Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Jeugdspilers

Jeugdspilers

Do kinst nije spilers krije foar dyn senioareploech troch jeugdspilers te ronseljen. Dit kinst op twa manieren dwaan:

  • Ronselje in spiler fan bûten ôf, direkt nei dyn senioareploech ta troch it brûken fan it skoutingnetwurk.
  • Start in jeugdakademy, ronselje talinten en ûntwikkelje harren. Spylje wedstriden tsjin oare jeugdploegen yn private of iepenbiere kompetysjes en promovearje úteinlik dyn talinten nei dyn senioareploech.

Promoasje fan in willekeurige spiler fan bûten dyn senioareploech is in ienfâldige en effektive wize om nije spilers oan te lûken. It bestjoeren fan in jeugdakademy is mear útdaagjend, mar kin ek in protte mear wille jaan.

Do kinst mar ien systeem tagelyk brûke. Ast in aktive jeugdakademy hast, kinst gjin jeugdspilers út it skoutingnetwurk helje. Mar dyn akademykosten telle ek mei as ynvestearrings yn it skoutingnetwurk, dus ast dyn akademy slute en it skoutingnetwurk brûke wolst, makket dat it makliker foar dy.

 
 
Server 080