Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Hulp »   Hûsregels »   Dyn gedrach  

Hûsregels

Dyn gedrach

Do kinst in soad dingen yn en mei Hattrick dwaan, mar om it spul foar eltsenien leuk te hâlden, ha wy in stel gedrachsregels opsteld. Dizze regels binne ienfâldich en behoarlik logysk, hja binne tapaslik op alle gebieten binnen Hattrick. Der wurdt fan dy ferwachte datst fatsoenlik mei-inoar omgiest, datst oaren mei respekt behannelst en datst der rekken mei hâldst dat bern ek wolkom binne by Hattrick.Eltsenien dy't dizze rigels brekt kin sûnder warskôging útsletten wurden fan Hattrick. Let op, GameMasters ha absolute autoriteit by it besluten oft ien de regels brekt of net.

It is foar dy as Hattrick dielnimmer net tastien om yn de no folgjende aktiviteiten ferwikkele te reitsjen.

  • It stjoeren fan bedrigings, beledigings of ûnseedlike berjochten, per HT-mail, gastenboekberjochten of op oare wize, nei oare spilers of op de Hattrickfoarums. It spammen fan dielnimmers of foarums, dat is it stjoeren fan berjochten lykas advertinsjes foar spilers, oanbiedingen foar oefenwedstriden dêr't net om frege is, of it freegjen om supporterskip. It is ek net tastien om profaan of oars kwetsend te hanneljen.
  • Pogingen om eigendom fan Hattrick Europe Ltd. te stellen of sabotearjen, of oaren oan te moedigjen dat te dwaan. Dit eigendom omfettet de servers, software en materiaal dat troch auteursrjocht beskerme wurdt.
  • It útlêzen fan de side, of it meitsjen, brûken of fersprieden fan programma's dy't (in) diel(en) fan it spul automatisearje, útsein as dizze programma's tastimming krigen ha fan de ûntwerpers fan it spultsje. Do meist ek net automatysk stikken fan de side op oare siden of yn oare programma's ynfoegje.
  • Falsk spul op eltse wize, lykas wachtwurden fan oare dielnimmers besykje te kreakjen, of yn hokker manier dan ek te besykjen de wille fan oare spilers te fergallen.
  • Pogingen om tagong te krijen ta ynformaasje dy't net op de side toand wurdt, of pogingen om op fergelykbere wize gegevens te ferstjoeren. Do meist allinnich ynformaasje ynlêze en dy't oer de side beweegje mei in browser of in CHPP-goedkard programma.
  • Beskuldigje fan falsk spul, advertearje foar guod út it echte libben (dit befettet ek it referearjen oan koppelingen dêr'tsto foardiel út helje kinst), promoasje fan kriminele aktiviteiten en/of drugs, it iepenbieren fan korrespondinsje mei HT-officials en it diskusearjen fan spesifike GM- of Mod-besluten en it diskusearjen fan yndividuele beslissings.

Ta beslút, mar net minder wichtich, meisto mar ûnder ien namme tagong ha. Wy bliuwe it sizzen, it is ferbean om dy ûnder mear as ien namme oan te melden. Asto dy mei meardere nammen oanmeldst, riskearst diskwalifikaasje, en wurdst út it spul setten. It makket gjin ferskil oft de tagong op namme fan ien fan dyn freonen stiet: asto de manager bist (en de opdrachten jouwst) wurdsto beskôge as de eigner. Dyn tagong sjogge wy as dyn eigendom, dat hâldt yn dat freonen of famylje harren net oanmelde meie om dyn tagong te brûken, en datst him ek net fuortjaan meist. It is ek ferbean om spilers foar dúdlik opblaasde bedragen fan freonen te keapjen, sels al besikest allinnich mar om aardich te wêzen. As ien dúdlik te folle biedt op in spiler fan dy, nim dan daliks kontakt op mei de GMs (spullieders). Om kontakt op te nimmen mei in GameMaster, giest nei ús kontaktside.

Foar eltse situaasje dy't net apart melden wurdt yn de spulrigels, ha de HT-officials (GM, Mod, CHPP) autoriteit om de situaasje op te lossen nei de bedoeling fan de regels. Dêrneist is eltse kommunikaasje mei HT-officials persoanlik en mei hoe dan ek net iepenbierd wurde.

 
 
Server 096