Wy brûke cookies - dy helpe ús om dy in bettere online erfaring te jaan.
Troch ús webside te brûken giest dermei akkoard dat wy cookies op dyn apparaat opslaan en útlêze kinne.

Hulp »   Hânlieding »   Oerstappen 

Foarbylden fan autobieding

Twa autobieders biede tsjininoar

Wannear't twa autobieders tsjininoar op biede, ferheget de ploech dy't it twadde maksimumbod pleatst earst it aktuele bod mei it minimumbedrach. Dan fergeliket it systeem de twa boaden, en pleatst daliks it beslissende bod.

Foarbyld: Ploech A pleatst in maksimumbod fan €50.000, en krijt dêrby it heechste bod fan €20.000. Dan pleatst ploech B in maksimumbod fan €40.000. De biedingenskiednis sjocht der dan sa út:

Ploech A - €20.000
Ploech B - €21.000
Ploech A - €41.000

Sa ast sjochst, besjocht it systeem de twa biedingen en slacht de tuskenstappen oer oant wêr't Ploech A mei de minimale ferheging oer Ploech B syn heechste bod (40 000) hinne giet.


Yn it gefal dat twa ploegen itselde maksimaal bod pleatse

Yn it gefal dat twa ploegen itselde maksimaal bod pleatse, is de basisregel dat it bod fan de earste bieder telt. As wy it foarbyld hjirboppe brûke mei it ferskil dat Ploech B ek in bod fan €50 000 makket, sil it der sa útsjen:

Ploech A - €20 000
Ploech B - €21 000
Ploech A - €50 000

It systeem besjocht de twa biedingen en slacht de tuskenstappen oer. As it maksimale bod lyk is foar beide ploegen, jildt it bod fan de earste bieder.


Yn it gefal dat in hânmjittich bod dien is dat lyk is oan in aktyf maksimumbod

As ien in hânmjittich bod docht dat lyk is oan in aktyf maksimumbod, dan ferliest it bod fan de earste bieder (de autobieder). Dit is om't hânmjittiche biedings foar automatyske biedings gean. It sil der sa útsjen yn de biedingsskiednis:

Ploech A – €20 000
Ploech B – €50 000


Yn it gefal dat ien in hânmjittich bod docht dat leger is as in aktyf maksimumbod, mar it aktive maksimumbod net heech genôch is om it normale bod mei 2% te ferheegjen

Dan jildt wer de basisregel dat in hânmjittiche bieding foar in automatyske bieding giet. Brûk it foarbyld fan hjirboppe, mar dat ploech B yn plak dêrfan €49 500 biedt. Ploech A kin it dan net ferheegje om't syn maksimaalbod €50 000 is, en de bieding einiget mei Ploech B as winner. It sil der sa útsjen yn de biedingsskiednis:

Ploech A – €20 000
Ploech B – €49 500


Tebek >>
 
Server 071