Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Wedstriden

Spilers dogge ûnderfining op as se spylje yn wedstriden foar de Nasjonale Ploech. In spiler fan de Nasjonale Ploech krijt ek in salarisreduksje fan 40% as hy foar in klup yn syn thúslân spilet, en fan 33% as hy yn it bûtenlân spilet.

Spilers kinne blessearre reitsje as se foar de Nasjonale Ploech spylje. Neist de salarisreduksje krijt de eigner fan in blessearre spiler ek kompinsaasje dy't oprint tot 100% fan it basissalaris fan de spiler kear de lingte fan de blessuere.

Der binne gjin kluptroubonussen foar nasjonale ploegen, dus de kluptroubonus fan in spiler wurdt net tapast by wedstriden fan de Nasjonale Ploech.

Wedstriden foar de Nasjonale Ploech telle net mei foar de trening fan in spiler. Reade en giele kaarten wurde ek net opslein - wat dat betreft wurkje alle wedstriden foar de Nasjonale Ploech as oefenwedstriden foar in klup.

Thúsfoardiel foar nasjonale ploegen wurket net itselde as foar klups. Nasjonale ploegen krije in lytser thúsfoardiel, lyk oan it foardiel dat in útploech krijt yn in derby.

Nasjonale Ploegen profitearje fan in spesjale "Fog of War"-funksje. Dit betsjut dat de lêste 8 oeren foar in wedstriid in protte ynformaasje rûnom in ploech ferburgen wurdt foar iepenbiere werjefte. Ploechsfear, Fertrouwen, Spilers en guon oare statistiken rûn de side sille net mear sichtber wêze. De reden hjirfoar is om coaches in ridlike kâns te jaan om foarút te plannen en har net te twingen om tsjinstanners te kontrolearjen en har oarders oant de lêste minuten foar de ôftraap by te wurkjen.

 
Server 071