Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Spilers

De Nasjonale Coach mei eltse spiler fan oer de hiele wrâld by syn ploech helje, salang de spiler komt út it lân fan de Nasjonale Ploech, en spilet foar in ploech mei in eigner.

De Nasjonale ploech mei bestean út maksimaal 26 spilers. As de Coach oan dizze limyt komt, moat der in spiler út de ploech setten wurde foardat der in nije spiler byhelle wurde kin. As in spiler út de seleksje setten wurdt, sil de stimming by de oerbliuwende spilers wat sakje. Bûten dat binne der op it stuit gjin oare gefolgen oan it tafoegjen of ferwiderjen fan spilers.

De Nasjonale Coach kin de folledige gegevens sjen fan de spilers dy't by de Nasjonale Ploech hearre, deselde ynformaasje dy'tsto sjen kinst foar de spilers dy't by dyn klup hearre. Wannear't de spiler út de Nasjonale Ploech setten wurdt (of wannear't de termyn fan de Coach ôfrûn is) kin de Nasjonale Coach net langer de ferburgen gegevens sjen.

It mei dúdlik wêze dat de Nasjonale Coach tips fan harren mienskipsgenoaten nedich hat, om te bepalen wat de bêste spilers foar de Nasjonale seleksje binne. Wedstriidwurdearrings en Supporterstats kinne ek helpe by it finen fan de bêste spilers. Spilers dy't yn it bûtenlân spylje kinne soms lestich te efterheljen wêze, dus foar in Nasjonale Coach kin it handich wêze om oaren as assistinten oan te lûken.

 
Server 070