sa as it bedoeld is.

 
Server 071