Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Hulp »   Hûsregels »   GameMasters 

Hûsregels

GameMasters

Yn Hattrick binne der in oantal GameMasters. Dit is in lytse groep fan bedreaune en ferantwurdlike dielnimmers dy’t beneamd binne om der wis fan te wêzen dat it spul wurket, om falsspilers tsjin te gean en dielnimmers te helpen as se problemen mei harren ploech hawwe. De GameMasters ha harren sels beskikber steld omdat se it moai fine om te helpen, se krije net betelle foar harren wurk.

Bytiden moatte de GameMasters optrede, en minsken dy't falsk spylje of de gedrachsregels oertrêdzje útslute fan de side. As dit dy bart, en do fynst datst ûnrjochtfeardich straft wurdst, hast it rjocht om in poging te dwaan om út te lizzen wêrom'tst tinkst datst net skuldich bist. Mar - en dit is belangryk - yn Hattrick jilde deselde regels as op it fuotbalfjild.

Do meist neifreegje wêrom'sto skorst bist, mar it is net de Gamemaster syn taak om al harren bewiis op tafel te lizzen. As se altyd oanjaan soenen wêrom't minsken pakt wurde, soe dit yn de takomst in stik dreger wurde. De GameMasters hoege mooglik falsk spul net oan te toanen. It is wol de GameMasters harren plicht om dielnimmers te skorsen dy't neffens harren falsk spylje.

De GameMasters hawwe de autoriteit om ferskate foarmen fan straf út te dielen, fan jildboetes (yn it spul, foar dyn klup) oant komplete diskwalifikaasje fan Hattrick.

Do kinst yn berop gean tsjin besluten fan de GameMasters by de Senior GameMasters, mar de besluten fan de lêsten kinne net oanfochten wurde. Tink deroan dat straffen yn heger berop ferswierd of fermindere wurde kinne as in definityf beslút nommen is.

Wy as Hattrick-ûntwikkelers stypje ús officials. De GM's besprekke regelmjittich de begjinselen mei ús om falsk spul foar te kommen, mar wy minge ús nea yn spesifike saken. De persoanen dy't oansteld binne as officials binne minsken op wa't wy mei ús hiele hert fertrouwe.

Om kontakt op te nimmen mei in GameMaster, giest nei de kontaktside. Brûk asteblyft net ús ynterne HT-mail-systeem om foar spul-relatearre saken kontakt op te nimmen mei ús officials. De ynterne berjochten binne foar harren as managers fan harren klups, net foar harren taak as officials. Dêrneist wurdt alle korrespondinsje tusken officials en dielnimmers beskôge as fertroulik, en moat dus as soks behannele wurde tusken dysels en de officials.

 
 
Server 095