Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Oefenwedstriden

Oefenwedstriden kinne eltse freed om 20:00 (Hattrick-tiid) spile wurde troch Nasjonale Ploegen dy't op dat stuit gjin Wrâldbekerwedstriid op it skema stean ha. Dy wedstriden binne fergelykber mei de oefenwedstriden dy't klups midwyks spylje.

Om in oefenwedstriid te regeljen moat de Coach fan de Nasjonale Ploech of in oare ploech útdaagje, of in útdaging oannimme, lykas in manager fan in gewoane klup. It wurket dochs krekt oars, it systeem stelt de Coach fan in Nasjonale Ploech net op de hichte fan in útdaging. Coaches fan Nasjonale Ploegen moatte inoar berjochten of HT-mails stjoere om de oefenwedstriid te regeljen. As in ploeg gjin oefenwedstriid regele hat, sil d'r op tongersdei automatysk ien boekt wurde.

De útdager mei kieze yn hokker stadion de wedstriid spile wurdt. Elts stadion mei keazen wurde, mar it wurdt altiid beskôge as neutraal terrein, nettsjinsteande de lokaasje fan it stadion. Der binne gjin kosten foar stadionhier.

 
Server 070