Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Systeemynformaasje-archyf

3-5-2024 Lansearringsnotysjes 5 Maart

Dizze werstellings en ferbetteringen binne hjoed lansearre:

• Wy hawwe de startside feroare, sadat as do Hattrick foar it earst besikest of mei in nij apparaat of browser, de oanmeldknop net mear direkt sichtber is. Ynstee dêrfan sil allinich de registrearjeknop yn fokus wêze en besteande brûkers moatte klikke op de keppeling "Hasto al in akkount?" om yn it oanmeldskerm te kommen.

As do, lykas de measte fan ús besikers, fanút in bekende browser (mei de passende cookies) nei Hattrick komst, sil alles der krekt út sjen as earder. Dit is in lytse feroaring dy't de measten fan jim net fernimme sille, mar it sil de startside dúdliker en funksjoneeler meitsje foar nijkommers yn it spul.

• Der is in reparaasje makke sadat it "foarbyldfjild" foar de Beker, dy't dyn potensjele folgjende tsjinstanner toant, no ek toand wurde kin, wylst de aktuele Bekerronde pas koartlyn einige is.

• Wy hawwe ek de keppeling nei de âlde kompetysjetabellen foar jeugdkompetysjes, dy't mispleatst wie, werom tafoege.

 
Server 071