Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Yntroduksje

Yn Hattrick krijt elts lân in Nasjonale Ploech en in U21-seleksje, dy't elts beheard wurde troch harren eigen Nasjonale Coach.

De Nasjonale Coach wurdt ferkeazen troch de dielnimmers yn it lân, yn in iepenbiere ferkiezing. Der wurdt fan Nasjonale Coaches ferwachte dat se harren twa seizoenen duorjende ferplichting ôfmeitsje. Der wurde allinnich nije ferkiezings regele wannear't managers harren ferplichting net neikomme kinne, fanwege in ferskaat oan redenen, it beslút dêrta leit by de National Team Administrators.

Ferkiezings moatte earlik wêze. Om earlikens feilich te stellen sille de Nasjonale Ploech-behearders (NTA's) net aarzelje om kandidaten út te sluten dy't aksjes ûndernimme dy't harren in ûnearlik foardiel jouwe oer oare kandidaten yn de ferkiezings. Fierdere ynformaasje oer de ferkiezings stiet yn it haad-regelboek.

Dizze regels binne in tafoeging op de gewoane Hattrick-regels. Behalve as dizze regels eat oars fermelde, binne de gewoane regels fan tapassing (bygelyks hoe't wedstriden wurkje).

Do kinst net tagelyk coach fan twa Nasjonale Ploegen of twa U21-Ploegen wêze. De reden hjirfoar is dat wy foarkomme wolle datst in wedstriid spilest tusken twa ploegen dy'tst behearst, dat is ûnakseptabel. Dit betsjut ek datst fan de HFA net yn mear as ien lân meidwaan meist oan de ferkiezings - dit omfettet ek it meidwaan yn ien lân, dêr opjaan en dan meidwaan wolle yn in oar lân. Dit kin dy diskwalifisearje fan it meidwaan oan de ferkiezings.

Ekstra regels en belangrike ynformaasje wurde publisearre op it foarum foar Nasjonale Coaches, wêr allinnich nasjonale coaches komme kinne. De folledige regels binne beskikber atst lid wurdst fan dat foarum.

 
Server 070