Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Hûsregels

Namme- en logobelied

Hoewol't wy it leafste logo's ha dy't in konneksje mei de ploech ha - op wat foar manier dan ek - steane wy frij iepen foar de ynhâld fan de logo's en nammen oer dy'tst kieze kinst foar dyn ploech. Mar om foar te kommen dat dielnimmers dizze frijheid misbrûke om oaren te beledigjen of te diskriminearjen (oft it no mei sin is of net) en ta beskerming fan lûden út ferskiedene groepen froulju, âlders en minsken út lannen of religys wei mei strakkere wearden - binne guon dingen net tastien om yn dyn logo of as namme te brûken. Hattrick moat foar eltsenien leuk en feilich terrein wêze, en dat mei net ôfhingje fan harren leeftyd, geslacht, ôfkomst, ras of religy.

  • Gjin beledigjende, diskriminearjende of oars minachtsjende nammen/logo's (foar groepen of oaren), ynklúsyf symboalen fan rasistyske, fasistyske of terroristyske organizaasjes.
  • Gjin seksuele ynhâld, ynklúsyf neakenens, diel-neakenens of seksueel útdaagjende hâldingen. Minsken moatte fatsoenlik klaaid wêze.
  • Gjin promoasje fan criminele aktiviteiten of it brûken fan yllegale saken of stoffen.
 
 
Server 096