Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Systeemynformaasje-archyf

11-6-2018 Nij Ûntwerp, Foxtrick en Legacy-ynstellings

Sa't te sjen is op My Hattrick, hawwe wy hjoed in nij ûntwerp frijjûn foar feardigens fan spilers, de wurdearrings fan de spilers en de side foar de sykresultaten fan 'e oerstapmerk. Dit binne feroaringen dy't nei wy leauwe Hattrick better meitsje en wêrtroch't wy yn 'e takomst ek flugger ûntwikkelje kinne, om't wy no in fergelykbere manier hawwe om wichtige ynfo oer de hiele side en ús apps te werjaan.

As do it net leuk fynst, hast de opsje om de âlde wurdearrings en feardigenswerjefte te behâlden. Gean nei de ynstellingsside en kies "Klassyk" ûnder Legacy-ynstellings, en dingen sille bliuwe lykas se wiene.

Ek wolle wy neame dat as do de browser-útwreiding Foxtrick brûkst en problemen hast mei it nije ûntwerp, dit in goeie tiid wêze soe om in nije beta-ferzje fan Foxtrick te downloaden. Dizze nije ferzje behannelt it bywurke ûntwerp frij goed, sels as der noch in lyts probleem oplost wurde moat. It "Klassike" ûntwerp wurket noch perfekt mei Foxtrick.

 
Server 070