Jeugdspilers
De spilers
Dyn jeugdploech kin maksimaal 18 spilers op itselde stuit herbergje. Spilers dy't tatrêdzje oant dyn jeugdploech sille 15-16 jier âld wêze. De measte fan harren feardigens moatte noch ûntdutsen wurde, dus do kinst harren feardigens en karakters net allegear sjen sa as by de spilers yn dyn senioareploech. Om dyn spilers te ûndersykjen moast se útbesykje op ferskate posysjes op it fjild, om te sjen wêr't se it bêste spylje kinne. Om dy te helpen binne der de wurdearringsstjerren, in oantal opmerkings fan dyn skout en it treningsrapport. Troch te trenen silsto mear te witten komme oer harren feardigens, mear fynst hjiroer yn de seksje trening. Dêrby jout it wedstriidferslach út en troch in hint.