Hulp »   Hânlieding »   Jeugdspilers »   De skouts 

Jeugdspilers

De skouts

Skouts wurkje op deselde wize as mei it skoutingnetwurk. Do kinst maksimaal trije skouts ynhiere, mar nea minder as ien op 'e leanlist ha. Do kinst kieze yn hokker lân en regio oft hy nei talinten sykje moat, en do kinst him ek fertelle dat hy sykje moat nei in spesifyk soart spiler. As do ​​​​in skout fregest om foar in bepaalde posysje te sykjen, hawwe spilers meastentiids in bytsje legere oeral-feardigens.Elke wike sille se elts ien talint oan dy presintearje. Do moatst kieze basearre op de beheinde foar dy beskikbere ynformaasje. Do kinst mar ien spiler per wike rekrutearje, en de spilers dy't do ôfwiist sille harsels noait wer oanbiede by dyn klup ...Do meist ek ekstra skouts hiere asto dat wolst, mar do kinst net mear as trije skouts ha (en net minder as ien).

 
Server 071