Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Systeemynformaasje-archyf

3-8-2018 Lansearringsnotysjes 8 maart

Dizze werstellings en ferbetteringen binne hjoed lansearre:

• Wy hawwe in tagongsprobleem wersteld foar mentors oangeande de Treningsfoarútsjoch side yn it gefal dat harren learling gjin Supporter is.
• Wy ferwurkje it better yn it Wedstriidoarders Oersjoch en de Teamanalyse as de tsjinstanner gjin resinte wedstriden hat mei in jildige opstelling.
• Platinum & Diamond Supporters hawwe gjin limyt mear by it nominearjen foar de Earegalery.
• Yn Toernoai, Ljedder en Losse wedstriden sille wy dy no ek ynformearje oer it waar.
• Wikselspilers binne no tastien as mandekkers. Se kinne yn it Wedstriidoarders Oersjoch as mandekker ynstelt wurde, de mandekking oarder wurdt aktyf as se it fjild op komme.
• Do kinst no de bydrage fan dyn assistinttreners oan de eftergrûnfoarm sjen yn de gearfetting op de Personiel side. Wy hawwe it effekt ek oan de tabel yn it haadstik Personiel fan de Hânlieding tafoege.
• Yn it kânsferdielings oersjoch (nei de wedstriid) wurde taktyk-ûnôfhinklike ôfstânsskoaten neamd as 'Oars'.
• Wy hawwe de Hânlieding bywurke mei paragrafen oer mandekking. Do kinst dit fine yn it haadstik 'Opstelling: De basis'.

Krekt as oars ha wy tal fan lytse werstellings en ferbetteringen tafoege om dyn Hattrick belibbing te ferbetterjen.

 
Server 070