Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Systeemynformaasje-archyf

9-22-2017 Werstellings en ferbetteringen op de wedstriidoarders side

Hjoed hawwe wy in nije ferzje fan 'e wedstriidoarders side lansearre mei de folgjende werstellings en ferbetteringen:

1) Bug: It wie net mooglik in spiler te wiskjen fan it strafskopnimmers blêd
2) Bug: Ferskate lytse presintaasjeproblemen op opstelling, ploechoarders en oersjoch blêd wersteld.
3) Ferbettering: Potinsjele feardigens fan Jeugdspilers wiene net te sjen ats't do by de Sidefoarkeuren foar allinich tekst keazen hast. Do kinst it no sjen as in eftergrûn-feardigensbalke
4) Ferbettering: Wy hawwe noch ris sjoen nei de presintaasje fan kaarten asto in spiler oanwiist. No sjochst do de kaarten fan de spiler hjirûnder oan 'e list
5) Ferbettering: Wy hawwe dizze presintaasje fan kaarten ek op it ploechoarders blêd tafoege

Ats't in probleem hast mei dizze feroarings, dan kin it wêze dats't earst dyn browser cache wiskje moatst.

 
Server 070