Jeugdspilers
Skoutingnetwurk
Do kinst eltse wike in nije spiler oanlûke troch dyn skouts it lân yn te stjoeren om in nije spiler foar dyn senioarenploech te finen. Foar elke skout dy't do ynhierst, sil elke wike ien talint presintearre wurde. Der kin lykwols mar ien keazen wurde.
Do kinst net sykje op in bepaald type spiler, útsein fan de keuze tusken in doelferdigener of in fjildspiler. Rekkenje der net op datst alle wiken topspilers ûntfangst.
De measte spilers dy't dyn skouts oanriede sille sels net goed genôch wêze foar dyn reserves. Ast ien of twa ûntfangst dy't yn dyn ploech meidraaie kinne, meist tevreden wêze - tink ris oan hoe't it yn it echt wurket!
Do kinst maksimaal trije skouts ynhiere, dy't elk in wykliks salaris krije. Elke skout op dyn leanstripe kin ynstruksjes krije wat te dwaan. Do kiest hokker regio yn dyn lân se nei talint sykje sille, en do kinst kieze oft se primêr sykje moatte nei in bepaalde posysje of nei hokker soarte fan spiler. As do nei in bepaalde posysje sykest, silst in talint fine dy't better past by wat do nedich hast, mar do kinst spilers misse dy't yn it algemien mear talint ha.
Do kinst nei eigen ynsicht ekstra skouts ynhiere en ûntslaan, mar do kinst nea minder dan ien skout ha.
Do kinst mar ien jeugdspiler per wike promovearje út dyn skoutingnetwurk.
Ynfoarmaasje oer de aktiviteiten fan dyn skoutingnetwurk kinst fine yn it menu "Myn Klup", ûnder it kopke "Jongerein".